[Nummer 2]
Fan 'e redaksje
Ek mei yngong fan dit nûmer is der in feroaring yn 'e redaksje: Babs Gezelle Meerburg nimt ôfskied fan Trotwaer. Neist de kritiken dy't se skreau, hat se goed trije jier in hiel soad wurk achter de skermen dien. Sa hat se bygelyks as p.r.-frou foar it Noard-Fryslânnûmer yn 1992 unmisber west mei har organisaasjefermogen en kontakten. Fierder hie se in wichtich part yn it ta stân bringen fan elk nûmer. Omdat se har no hielendal op har promoasjeûndersyk konsintrearje wol, koe se it wurk foar Trotwaer net langer dwaan.
Albertina Soepboer fan Den Haach komt foar har yn it plak. As dichter hat se al namme makke yn Trotwaer. Yn dit nûmer lit se har daliks al kenne as kritikus. Hja is dwaande mei de lêste faze fan har stúdzje Spaans oan 'e Ryksuniversiteit fan Grins.
Fansels binne we bliid mei Albertina as nij redaksjelid.