| |
| |
| |
Sjoerd Bottema
Mozes yn Westerwierrum
1
Dûmny De Boer hie him heech oprjochte yn 'e preekstoel. Hy song de gemeente foar mei heldere fêste stim. Zalig zij, die zijn zachtmoedig: 't aardrijk zal hun erfdeel zijn. Wilens eage er de tsjerkebanken oer. Hy koe tefreden wêze: der wiene amper noch lege plakken.
It wie him in rike, swiete treast dat se him, yn de trije jier dat er hjir no stie, nea ûntrou wurden wiene, hoe't se earst ek oan him wenne moasten, en hy oan harren. De minsken hjir wiene him te stiif, te behâldend, te steil yn 'e lear. Se hiene him raar oansjoen, dy kear dat er sûnder toga preke en de preekstoel leech bleau. Hy woe him net boppe de minsken ferheffe, hy woe ûnder en tusken har stean. Sis mar Kees, hie er sein.
Fan sokke fratsen hiene se yn Eastergeast gjin ferlet.
Hy besocht it noch ien kear. Doe spruts de tsjerkerie him der oer oan. Suchtsjend hise er him wer yn it swarte kleed en beklom op 'e nij de preekstoel.
Wat dat oanbelange, hie syn kollega yn Westerwierrum it in stik nofliker. Dêr wiene se folle makliker. De tsjerkegong telde dêr lykwols gâns minder. Yn 'e fredesgroep dy't Te Wyckel oprjochte hie, sieten mear minsken as sneins yn tsjerke.
Dat wie ek net bêst fansels, as je stiene te preekjen foar tsien of tolve minsken, meast âlden fan dagen, de jongerein liet it hielendal ôfwitte. Te Wyckel preke ek noch yn twa oare doarpen, mar dêr wie it al net folle better. Nee, as it der op oankaam, woe er dochs leaver net ruilje mei Te Wyckel, ek al preke er sels, yn dizze grôtfolle tsjerke, alle sneinen wer, miskien noch wol mear tsjin 'e muorren as syn kollega yn Westerwierrum.
It minimale fredesgroepke fan Eastergeast hie er ynearsten ûnderbrocht by dat fan Westerwierrum. Dat joech wer nije opskuor. Dat dûmny minsken fan hjir nei dat Sodom en Gomorra stjoerde, dat wie in regelrjochte skande. Syn antwurd dat der yn Eastergeast te min animo wie foar in fredesgroep en syn oprop om dêr dan wat oan te dwaan, hie sân nije sympatisanten opsmiten, sadat se no mei syn tsienen wiene en min ofte mear op eigen krêft fierder koene. Sa wie it dus dochs noch slagge: in fredesgroep yn Eastergeast. Zalig zij die vrede maken, kind'ren noemt men hen van God. Hy wie der suver wat grutsk op, sa bretaal as er dat spile hie. It wie syn earste
| |
| |
en oant no ta iennichste wapenfeitsje. Nee, der wie noch wat. Eat dêr't er sels part noch diel oan hân hie. Mar yn Eastergeast tochten se dat er der foar troch it fjoer gongen wie: tusken de grutte kliber dy't de tsjerke besette, alle sneinen, allegear út Eastergeast, allegear fan itselde slach, oft it no man of frou wie, jong of âld, it stive behâldende slach dat syn plichten wit en de tsjerke noch wit te finen, mar de wrâld de wrâld lit, dêr sil God Him wol mei rêde - tusken dat deade hout wie dochs in nije leat opsketten, ien dy't it leauwe net fan 'e widze ôf yndruid wie, mar dy't it ljocht sels fûn hie, in lette bekearling, út Westerwierrum noch wol: Ynse Kamsma, âld-boerearbeider, âld-hurdrider, dik yn 'e santich, spikergek, mar fierder noch sa geef as kryt en sterk as in dyk.
Yn Westerwierrum hiene se de gek mei Ynse, yn Eastergeast waard er ynhelle as de ferlerne soan. Alle sneinen stapte Ynse, waar of gjin waar, op syn rustige fyts en trape piipjend en kreakjend nei Eastergeast.
