mar ha, dan kom ik séls om it op te heljen.’ Salang't se byinoar wiene, hied er noch noait tsjin har raasd of skeld. Dizze toan en dêrby de wanhoop yn syn eagen makke lykwols mear yndruk.
Dêrom doarst se no hyn-ofte-nei net oan him te roppen. Se waard stiif fan de hâlding dêr't se yn stie, luts de rêch rjocht en bleau sa in amerij ûntspand stean.
Se beprakkesearre wat se dwaan soe. Om sabeare nonsjalant bûtendoar by de túndoarren lâns te rinnen en yn 't foarbygean hastich te sjen oft it goed mei him wie, helle se wol út 'e holle. Nei't se dat earder dien hie út krekt sa'n ûngerêstens wei, hied er de fitraazjes tichtskood. Letter hie er se wer iependien. Se fielde har teplak set.
It skilderij mocht se net earder sjen as wannear't it helendal ôf wie. En der mocht net mear oer praat wurde.
In wale fan mystyk kaam der oer hinne te hingjen en oan it út ein setten moarns gong in heel ritueel foarôf. Acht oere ite, de moarnskuier, 10 minuten nei Bach harkje, om op 'e klokslach fan njoggen oere te ferdwinen achter dy doar, dy't se ûnderwilens begûn wie te haatsjen. Sa't in finzene de doar mei it lytse lûkje haatsje sil. Dêrachter spile him it libben ôf, dêr' t se mei sin bûten holden waard.
Noch in tel harke se mei ynmoed, doe sei se - ûnferskillich wurden út argewaasje en selsmeilijen - ‘Ik gean fuort, hear. 'k Moat even nei it doarp om boadskip.’
It bleau stil achter de wite doar.
‘Ik moat even fuort,’ rôp se mei oerslaand lûd.
Hy stuts de meagere holle om 'e doar. ‘Leave,’ sei er, ‘doch my in plezier en lis de oare kear in briefke foar de doar of op 'e keukenstafel.’
Foar't se wat werom sizze koe, stie se alwer tsjin 'e wite doar oan te sjen.
‘Is it skilderij klear?’
‘Ja, it is klear.’
Se sjocht nei him, sa't er by it rút sit, de iene skonk oer de oare slein, de eagen nei bûten rjochte. Sa folslein yn 'e rêst is er, dat neat him út dy tastân bringe kin.
‘En, bist der tefreden oer?’
‘Ja.’
‘Ik bin o sa benijd, ik wol it graach sjen.’
‘Do krijst it aanst te sjen.’
‘Bist net bliid dat it ôf is, oars koest altyd sa... hoe moat ik it sizze, sa'n krêft en lok útstrielje ast wat ôf hiest.’
‘O. Dat koe wol sa wêze.’
‘Koest amper wachtsje mei it oan de minsken sjen te litten. Hast de kommisje al berjocht dien?’
‘Nee.’
‘Wanneer dochst dat?’
‘Ik doch it net.’