Trotwaer. Jaargang 25(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 115] [p. 115] Marten Sikkema Skepping I Noch geane de ferhalen om yn 't gea: in jonge god skoep ieuwen lyn de wrâld, sûnt waard de ierde frijwat ieuwen âld, mar hy bleau ivich jong fan geast en lea. De minske rûn syn paad fan kwea ta kwea: divelske machten krigen hâld en wâld; 't ferstân op skerp, it herte iizge kâld wist er de striidgjalp, mar fergeat de bea. Noch tommelt de ierde as in boartersbal syn baantsjes yn in einleas wiid hielal wêryn't de skepper stil fersideboartet: Dit stikje skepping, aaklik misbeteard, hat er teloarsteld wol de rêch takeard, grif wachtsjend dat it ding ferhûneloartet. [pagina 116] [p. 116] II De skepper skoep gâns ieuwen lyn de sinne, moanne en stjerren oan it firmamint; de learden is noch altyd ûnbekind hoe en wêrom't dy meunsters makke binne. Op ierde soe 't mei beam en bist begjinne, dan folge 't minskeskaai yntelligint: neakene aap dy't op twa poaten rint; hoe koe de skepper him sa raar fersinne? Hie 't heechút by de slingerapen bleaun, der wie gjin einleas lange skiednis skreaun fan moard en deaslach, hate en ferrie. De tiid wie ivich hjoed, de atmosfear wie sûnder wryt of slyt en sinneklear - oant troch ien mistaast 't paradys fergie. [pagina 117] [p. 117] III Ut iensumheid hat god de ierde skepen: fan skeppings wjerlûd hied er slim ferlet, mar ivich libben joech er 't skepsel net: hy bleau de hear, hy stie fêst op syn strepen. De minske wist fan garjen, binen, slepen, waard skepper sels en stelde sels de wet, mar hat de skepping tûzenkear ferret en altyd wie de dea deryn begrepen. Ut iensumheid - mar 't is foargoed mislearre: de kriichsgjalp moast it wjerlûd fuort bedjerre want de ierde waard bestjoerd fan rap en rút. De preesters seingen bommen en granaten, dat troch geweld fan boargers en soldaten rekke de skepping slim ta fuotten út. [pagina 118] [p. 118] IV De tsjerken moatte monuminten bliuwe, sizze de learden, ommers god is dea, ferbjustere fan it bjusterbaarlik kwea dat al syn skepsels oan elkoar bedriuwe. Wy kinne 't net mear op syn namme skriuwe mar steane sels foar al ús ûnk en skea; hy sjocht gjin triennen mear, hy heart gjin bea, sil nea mear fan omhegens nei ús wiuwe. Dea, sizze hja - faaks is er inkeld stil, ferslein, ferstomme fan de ergewaasje oant op it lêst er him fermanje sil, mei foarsje úthellet en hout mei guon fjoerige halen yn op 't haatlik naasje, slacht syn ûnsillich boartersguod oan spuon. Vorige Volgende