Dûmny De Boer seach de rijen oer. Hy hoegde net lang te sykjen. Ynse kaam yn 'e regel as ien fan 'e earsten en hie syn fêste plakje. Jawis, dêr siet er wer, dy âlde gek. Wylst it oargel de slotakkoarden spile, skimere de tekst dêr't se dat liet mei ynset hiene, dûmny De Boer noch foar eagen: Zalig zijn de geest'lijk armen, hunner is het Koninkrijk, want, o wonder van erbarmen, juist de arme maakt God rijk.
| |
2
Ynse hie de kop der noch net hielendal by. Hy wie noch oan it úthymjen fan syn yn-'ewynske reis nei Eastergeast, doe't Gezang 210 ynsetten waard en dat hie syn siken gjin goed dien. It waaide in heale stoarm, en dat by in temperatuer fan 25 graden, dat it hert sloech him achtentachtich en it swit stie him yn kobben op 'e harsens doe't er einlings it âld rikrak tsjin it tsjerkestek kwakte.
Hy joech oars nergens om, Ynse. 't Mocht eazgje, 't mocht stoarmje, Ynse hold de kop der foar. De bealch derop, dêr wie noch noait ien minder fan wurden. It wie dy nuvere kombinaasje fan stoarmwaar en waarmte, dy't makke dat er it sa krap hie. En je wienen fansels net in jongkeardel mear. Je rûnen al aardich nei de tachtich en dat wie dan soms dochs te merken. Ynse hie it gefoel dat it tochtje fan Westerwierrum nei Eastergeast mear fan him ferge hie as de Alvestêdetocht fan 1929. Doe hie de bealch der oars ek goed op moatten! Jonge jonge ja, wat in bealgjen hie dat west. Godkristus noch oan ta, ja.
Sunt syn bekearing hie Ynse him oanwend om elke kear as him wat oars op 'e lippen lei, godkristus te sizzen. Dêr misseine je neat mei en likegoed lei it moai rûn yn 'e mule, wat ek wol bliken die út it feit dat dy nije term wûndere gau in automatisme waard. As God Ynse oan de lippen ûntstige, kaam Kristus der like flot achteroan rûgeljen as
| |
| |
eartiids dat heidenske ferdomme.
‘Godkristus, wat ha ik wat ôfbealge yn myn libben,’ sei Ynse gauris.
En sa wie it. Meastentiids by de boer. Dat ferhaal fan dy minne en strieminne boeren, dêr koe Ynse fan meiprate. Godkristus, wat wiene dat in wrede hufters. Mar Ynse gong der noait foar omlizzen. Om de soademiter net. Dus dat wie bealgjen fan moarns ier oant jûns let en tuskentroch de PC winne of de Alvestêdetocht útride. Op sokken, want reedridersskuon wiene foar in arbeider doe net te beteljen. En as Arie Kleywegt der doe yn 1929 by west hie en hy hie Ynse frege hoe't er him dat flikt hie sûnder dat de teannen him ôffrearen, want it frear dy deis 15 graden en der stie in stive noardeastenwyn, dan soe Ynse sein ha: Drie paar sokken en uierzalf.
Dy salve, dat wie noch ris bêst spul. Oeral foar te brûken, winters tsjin 'e kjeld en simmers tsjin it ferbrânen. Ja, dat hie er tsjin Arie Kleywegt sein. Uierzalf. De vrouw gebruikt het ook. Als ze splijterige lippen heeft. Of een droge pruim.
‘Jim hiene it gesicht fan dy Arie Kleywegt sjen moatten.’
‘Arie Kleywegt lei doe noch net iens yn 'e ruften, Ynse.’
Likegoed boldere Ynse fan it laitsjen, it wie ek om jin de bûsen út te skuorren, dat festuivere kopke fan Arie Kleywegt. In pear likjes salve, meneer Kleywegt, en it sopket wer as in wiete strontlears yn in weake jister.
