Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] Willem Abma maaiejûn foar Jaap Meems 30 maaie 1992 Twizelerheide in maaiejûn sa ûnbeneamber stil sa swier fan fragen en ferwachtings sa'n jûn dat alles in betsjutting krije sil dat it reint dat it net reint it koerjen fan in do, de wyn blakstil dan samar oan de râne fan in pingo wylst fûgels fleane oan it swurk beswart as in augur de wylde wâldman: ‘Yn augustus lizze de wellen stil en nimmen wyt wêrom; hoe soe út fiere iistiid in antwurd of in wjerlûd komme? in minske mei allinne poatsjebaaie yn it mystearje fan dit Eldorado.’ skreau Faulkner ‘it ljocht fan augustus’ en Eliot ‘april de wreedste moanne fan it jier’ de wylde wâldman sprekt fan wellen har tsjustere droechfal en wûnderlike tafier sa'n maaiejûn fan swietrook seldsum swier dat nimmen wit oft út de himel falle sil ien ding is wis en gjin paskwil: yn augustus falle de wellen stil. [pagina 213] [p. 213] hechte in dochter rint oer it struifjild struit har heit út op 'e wyn hy waait yn har hier har eachteisters plakt fêst op har bedauwe skuon it sil stoarmje moatte en eazje [pagina 214] [p. 214] glimpen sa binne de feiten fan in libben mar rikt in hân nei de essinsje dan lûkt dy him werom wy bliuwe efter middenmank tafallichheden wis, der is in begjin in ein mar wat dêrnei wat dêrfoar op syn bêst flûnkeret in sels eefkes op as in glimp fan in antwurd op it fraachteken datst bist sa lykje de feiten [pagina 215] [p. 215] weemoed wat op de grins fan it geniet út oantinzen ûntstiet in langstme is nei wat nea dines wurdt en soms dy spjaltend as in flymjend swurd dan oergiet yn in healsliep fan fertriet Vorige Volgende