Steven de Jong
Tankwurd foar de Gysbert Japicxpriis
Rju achte oanwêzigen, deputearre, boargemaster, kommisje fan advys, Fryske Beweging, Friezen, net-Friezen, famylje, kunden, kollega's ensfh. ensfh.
Ik stean hjir mei in wat ambivalint gefoel.
Nei goed tritich jier pielen yn 'e Fryske literatuer bin ik oan 'e iene kant idel genôch om tankber (yn alle gefallen) mar ek in bytsje grutsk te wêzen op de eare my oandien. Oan 'e oare kant, as ik al dy minsken sjoch, my alle brieven en lokwinsken tebinnenbring, liket it ek wol wat op, skrik net, in begraffenis. It ferskil is dat it lyk hjirby in tankwurd sprekke moat.
Literatuer kin men soms om laitsje, mar literatuer kin ek sear dwaan, moat soms sear dwaan, sa't Ype Poortinga ris opmurk.
By in literêre priis fan 'e oerheid, lykas dizze Gysbert Japicxpriis, komme twa yn prinsipe natuerlike tsjinstanners inoar tsjin, nammentlik in fertsjintwurdiger fan it gesach, fan 'e hearskjende machtsstruktuer, en in skriuwer, faken in notoire dwarslizzer. Natuerlike tsjinstanners, ek troch it feit dat in skriuwer besiket mei sa min mooglik wurden safolle mooglik te sizzen en in gesachsdrager dat faken krekt oarsom docht.
Dat jildt fansels net foar hjoed. By in literêre priis krijt hjir yn Fryslân in gesachsdrager de kâns wat bestekliks oer literatuer te sizzen, sadat de skriuwer der wat mei oan is.
Literatuer en polityk: wat moat men derfan sizze? It probleem is hjir foar de skriuwer hiel dreech. Wy libje ommers yn it bêste lân fan ierde? Salang't in âlde liberaal as Wiegel dat noch sjonge mei, mei begelieding fan 'e Blauhúster Dakkapel, kin ús neat oerkomme. In oerheid dy't syn (soms tige krityske) skriuwers earet, dêr moatte wy wiis mei wêze, dêr is foar fochten, dêr sil foar fochten wurde moatte yn it besef dat dy oerheid noait goed genôch is, heechút wat minder beroerd. En dat is dan in grutte kwaliteit. De skiednis hat ús wol leard, dat in oerheid sûnder wryt of slyt in grutte ramp is. Gysbert Japicx sei al: ‘Miich der mar tsjinoan, jonges’ (o nee, dat sei Vondel).
Behalven politike hat men ek literêre gesachsdragers, faken treflike dichters en skriuwers, mar gesachsdragers. Wat dy skriuwe, hat noch al wat ynfloed. Dy lju haw ik wol ris flink