En dan rôlen de triennen Ynse oer de wangen, earst fan it gnizen, en dan fan it gulen, want it wie ûnfoech praat dat er útslein hie, soks paste in kristenminske net, dêrom wie Aukje ek by him weirûn, om syn ûnfoege praat en syn grouwélige flokken. Kristlik wie se wurden, Aukje, sa fyn as poppestront. Se gong no alle sneinen nei tsjerke yn Eastergeast om foar him te bidden. Godkristus ja, sa wie it. Mar sa soe it net langer, snein soe er der hinne en helje har thús. Hy wie no ek kristlik, hy lies alle dagen de bibel. Syn Alvestêdekrúskes hie er yn 'e jiskeamer smiten, soks wie mar selsferheffing, dy medaljes, der wie mar ien krús wichtich en dat wie it krús dêr't de Heare Jezus oan stoarn wie, om it foar ús, sûnders, wer goed te meitsjen mei God.
As it ien kear sa fier wie mei Ynse, dan dûnse er op hannen en fuotten. Hy soe har helje, godkristus. Inkeld wie der ris ien dy't it begrutte.
‘Aukje is dea, Ynse.’
Dan droege Ynse syn triennen en kaam der in slûchslim glimke om syn mûle.
Jawis, Aukje is dea.
Sneins siet er likegoed wer op 'e fyts. Waar of gjin waar. De bealch derop, godkristus.
Gelokkich ried der net folle ferkear tusken Westerwierrum en Eastergeast. As er yn
| |
| |
'e wyn hie, slingere Ynse fan 'e iene kant fan 'e dyk nei de oare. Neffens dy fan Westerwierrum mocht it in wûnder hjitte dat Ynse noch noait ûnder in auto kaam wie, yn Eastergeast skoden se it op de Hear. As Hy Ynse net alle kearen hoede hie op syn reizen fan Westerwierrum nei Eastergeast en werom, dan hie er allang kroandea west. Sa die syn bekearing dus sichtber fertuten. Mar Aukje fûn er der net troch werom.
It wie ek mar de fraach oft Aukje dêr ferlet fan hie. Sa geweldich hie se it by Ynse net hân, materieel net, sosjaal net en seksueel net. In arbeiderslean wie destiids gjin fetpot. Letter waard it al wat better, mar breed hat it der noait by sitten by Ynse en Aukje, want de drank waard yn 'e rin fan 'e jierren hieltyd djoerder en Ynse syn toarst net minder. Dy drank makke dat Ynse noch grouwéliger flokte as er oars altyd al die. Boppedat sieten de hannen him dan gauris los oan it liif. It iennichste foardiel fan sa'n bealch fol drank wie dat er him dan meastal fuortendaliks deljoech en net earst út 'e broek hoegde. As Ynse dêrta oanstalten makke, begûn Aukje har altyd daliks mislik te fielen en waard har skoat droech en stroef as kramtrie. Dat de uierzalf moast der gauris oan te pas komme. En ek al makke Ynse dêroer nei bûten ta wakker wille en hie er dan in grut wurd, yn werklikheid taaste er mar komselden nei dat wûndermiddel, hie er allinne mar de smoar yn en raamde er gewoan troch sûnder op Aukje har kermjen acht te slaan.
Miskien wie alles wol oars wurden as der bern fan kommen wiene. Bern om oer yn noed te sitten, om grutsk op te wêzen, om yn beskerming te nimmen. No wie der allinne mar de soarch om it jild en Ynse syn dranksucht. En sa no en dan in wân op 'e hûd of in raam yn it ûnderliif.
Doe't se hast 50 jier troud wiene, rûn Aukje fuort. In deimannich letter fûnen se har yn 'e Brekken, in pear kilometer bûten it doarp. Dat Aukje it har oanseach, dêr koe elkenien wol ynkomme, mar dat soks nei 50 jier noch yn har opkaam, en krekt yn in snuorje dat it allegear wat better gong - Ynse wie de lêste jierren in stik rêstiger wurden - dat wie al nuver, ûnbegryplik hast. Miskien hie it dochs allinne mar in ûngelok west.
