| |
| |
| |
[Nummer 3]
Doeke Sijens
Libben sân
Ik hie it noait dwaan moatten, tocht ik, wylst Geart syn klean yn 'e kast hong; de broeken neist myn eigen broeken, de truien wer op de boppeste planke. It waskguod yn 'e waskkoer. Hie ik it mar tsjinholden!
Doe't ik Geart ophelle en wy foarsichtich ús swierrichheden oereiden, hie ik mear tsjinakselje moatten, de wierheid fertelle. Hie ik him mar efter my litte kinnen.
Mar hy siet wer op 'e bank as wie er hielendal net in healjier weibleaun. Hy hie de skuon útdien en lies de krante. Húsliker tafriel bestie der net. Ik koe wol gûle en rûn hinne en wer troch it hús.
Under iten hienen wy it der net iens mear oer, wêrom't Geart fuortgien wie sûnder útlis. Hy gie der sûnder mis fan út dat ik al dy moannen op him wachte hie, hy hie net iens frege mei wa't ik nei Spanje ta west hie. It makke my poerlilk, mar ik wist net hoe't ik it uterje moast, sa ferbjustere wie ik.
Nachts lei er wer neist my, in heale meter nimmenslân tusken ús yn. Hy sliepte rêstich. Eefkes wie ik wer allinnich.
Leo wachte by de doar fan it kafee. Wy fûnen in taffeltsje yn in hoeke en it like wol as wie de wrâld wer gewoan, twa fereale manlju dy't net oan 'e jûn ta wachtsje koenen en dêrom ek yn it skoft ôfpraat ha. Mar sa wie it net.
Leo pakte fuort myn hân en de spanning tusken ús waard eefkes wat minder.
‘Wit er it al?’ wie it earste dat er frege, ‘hast it him al ferteld?’
Daliks wie it der wer, de tongerloft. Ik woe wol dat wy oer oare saken prate koenen, krekt as bestie it probleem Geart net. Wie it mar sa'n probleem as op it wurk, der waard in skoftsje oer praat en dan wie it samar wer foarinoar. De iene joech belies, de oare wûn. ‘Hy wit noch fan neat,’ andere ik. ‘Ik fyn it ek sa yngewikkeld, Geart tinkt dat ik och sa bliid bin dat er der wer is.’ Ik tocht, dit petear sille wy fêst noch wol faker ha. Sa maklik as Geart it fûn hie om samar fuort te gean, sa slim fûn ik it om te sizzen dat er no eins wol wer opdonderje koe.
‘Jûn sis ik tsjin him: ‘Ik ha Leo troffen, ik wol dy net mear, sykje mar in oaren.’
Ik seach Leo oan, hope dat er it leaude, dat ik it sa sizze soe. Ik ha ris in man sizzen heard: ‘Ik bin krekt in mich dy't yn 'e jam rekke is, ik wol wol fuort mar alles hâldt my
| |
| |
tsjin.’ Sa fielde ik my ek.
‘Hy tinkt wis datsto allinnich mar oan him tocht hast.’
Leo wie lilk, dat koe ik wol sjen. Ik begriep it mar al te goed, hy besocht geduldich te wêzen, sa't ik him frege hie. Hoe lang soe er dat folhâlde.
‘Hy hat dochs neat besocht wol, fannacht? Ha jim..?’ Syn fraach bleau hingjen yn it leven fan it kafee.
No pakte ik syn hân.
‘Dat witst wol, dat is it lêste wêr't ik nocht oan ha soe.’
Wy ieten in broadsje mei tsiis, folle wille hienen wy net.
Doe't Geart in healjier lyn fuortgie, wie ik earst gewoan trochgien mei alle deistige dingen. Ik hie it bêd ferskjinne, de blommen wetter jûn, iten sean. Nachts rekke ik al nei fiif minuten yn 'e sliep, krekt as oars. Miskien ha ik wol gjin gefoel, tocht ik wolris. Geart wie fuortgien om my, mar ik waard der eins net oars fan.
