Rede fan 'e sjuery fan 'e Gysbert Japicx-priis 1992,
útsprutsen troch Tsjerk Veenstra
De sjueryleden wiene Tineke Steenmeijer, Syts Ypenga en Tsjerk Veenstra
Achte priiswinner, achte frou De Jong, achte bywêzigen.
Lit ik, mei út namme fan de oare leden fan de advyskommisje, Tineke Steenmeijer en Syts Ypenga, begjinne mei jo, Steven Hotse Piter de Jong, fan herte lok te winskjen mei de Gysbert Japicx-priis 1992. Jo frou en bern wolle wy dêr graach yn belûke: sy sille it skeppingsproses fan tichteby meimakke hawwe en dat giet fan ‘au!’
Jo krije net samar in priis, net de Fedde Schurer-priis, net de Piter Jelles-priis, nee, jo krije de Gysbert Japicx-priis. Yn Fryslân de heechste literêre ûnderskieding.
Jo, achte laureaat, ferkearden wol yn in tige lúkse posysje, as hienen jo dat sa útfigeleard, mei't jo yn oanmerking kamen foar wol trije prizen: mei jo boek De Wuttelhaven del debutearren jo as romanskriuwer, jo lieten him yn Ljouwert spylje en jo soargen dat er yn 1989 útkaam, it earste jier fan de nije prizesyklus. Hiel Fryslân like ‘gear te spannen’ om jo de Gysbert Japicx-priis mar ta te krijen, alteast in priis.
Fansels hawwe wy de regleminten der by hân om nei te gean oft it allegear sa wol troch de mesken koe. Yn kêst 2 fan de Regeling foar de prizen, de Fryske literatuer oanbelangjend, stiet dat de Gysbert Japicx-priis takend wurdt ‘foar Fryske literatuer yn alle sjenres, sawol foar in wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur’. Yn kêst 2: ‘ienris yn de trije jier’, yn kêst 4: ‘oan in auteur dy't yn in tiidrek fan trije kalinderjierren it bêste wurk publisearre hat’, yn kêst 5: ‘De priis kin net takend wurde oan ien fan de leden van de advyskommisje’. Ik neam dat lêste hjir mar efkes foar de bywêzige auteurs, dy't faaks plannen hiene yn de iene of oare rjochting.
Der stiet ek noch dat de priis f 4.000, - grut is. In moai bedrach, mar dêr hoege jo it dus net foar te dwaan. Wat moatte jo mei it tredde part fan in Lada en in nij dak op it hûs kinne jo der ek net mei betelje.
Hawar, it giet om de eare!
En it wie en is ús in grutte eare jo, Steven de Jong, de Gysbert Japicx-priis 1992 ta te kennen, alteast dêr it advys ta te jaan en wy binne fereare dat Deputearre Steaten ús