Ynse flokte earst it hiele hûs byinoar doe't er ûntduts dat Aukje der útnaaid wie. It flokken gong oer yn stúmjen. Doe't se him fertelden wêr't se Aukje fûn hiene, waard er hielendal lyts man. In heal oere letter stie er by de bushalte.
It hat in pear wike duorre foar't er wer yn Westerwierrum opdûkte, as in ferlerne soan, it himelsk ljocht yn 'e eagen. De minsken wiene earst ferstuivere, mar hiene al gau wakker wille en ynstee fan him it doarp út te wâdzjen, lykas se earst fan doel west hiene, hellen se him waarm yn as de nije doarps- | |
| |
gek. Doe begongen ek de sneinske ritsjes nei Eastergeast.
As jonge hie Ynse al wol ris yn tsjerke west mei syn heit en mem. Dy gongen lykas de measten yn Westerwierrum ien kear yn it jier, mei krysttiid. It tsjerkefolk bestie doe eins allinne mar út boeren, arbeiders en in hantsjefol winkel- en ambachtslju. En it wie goed te sjen wa't wat wie. Ynse syn heit hie it noait sa op boeren stean hân, op boeren yn 't algemien net en op dy fan Westerwierrum yn 't bysûnder net. Ynse soe dêr letter sels noch ûnderfining mei opdwaan doe't er oan it wurk rekke by Kylstra, in grouwe boer mei it boarst foarút en de hân op 'e knip, dy't buorke op de pleats, dêr't eartiids in stins stie, Grut Koldehou, in namme dy't dy eigenwize boer yn grutte letters op 'e hikke fan 'e homeie setten hie. Op dy pleats - dêr't noch altyd in Kylstra buorket, in pake- of oerpakesizzer fan dy âlde bok - hat Ynse mear as 25 jier as boerearbeider bodde en bealge. Sûnder dat er der oait in lintsje foar krigen hat. Net dat dat Ynse doedestiids wat skele koe, sa'n lintsje, hy skiet doe op lintsjes, it leafst by de keningin op 'e stoepe, mar even sa goed: mear as 25 jier.
Dy Kylstra dat wie dus in strieminnen. Mar der wie noch in minder slach, wie Ynse altyd foarholden, minder as striemin: fine boeren. Dy hiene je yn Eastergeast.
Dat wiene dus, hie Ynse no wol yn 'e rekken, allegear mar praatsjes. De minsken wiene hjir ommers sa freonlik as wat, hiel wat better as yn Westerwierrum, dêr't se him útlaken en wiismeitsje woene dat Aukje dea wie. Hjir yn Eastergeast waard noait oer Aukje praat en as er nei har frege, dan laken se him net út mar glimken begripend en bemoedigjend: nee, wy ha har net sjoen, mar miskien komt se noch.
Nee, dy finen wiene sa beroerd noch net. As se allegear sa wiene as de minsken yn Eastergeast, dan seach de wrâld der hiel wat better út. Oft der ek fine boeren tusken sieten, wist Ynse net, safolle boeren wiene der net mear en hy koe it der oan 'e bûtenkant ek net langer mear oan ôfsjen. Dy ferskillen fan eartiids, dat seagen je lang sa net mear, yn Eastergeast yn alle gefallen net. Dêr hiene dy kommunisten no altyd sa'n grutte bek oer hân, dat elkenien gelyk wie, dat elkenien rjocht op itselde hie, en dat brochten se yn sa'n kristlik doarp as Eastergeast yn 'e praktyk. Dy finen, dêr't se yn Ynse syn fermidden altyd sa op omskeld hiene, dy sieten hjir allegear trochinoar hinne sûnder acht te slaan op rangen en standen.