‘Do krijst noch wol in tebeksetter,’ seinen minsken tsjin my. Nei in wike as seis, wylst ik tocht dat elk momint wol in geweldige iensumens oer my komme soe, begûn ik wer fleurich te wurden. Der kaam gjin fertriet. Ik gie út te iten, gie nei in feestke, tocht wer oan oare jonges. Dat fernuvere my. Hienen Geart en ik net acht jier by inoar west, betsjutte dat dan mar sa'n bytsje? Noch mear die it my nij dat ik eins gjin oanstriid fielde om nei him ta te gean (ik wist syn adres wol) en útlis te freegjen, by need mei him te fjuchtsjen oer wat er dien hie. Ynstee dêrfan burch ik syn guod op en gie fierder mei myn eigen saken. Salang't er meibetelle oan 'e hypoteek dreau it my ek net.
It wie my wol yn 'e wei - sa earlik moat ik wêze - dat Geart sa mar fuortgien wie, eins neat sein hie. Krekt as wie it net iens in útlis wurdich.
Ik wist wol dat er fûn dat ik soms sa maklik oer de dingen hinne glied, net sokke djippe gefoelens hie as hysels. Ik wie te igaal en te praktysk, sei er dan. Ik koe Geart syn mankelike riten net maklik ferneare (dan hearde ik ek dy krityk). Ik hie leard om der net tsjin yn te gean, wachte oant it foarby gie. Ik begriep neat fan de stoarmen dy't sa no en dan yn Geart opstutsen. Ik hie net sa'n lêst fan in gefoel fan ‘leechte’, hie gjin langstme nei eartiids. Ik wie tefreden. Doe't Geart it hie oer it ôfmeitsjen fan syn proefskrift, yn in hûs oan 'e seedyk dat er hiere koe, tocht ik dat it wer sa'n opstiging fan him wie. Mar it wie him tinken, hy gie fuort. Mar de stoarm wie útraasd, it proefskrift wie by de professor en Geart die krekt as wie syn dramatysk bearen oer ‘allinnich wêze wollen’ noait foarfallen.
| |
| |
Nei it skoft stoareage ik wol langer as in oere nei bûten ta. In kollega dy't om in praatsje ferlegen wie, krige hast gjin wurd fan my en stuts gauwer ôf.
Altyd hie ik sober libbe, neat gjin bûtenwenstichheden. In pear kear hie ik fereale west, mar dat rûn elke kear op neat út. Dêrnei trof ik aldergelokst Geart. Kieze tusken Geart en Leo, dat wie foar my eins fierstente kompleks. Dat ik net út de rie komme koe, de knoop trochhakje, foel my noch folle mear ôf. Acht jier hienen wy, Geart en ik, it best hân, dat wie net te ûntkennen. Mar mei Leo wie it ek goed, mei him soe ik opnij begjinne kinne. Hy fertsjinne it dat ik sa gau mooglik klearrichheid joech.
Dizze prakkesaasjes waarden fersteurd troch de tillefoan. In oare kollega mei in ferfelend probleem, leau ik. Wylst in part fan myn harsens dêrmei dwaande wienen, tocht ik oan Leo. Hoe't er soms as in fisk tsjin my oan kronkele, wiet en glysterich fan ús swit. Hertstochtlik koe er wêze, sûnder remmingen wie er dan, hiel oars as men tinke soe.
Ik hie him troffen op dat feest, eins wie it hiel gewoan gien. In jonge mei read hier en skeinspruten. Hy like neat net op Geart. Hy sporte in soad (fytse en fuotbalje foaral) en hy wurke by in bank. Hy wie serieus, nochteren, gewoan. Dat loek my oan. Neist syn moaie liif fansels.
De earste kear dat ik by him op besite wie, sieten wy earst op it balkon. In reade boarre lei by ús yn in maklike stoel, it bist hie ek griene eagen, krekt as syn baas. It wie maitiid, de wyn wie soel en de moanne stie as in fjurrige bol boppe de huzen. Ik wie neat fan doel, mar soe de dingen ek net tsjinhâlde.
Ik hie Leo fansels fuortendaliks alles ferteld, miskien myn emoasjes dêroer in lyts bytsje ôfswakke. Hy begriep it wol. ‘Moatst it fansels noch wolris mei him beprate,’ sei er, ‘it ôfrûnje. Sil ik dy der ris hinne bringe, ik ha in auto.’ No hie ik sels ek wol in auto, mar dêrom wie it oanbod net minder sjarmant.
