Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 233] [p. 233] Jacobus Quiryn Smink De Ferver De ferver hat him útklaaid, Yn syn koarte ûnderbokserslip En mei bleate bast stelt er fêst Dêr't syn kwast nei hinget: Hy set syn streken op ien line Mei de sirkel út 'e losse hân Of de meast direkte fan A nei B, In fêste en sekuere feech. Hy strykt alles glêd nei wat syn Plamuermes wie en skuorpapier: Gjin oarloch yn in nij lân, Noch honger skjirret syn geduld. Der bart neat op dizze wrâld Dat net ûnder syn kwast komt. [pagina 234] [p. 234] Elkenien te freon Der binne safolle miljarden en ik mien Mar, dat ik se allegear te freon hâlde Kin en wylst boazje bosken fan fijannen Oan, steane mei snieballen foar it rút. Sa kûgels koe 'k sels nea wêze, dat ik Dêrfoar by de frou weigyng, bygelyks, Miskien dat ik net fan har hold, mar wat Is sêfter as de húl fan túnbeantsjes? En wa ferdraacht him better as ik mei Kopkes en krûpkes en kroeltsjes en aai Oer búkjes en heuvels fan floeipapier? Dus doar gewoan nei de doar ta, sis tsjin Dy lju: Soal op, krij de kraste, sa min Ast it ha wolst, ûnthâld dyn rotkop wol. [pagina 235] [p. 235] Transparante man yn Singapore It fragile en famylje fan Meryl Streep En Johnny Winter, it tinne en bleate. It feit fan slein en nochris rekke, Stadich, mar stûf opklaud, oerein set. Yn dat ritme byt er nei azem en snakt Nei wat moai is en keine foarmen hat. Letter sil er rynske sommen weijaan Oan kokette nimfen en ripe madammen. Op syn stjêren hat er syn lot bekocht, Waaierje de famkes him noch lucht ta. [pagina 236] [p. 236] Jakobsljedder De transporteur yn 'e golle fan ús heit Is eins in Jakobsljedder fan fjurrenhout Mei twa sydglydsbanen en as it hea leech Leit, tûmelen wy soms frjemd yn it fek. Dat we de nekke net brekke is in gelok Foar de boeren, want se melke om it fet En net om reduktaze of rampen mei bern Dy't it heasie boarten ûnder de watten. Neitiid haw ik sa'n klimrek fan hout Net wer fûn en ferûngelokje no dy Boerebern net mear, want technology Wûn it wis fan ôfkeare mei in harke: Moarns foar skoaltiid noch in healoere Op 'e planke boppe by it gat hea mêne, Wylst de mânlju skreppe op 'e skuorrereed, Klom it bernefolk de himel yn, glied út. Vorige Volgende