Eins wie it ek wer net in wûnder dat krekt yn sa'n kristlik doarp te sjen wie wêr't de readen altyd de bek fan fol hân hiene. Want in kristen sil him net op syn rang foarstean litte, in kristen wit himsels nederich en knibbelet foar de Heare. En Dy makket, as it om
| |
| |
rangen en standen giet, al hielendal gjin ferskil, wy binne ommers allegear sûnders en dus allegear minder as stof. Hy sjocht net nei uterlike steat mar yn it hert fan 'e minsken. Hy telt harren sûnden en peilt de djipte fan harren berou. Fan Ynse hie de Heare wat mear wurk as fan de oaren: dy syn sûnden wiene amper te tellen en syn berou net te bedjipjen.
Fine boeren? Ynse soe der net ien oanwize kinne en dat allinne al pleite foar harren, want se soene der grif tusken sitte, dat koe al net oars op sa'n doarp. Nee, dy strieminne boeren, dy sieten yn Westerwierrum. Sa'n Kylstra bygelyks. Godkristus ja. Ek al wie it tsien kear Alvestêdetocht, Kylstra grommele en gnaude dat er syn arbeiders net ynhierde foar setsjes en pretsjes en Ynse koe mar mei lijen oerdeis frij krije. De moarns en de jûns moast er likegoed as oars melke fansels. Dat Ynse moast sa ûnder de kij wei op redens. Hy hie amper tiid om him te ferstrûpen, want jûns om melkerstiid hie er mar presint te wêzen. En de nachts fan tefoaren hie Kylstra him noch út bêd raamd om't der in ko kealje moast. Dat fan sliepen wie net folle mear kommen. Mar even sa goed streke Ynse op syn houtsjes moai helder foar de oaren út. En jûns om healwei seizen siet er wer op 'e tuolle!
| |
3
Dûmny hie de tekst fan Exodus 15:1-2 as útgongspunt foar syn preek keazen. Ik wil den Here zingen, want Hij is hoog verheven, het paard en zijn ruiter stortte Hij in zee. De Here is mijn kracht en mijn psalm, Hij is mij tot heil geweest. It liet dat Mozes en de Israëliten songen doe't God har feilich troch de Reade See laat hie, dy't foar har iepenspjalte mar Farao en syn legermacht ûnder it wetter bedobbe.
Mei spjelde en nulle bestuts dûmny de pleagen dêr't God it âlde Egypte mei strafte. It wetter dat yn bloed feroare. De kikkerts dy't manmachtich ta de Nijl útsetten kamen, ta hûs en sliepkeamer ynkrongen, oer it bêd hipten en ûnder de lekkens krûpten. De neven en stekmiggen dy't yn swermen op minske en bist ôfkamen, it fee dat deagong oan de pest, de swolmen dy't minske en bist oer it hiele lichem bedutsen en dy't as pûsten útbrieken, de hagel dy't yn it hiele lân alles delsloech wat op it fjild wie, fan minske oant bist, de sprinkhoannen dy't al it lân en alle beammen keal frieten. Doe foel it tichte tsjuster dat it hiele lân opslokte, sadat net ien mear in hân foar eagen sjen koe. En lang om let kaam de Dea, dy't alle huzen delgong en net ien oersloech. Oeral dêr't de dea kaam, dêr sloech er it âldste bern.
Dûmny De Boer soe dûmny De Boer net west ha as er gjin kâns sjoen hie in line te lûken nei de aktualiteit. Hy ferlike de posysje
| |
| |
fan Mozes en syn folk tsjinoer Farao mei dy fan de fredesbeweging tsjinoer it militêryndystriële kompleks. De pleagen dy't it âlde Egypte teisteren, dêr hoegden wy anno 1980 ek net lang om te sykjen, dy leine foar it opkrijen, om mar te swijen fan wat oer ús komme soe as de Bom foel.