Hy wie bleu. Hie it noch net sa faak dien, sei er. Entûsjast wie er wol en wy hienen samar de klean út. Yn 't earstoan moast ik wenne oan in oare hûd, oare meneuvels - mar dat gie gau oer.
Moarns, doe't ik wekker waard en dy sliepende jonge neist my seach, ynienen dochs wer in frjemde, fûn ik noch dat it mar by ien kear bliuwe moast. Mar Leo waard wekker en doe wie de ûnwennigens foarby. Ik wifele net lang. Leo wie it fuort tinken. Stadich skode er yn myn libben op it plak fan Geart. Wy gienen mei fakânsje nei Spanje - gjin katedralen, allinnich mar strân en sinne, ik lies net iens in boek.
Geart wie fansels net út myn tinzen. Soms wie it in seurderich gefoel, krekt as lichte pineholle. It wie ek wol nuver, ik hie in nije
| |
| |
relaasje en de eardere wie miskien noch net ôfrûn. Leo koe dat net goed krije. Hy wie der no dochs, dan wie it haadstik Geart dochs ôfsluten? Hy wie it dy't oanstie op in breuk, sa gau mooglik.
Op in sneon rieden wy mei syn auto de kant fan de seedyk út. It wie hjit, it allermoaiste simmerwaar, Leo siet yn koarte broek en sûnder himd efter it stjoer. Troch it hurdfytsen wie er sa brún as in bear. Mei't er in sinnebril op hie koe ik net sjen hoe't it sin wie, mar neffens my wie er tige optein. Ik seach net folle fan it gea, ek al wiisde Leo my allegear plakjes oan dêr't er as jonge faak west hie. Earlik sein wie ik der net sa by mei myn tinzen. Ik wie der wol fan oertsjûge dat ik mei Geart prate moast, mar fielde my ek ferge.
Doe't wy te plak wienen (in suterich spultsje fûnen wy it), seagen wy op it stek foar it hûs in ekster sitten. Dat wie neffens my net sa'n bêst foarteken, sa'n bist bringt ûngelok. Mar it foargefoel wie om 'e nocht, der wie net ien thús.
Werom yn 'e auto ha wy der noch oer tsierd, wêrom't ik it ek net earst ôfpraat hie. Stom fûn er dat. Letter ha wy noch in fiskje iten by Holwert en wie it allegear wer goed.
De oare deis skreau ik in brief, mar dy wie miskien net sa dúdlik, Geart hat it yn alle gefallen ferkeard begrepen. Ik hie Leo net neamd, om't ik fûn dat it om de swierrichheden tusken Geart en my gie. Ik tocht dat Geart nei in healjier der ek wol wis fan wie dat it no mar ôfrûn wêze moast. Ik hie der net mei rekkene dat er op 'en nij begjinne woe.
Doe't ik middeis nei it wurk thúskaam, stie de radio oan en rûn yn 'e keuken in kraan, krekt as oars, sa like it wol. Ik beseach de post, dy't krekt as altyd op 'e tafel yn 'e hal lei. Hie ik dit no hearlik fûn as Leo der net west hie? Dy fraach hold my dwaande.
Yn 'e sliepkeamer die ik myn strik ôf, socht yn 'e kast om in trui. Op in stoel leinen Geart syn klean en op it bêd in wiete handoek. Hy wie altyd sleau yn dy dingen.
It bêd wie breed, mar wy soenen inoar dochs wolris wer oanreitsje, tocht ik. Leo wie dêr och sa bang foar, hy tocht dat dat alles feroarje soe. Ik hie besocht him dat út 'e kop te praten, mar wis wie ik der sels ek net fan.
Ik die de skuon út en gie langút op it bêd lizzen. In skoftsje harke ik allinnich mar nei it masinale ritme fan myn hert. It bêd rûkte nei waskpoeier, net nei minsken of hertstocht. It wie al wer lang lyn dat ik dêr mei Geart frijd hie en Leo hie der noait west. Dat hie ik - ûnbewust? - útinoar holden.
