Jurij Chěžka / Marten Sikkema
Fantasy
oan 'e igge fan in nôtfjild.
De prille ieren waarden ôfmeand
troch it sûzjen fan in nije seine.
It sûzjen sjongt grimmitich:
Solingen, Solingen, Krupp.
Hy komt oerein, sjocht om him ta
as in dief - net ien te sjen.
It jonge nôt kroanet en klaget,
mar hy priizget inkeld syn seine
dy't súntsjes it andert jout:
Solingen, Solingen, Krupp.
Jurij Chěžka, ferneamd Sorbysk dichter, waard yn 1917 berne yn Hórki by Kamjenc (Kamenz), studearre Tsjechysk, Dútsk en Sorbysk yn Praach. Nei de Dútske ynfal yn Tsjechië yn 1939 waard er oppakt en yn militêre tsjinst twongen. Mids oktober 1944 sneuvele er yn Joegoslavië. De beide fersen binne út 1937, de dagen dat it nazirezjym de Sorben ta Untermenschen degradearre. Har taal en kultuer waarden doe ferbean.