Dan soe yndie de see yn bloed feroarje en dy't dat oerlibben, dy wiene der noch minder oan ta, folle minder noch as de âlde Egyptenaren, dy't te krijen hiene mei sichtbere fijannen: kikkerts, miggen, neven, sprinkhoannen, hagel - ferskriklik genôch mar net te ferlykjen mei de ûnsichtbre strieling dy't alles fergiftigje soe, minsken, bisten en planten - en hjir die dûmny even in hap en en snap út Exodus (9:9): Dan zal het tot stof over het gehele land worden, het zal bij mens en dier in het gehele land tot zweren worden, die als puisten uitbreken. En de minsken soene har kermjend yn it stof rôlje en ferlangje nei it grutte tsjuster, dat by einsluten komme soe: de Dea, net allinne foar de earstberne soannen en dochters, mar foar alles en elkenien.
Dûmny naam der even in slokje wetter op.
Mar doe brânde er der op 'e nij yn: Farao dy't de tekens net sjen woe, dy't ferhurde yn syn stribjen nei macht - wie it net allyksa mei de hjoeddeistige machthawwers? Mar sa't Mozes yn 'e ein wûn hie, doe't er syn folk út Egypte late, it like in flecht mar it waard in oerwinning, dêr by de Reade See - sa't Mozes yn 'e ein wûn hie, út in nei't it like hopeleaze posysje wei, doe't it wetter fan de Reade See, dy't iepenspjalte foar Mozes en syn folk, werom floeide en de weinen en de ruters fan Farao beduts - der bleau fan harren net ien oer - sa soene ek de fredeskrachten fan no it by einbeslút winne.
‘Dy hope, dy moed meie wy net ferlieze. As wy mar yn it wûnder leauwe wolle, lykas Mozes dat die, dan sil ienris de tiid oanbrekke dat ek wy midden yn 'e see op it droege rinne, wylst links en rjochts fan ús it wetter stiet as in muorre. En dan sjonge wy no Gezang 128, de fersen twa en trije.’
| |
4
It folk yn 'e tsjerke hie wat ûnwennich nei de preek sitten te harkjen. De driigjende toan dy't dûmny sa no en dan oansloech, kaam de measten oars wol fertroud foar. It wie soms even as hearden se wer it bolderjende lûd fan dûmny Snijders, de foarige dûmny, dy't mear as in fearns ieu te Eastergeast stien hie. En dûmny syn skermjen mei sykten, swearen en sprinkhoannen gong der yn as koeke. Sok apokalyptysk preekjen, sok stoarjen yn 'e ôfgrûn, dêr krigen se pikefel fan yn Eastergeast. Pikefel fan genot. Jawis, want tagelyk wie der ommers it rotsfêste betrouwen dat it hjir allegear sa hurd net fleane soe. Dy ferskriklike dingen, dat wie wol spannend mar net echt bedriigjend, want dy barden
| |
| |
altyd dêr, fier fuort, yn 'e bibel of op 'e televyzje, mar noait yn Eastergeast. No ja, der wie der wol ris ien dea gongen oan kanker, der wiene der in pear fersûpt en ûnder de auto rekke, yn 'e oarloch waard Jelte Schukking troch de Dútsers oppakt en tsjin 'e muorre set en yn 'e sechtiger jierren hiene se yn Westerwierrum Binnert van der Wal deastutsen, mar fierder wie hjir noait net folle ferskikliks bard. Nee, dat fljocht hjir sa hurd net. Salang't wy mar wat op ússels passe. Dea en ferdjer, in see fan bloed, yn Eastergeast hiene se wol aardichheid oan sokke dingen. Salang't it dûmny wie dy't it sei, rekken se der yn Eastergeast net fan oerstjoer, want djip yn harren hert seagen se dy man op 'e preekstoel, mei alle respekt fierder, dochs foaral ek as in stúthaspel, dy't it moai opsizze koe en it allegear goed bedoelde, mar dêr't je yn 'e praktyk net folle mei koenen. Dat hie ûnder dûmny Snijders net oars west.
