[Nummer 6]
Redaksjoneel
Yn dit nûmer wolle wy yn it foarste plak Steven de Jong lokwinskje mei syn Gysbert Japicxpriis. It docht ús deugd dat hy, lid fan de earste Trotwaer-redaksje, syn ‘Wurd fan de priiswinner’ oan ús ôfstien hat om te publisearjen. Dêr past dan hiel moai de tekst fan de rede by dy't Tsjerk Veenstra út namme fan de jury yn Boalsert hâlden hat.
Scripta manent!
Yn it twadde plak moatte wy ôfskie nimme fan mei-redaksjelid Frits van der Kuip, dy't fan gedachten is dat er leaver wer ris wat oars by de ein ha wol. Syn beslút kaam ús wat oer it mad, wat net weinimt dat wy him fan herten tanksizze wolle foar syn krewearjen ta heil fan ús blêd yn de ôfrûne trije jier.
It is aldergeloks slagge om de redaksje ek wer oan te foljen.
Mei yngong fan 1993 (de fiifentweintichste jiergong!) sille Doete Stienstra-Venema (benammen foar de kopijtarieding) en Doeke Sijens oan it redaksjewurk meidwaan.
Lêstneamde hat destiids it besprek fan De Wuttelhaven del yn Trotwaer skreaun.
Sa hat alles mei alles te krijen en binne wy werom by it begjin fan dit redaksjoneel: nochris lokwinske, Steven!
De redaksje