Bûtendoar wienen bern oan it boartsjen, yn 'e hûs wie it stil. Geart lies de krante, wylst it iten yn 'e ûne stie. Sa wie dat altyd gien, sa soe it foar altyd gean kinne. Mar ik hoegde
| |
| |
mar ien wurd te sizzen en dan gie it radikaal oars. Dan bruts de spegel.
It wie sneon. Geart lies by it brea-iten de krante en dronk kofje. Hy wie al wer trije dagen werom. Justerjûn, doe't wy op bêd gienen, wie it ûnûntkombere foarfallen. Geart sei dat er sa bliid wie dat er wer thús wie, hy kroep my oan, hold my beet. Ik hie gjin wurd sein, mar ek net bot tsjinaksele. It hie sa fertroud, sa normaal west. Ik tocht net lang oan Leo en sliepte dêrnei hearlik. De moarns fielde ik my in hont.
Leo, dat wist ik sekuer, gie op sneontemoarn altyd te fuotbaljen. It wie de earste kear sûnt lang dat ik der net by wie as er fan 't bêd gie en stuiterich syn guod by inoar socht. Dan gie er ûnder de dûs en dy folchoarder fûn ik altyd frjemd. As er dêrnei de klean oandie kaam er faak noch even by my lizzen. Noch eefkes koese, neamden wy dat. Hy rûkte dan nei shampoo en toskpoetsersguod. Ik koe dat hast rûke wylst ik nei Geart seach dy't, kalm en foldien, kofje dronk.
Ynienen waard ik poerrazend, ik koe it net mear ferneare. Ik gie stean, pakte Geart it kopke út de hannen en smiet it oer de flier. It spatte yn hûndert diggels. En wylst Geart my ferbjustere oanseach, fertelde ik alles. Dêrnei rûn ik de doar út, sûnder op in reaksje te wachtsjen.
‘Yn ús tiid tochten wy der net oer om by it minste fuort te rinnen en in oaren te sykjen. Tochtsto dat jim heit en ik noait spul hân ha?’
Us mem sette in mei jam smard stik bôle foar my del, krekt sa't sy dat altyd dien hie. Op 'e tafel stie in faas mei swiet rûkende giele roazen, sa geef as allinnich ús heit se kweke koe. Dat by ús heit en mem alles itselde bleau stelde my gerêst.
Ik hie in skoft omriden nei't ik it hûs útrûn wie en wie doe - yn in refleks - nei myn âlden ta gien. Ik wie it ljeafst nei Leo ta gien, mar dy soe it wykein nei syn broer yn Utert ta, dat wist ik.
Us mem wie tige mâl mei Geart, sy hie it hieltyd foar him opnommen.
‘Mar ik bin dochs net fuortrûn, dat hat Geart dien,’ sei ik mei de mûle fol.
‘Hy moast dochs syn proefskrift ôfmeitsje, dat hast sels sein.’
‘Dêr gie it net om, hy hie syn nocht. Ik gean net werom.’
‘Moat er net witte datsto hjir bist, miskien is er ûngerêst.’
‘In healjier hat er my net ien kear belle. Hy kin smoare om my.’
Ik pakte noch in stik bôle. Mei ús mem wie gjin logysk petear te hâlden, dêr wie ik allang oan wend, dat hindere neat.
‘As Leo der wer is, gean ik wol nei him ta.’ ‘Dêr krijst dyn nocht ek wol fan. In moaie
| |
| |
jonge jonge kin op 'e lange doer krekt sa ferfeelsum wurde. Geart hat teminsten ek noch oare kanten.’
Ik hie Leo in kear meinommen en ús mem hie doe hast gjin wurd tsjin him sein. Letter, troch de tillefoan, sei se allinnich mar dat in moaie kop net genôch wie foar in bliuwende bân. Dat wie fansels oergeunst, in mem fynt net ien goed genôch foar har bern, Geart fûn se earst ek mar neat. Hy wie miskien breed ûntwikkele, mear as Leo, dat moast ik har tajaan, mar dy wie wol in stik better te brûken.
‘Ik hâld fan Leo en hy fan my,’ sei ik in bytsje stiif.
Us mem snúfde. ‘Dat seit dyn suster ek elke kear en do witst hoe't dat no al wer mislearre is.’