Dochs gongen de ferhalen fan dûmny De Boer der net altyd yn as de bekende preek yn 'e âlderling. Hy sloech der soms nochal nuver yn om, fûnen se yn Eastergeast. No ek wer. Mozes as atoompassifist, dêr hiene se yn Eastergeast noch noait fan heard. Tiid om der langer oer nei te tinken krigen se net (hiene se ek gjin ferlet fan, it wie harren wol best), want de oargelist sette Gezang 128 yn en de meldij fan dat liet koene se yn Eastergeast mar amper, dat it ferge alle oandacht en konsintraasje om it oargel by te hâlden:
van ons leven overstromen,
ja, verkwik ons door Uw troost
Laat Uw heil'ge liefdegloed
en versterk in ons den moed
om, den eeuw'gen nacht ontvloden,
voordat wij tenondergaan,
| |
5
Ynse hie de gong der moai yn. Hy hoegde suver net te traapjen, de wyn blies him fansels de goede kant út. Hy fielde him as wie er Mozes sels. God wie de wyn dy't him late.
Doe't er healwei Westerwierrum wie, hearde er in kikkert krôkjen. En dat by ljochtskyndei! It wie in teken, tocht Ynse. De Heare joech him in teken. Al te lang hie de Heare Him besaud oer de Westerwierrumers, dy't Aukje ferburgen holden en har net gean litte woene.
Lytse michjes fleagen Ynse yn 'e eagen en yn 'e mûle. Mar hy joech der neat om. Tekens wiene it. Tekens fan 'e Hear. Hy soe Westerwierrum slaan mei pleagen. Dy kik- | |
| |
kert en dy miggen, dat wiene de earste tekens.
It goddeleaze Westerwierrum, de Heare soe it slaan mei pleagen. It fee soe stjerre oan 'e pest. En by de minsken soene de swearen as pûsten útbrekke. In kâld sigentsje struts Ynse even lâns de nekke. Hy seach achterom. Dêr berûn de loft.
Der rûn in skerpe skieding tusken de heldere simmerloft en it driigjende donkerblau, dat as in inktflek him útwreide en op guon plakken útskaaide nei pears.
Godkristus, dat gong noch hurder as er tocht hie!
De Heare woe hjoed koarte metten meitsje. Dêr kaam de sande pleach al oan. Oer Westerwierrum soe it balstiennen hagelje.
| |
6
Westerwierrum wie fleurich mei flachjes fersierd. It wie dêr merke. Op it plein wie it foaral drok mei memmen en bern, want dêr stie de draaimoune. Op it sportfjild wiene se begongen mei de earste omloop fan it merkekeatsen.
Der wie even in lyts trelit doe't Ynse Kamsma it doarp ynjakkerjen kaam en hast in pear memmen mei bern fan 'e sokken jage. De heit fan ien fan 'e bern woe Ynse even oan, mar de oaren bêden him wer del - de stimming wie noch nochteren, it grutte sûpen moast noch begjinne -: wyn dy net op oer dy âld man, hy hat se ommers net allegear op in rychje, lit mar gewurde ju, hjoed of moarn komt er dochs wol ûnder in auto.
In pear opslûpen jonges sprongen op harren brommers. Se hiene der wol nocht oan om dy âld gek noch even achter de broek te sitten. Wêr soe er sa hurd hinne moatte? Se rieden Ynse deun op it tsjil, goaiden dan de fersnelling yn 'e frijloop en draaiden it gas hielendal iepen, sadat harren bakbisten fan brommers, it wiene suver motors, alderaaklikst begongen te janken.
Doe't Ynse it lûd fan de brommers fernaam, bûgde er hielendal foaroer, plat as in hazze, en ferdûbele syn gong. Sa hastich as er it doarp ynjage wie, sa fluch wie er der wer út. Se lieten him op it lêst mar fleane. En dat wie it moaiste noch: Ynse like der neat fan te fernimmen dat er syn achterfolgers kwyt wie, hy jage troch mei deselde needgong, as hie de duvel him by it krús. De jonges wiene slap fan it laitsjen. Doe't Ynse al hast út it sicht ferdwûn wie, lei er noch hieltyd plat oer it stjoer.
| |
7
It droande, jankte en fluite yn syn earen. It moasten der hûnderten wêze dy't him no neijagen. Hy hie ek auto's starten heard. En trekkers! Boeren op trekkers. De minne en strieminne boeren fan Westerwierrum. Allegear woene se him dea ha. Mar foar him
| |
| |
trille de loft boppe it wetter fan 'e Brekken. Dat wie de geast Gods dy't oer it wetter sweefde, dy't it wetter iepenspjalte soe lykas Er dat foar Mozes dien hie, en it soe him, Ynse, ta in trochgong wêze. Yn 'e midden fan 'e Brekken soe er op it droege rinne, links en rjochts fan him stie it wetter as in muorre en oan 'e oare kant wachte Aukje, syn Aukje, dy't se yn Westerwierrum ferburgen holden, dy't se net gean litte woene, mar de Heare hie har opnommen en meifierd nei de Brekken, nei de oare kant fan 'e Brekken, dêr't it feilich wie, want as de Westerwierrummers har oer de Brekken weagen, dan soe it wetter weromfloeie en soene se allegear fersûpe, mei har auto's, har trekkers, har brommers.
Hy hoegde net om te sjen om te witten hoefolle oft it der wiene. It wie it hiele doarp. De Heare hie Westerwierrum ferflokt. Hy soe se allegear de Brekken ynjeie. Net ien fan harren soe der oerbliuwe.
In 500 meter foar de Brekken hold it paad op. Ynse smiet de fyts oan 'e kant, draafde troch it lân en sprong oer greppels en fearten as yn syn bêste jierren.
Dwers troch de reiden skeat er streekrjocht it wetter fan 'e Brekken yn. Syn fuotten sakken wei yn 'e blaumodder en mei de gong dy't er hie, sloech er daliks foaroer. In fraksje fan in sekonde seach er de skym fan Aukje oan 'e oare kant, doe wie it wetter as in muorre foar syn eagen.
De Brekken binne oant fier út 'e kant wei maklik te bedjipjen, dat fersûpe docht men dêr net sa gau. Ynse hie it oars wol wollen, hy hat ek noch besocht om lizzen te bliuwen dêr't er lei, mar syn oerlibbingsynstinkt wie sterker as syn wil: hy hold de siken yn en de mûle stiif ticht. Doe't er sawat stikte, tilde er hastich de holle boppe wetter.
De earste fiif minuten hie er noadich om út te hymjen. Doe pas foel it him op hoe stil as it wurden wie. Der stie gjin suchtsje wyn mear.
Ynse spitste de earen. Hy fertroude it saakje net. Se woene him ferrifelje. Se wachten oant er him omdraaie soe. Krekt doe't er hoeden foaroer glide woe, om nei de oare kant te swimmen, skeat der in ljochtflits oer it wetter en hearde er achter him in kreakjende tongerslach. Doe waard it him te machtich: hy draaide de holle oer it skouder.
Der hong in gielgrien ljocht oer it ferlitten fjild. Westerwierrum bestie net mear. Dêr wêr't it doarp west hie, hong no allinne mar in inketswarte loft. Ynse klattere op 'e wal. Der luts in slûchslim glimke om syn mûle. Jawis, Aukje is dea. Dat hiene jim moai betocht. Net in tel ferlear er de inketswarte loft út it each, dy't Westerwierrum opslokt hie. In sisterjende ljochtslang ferskroeide der no de ierde.
In earste dikke drip spatte útinoar op syn mûle. Ynse slikke him de lippen. Op 'e nij
| |
| |
wie der in ljochtflits. En in tongerslach. Yn ien en deselde tel. Doe kamen der stadichoan mear drippen. Ynse draafde sigesaagjend troch it lân om se te heinen. Oeral om him hinne skeaten de ljochtslangen nei de grûn en sloegen alles del wat op it fjild wie, minske en bist. Ynse raasde him it hert út it liif. Mar syn stim ferdronk yn it wetter dat no by bakken út 'e loft foel. Hy dûnse op hannen en fuotten. Hy wie ûnkwetsber wurden. Hy sprate de earmen en heinde it wetter.
|
|