Dy jûns lei ik werris yn myn âld bêd, yn de sliepkeamer dêr't fierders neat mear fan my bleaun wie. De strykplanke stie der en oar húsrie, dêr't se gjin plak foar hienen.
It wie krekt as wie ik stadich wekker wurden út in ferdôving. Wylst ik yn it donker lei, wist ik wat ik dwaan moast. Ik soe de oare deis nei Leo ta gean en him fertelle dat ik by Geart weigie. Hy soe bliid wêze. De lêste dagen hie ik him allinnich yn it skoft troffen en hy wie hieltyd ûngeduldiger wurden. Ik soe wol sa lang by him útfanhûzje kinne, frjemd wie it dat ik dêr net earder oan tocht hie. Sa rekke ik yn 'e sliep, bliid dat ik út de rie wie.
Leo wie sneintemiddeis noch net thús. Dat wie myn earste misrekken. Ik gie wol eefkes yn 'e hûs om te sjen wêr't myn guod stean koe. De reade boarre rûn om my hinne en mauwke om oandacht. Ik joech him iten en aaide it bist oer de kop. It moast goed yn 'e gaten holden wurde, it woe bygelyks altyd by ús op bêd. Fan Leo mocht dat wol, ik fûn it net hygiënysk.
Geart wie ek net thús. Yn 'e hal fûn ik in briefke, oan it hânskrift koe ik sjen dat it fan Leo wie. Hoe't dat no allegear koe, begriep ik net. It wie net mei de post kommen.
It briefke wie koart, saaklik. Koel, dúdlik: ‘Ik gean wat langer nei ús Henk, ik wol neitinke. It hat my sa rekke datsto net fuortendaliks foar my keazen hast. Ik wol ôfstân nimme. Do bist noch lang net klear mei Geart, dat fernim ik oan alles, mar ik wol der ek net langer op wachtsje. Ik wol net op it twadde plak komme. Dat moatsto mar begripe. Tusken ús is it út’.
Ik wie ferslein. Ik hie de kar te lang útsteld. Myn earste betinken wie, dat ik Leo miskien noch wol beprate koe. Mar hy hie miskien ek wer gelyk, ik wie noch net klear mei Geart, oars wie ik wol fuortendaliks fuortgien.
‘Ik ha der ris goed oer neitocht,’ sei Geart
| |
| |
doe't dy thúskaam.
‘Ik kin it my goed foarstelle datsto in oaren fûn hast, ik ha dy ek min behannele.’
Ik sei neat.
‘Ik sil dy gewurde litte, mar asto by my bliuwe wolst, dan soe ik dat it moaiste fine. Ik bin by dy weromkommen om't ik útfûn hie dat ik it net better krije kin.’ It slimste wie wol dat it him tinken wie.
It liket wol in film, tocht ik, oan 'e ein komt alles dochs noch goed. De konkurrint, dy jonge dy't foaral by de sekssênes te sjen wie, is ta ynkear kommen, de twa binne wer byinoar.
Mar dy foarstelling fan saken wie ferkeard. Ik hie in grutte flater makke, dat seach ik wol yn. Ik hie earder dúdliker, hurder wêze moatten.
‘Leo wol net mear,’ sei ik fel, ‘do hoechst dy gjin soargen te meitsjen.’
Ik rûn de keamer út. Dat hie oant no ta altyd myn reaksje west, net sa'n bêste strategy wie dat, dêr wie ik no ek wol fan oertsjûge. In grutte bol fan lilkens woeks yn myn foarholle, myn earen sûzen. It like wol as soe ik derhinne falle, ik wie sa lilk op mysels. Mar ik woe gjin belies jaan. Miskien wie Leo noch wol te bepraten en oars, mei Geart koe ik it ek noch wol in skoftsje úthâlde. Hy wie net de minste.
Wêrom hie er dy simmerske sneon ek net thús west, dan wie it allegear hiel oars ferrûn. Ik dronk in mûltsjefol wetter yn 'e dûs. Dêr seach ik dat de waskkoer grôtfol wie en helle alle wytguod der út. Dat wie it earst oan bar. Moarn koe it oare wol.
|
|