| |
| |
| |
Doeke Sijens
Fûgels
Doe't wy alles te plak hiene, woe Sjoerd de kompjûter noch teste. ‘Daliks docht er it net en dan moat ik nochris komme. Moatst earst nei it doarp ta om my op te beljen.’ It wie samar foarinoar. In kertier letter ried er fuort. Hy hie it apparaat foar it rút delset. ‘Sjochst miskien nochris ien foarby kommen, oars wurdst hielendal gek,’ sei er. ‘It is hjir dochs al sa stil.’ Hy wiisde derby nei de greiden. ‘It soe my al gau oanfleane.’
It knipperjende streekje op it byldskerm frege om in reaksje. Ik gie sitten en socht de pear siden tekst, dy't ik al typt hie, op. Earst side 1 mei de opdracht ‘Oan myn âlden’. Dan, ûnderoan de oare side stie it: ‘Sunder de help en stipe fan myn freon Geart hie ik it net ret.’ Ik brûkte de deletetoets en yn in pear tellen wie de rigel ferdwûn. Sa maklik gie dat.
Alle moannen begûn ik om njoggen oere en dan wurke ik oant ien oere ta. Meastal gie ik dan foar de boadskippen nei it doarp ta en wurke dan wer troch oant sân oere ta. Yn 't earstoan rûn ik, mar dat naam tefolle tiid. It wie wol tweintich minuten rinnen. By de fytsmakker hierde ik in fyts. Dat barde eins nea, sei de man, mar hy hie noch wol in âlden stean, dy koe ik salang wol krije. Dêrnei fytste ik jûns ek noch wolris in eintsje om de kramp út 'e lea te krijen. Ik sliepte nachts sûnder te dreamen en alle dagen wie ik wer op 'e tiid oan 'e gong.
Nei fjouwer wiken hie ik alles yn it apparaat. Ik moast it fansels noch wol in kear of twa bewurkje, mar ik wie der no wis fan, dat ik it op 'e tiid by de heechlearaar ynleverje koe. Ik koe my wol in bytsje ûntjaan. Ik fytste wat langer as oars en belle mei wat minsken. Geart belle ik net, dy soe fêst wolris komme.
Stil wie it dêr net. Altyd wie der de wyn. It dak fan it hûs kreake as it mar in bytsje waaide en bytiden sloegen de tûken fan 'e kastanjebeam tsjin 'e dakpannen. Dan wienen der in soad fûgels, yn 'e tún mar ek yn it fjild. Eins wienen dy fûgels de echte bewenners fan dizze lusthôf. Ier en betiid begûn har leven al.
Ynienen wie se der. Ik seach de auto oankommen, it hiele stik. No kin ik earst wol ophâlde, tocht ik, in bytsje sikkeneurich.
| |
| |
Mar, sa tocht ik ek, Erica komt miskien wol mei nijs. Ik koe har al hiel lang en hie altyd in soad wille mei har hân. Soms wie se ek wol tige serieus en dêr hie ik no net sa'n sin oan.
Nei in healoere wie ik hielendal wend en hie ik it petearjen wol wer yn 'e macht.
De wyn kaam diskear net fan see en wy sieten achter hûs. Men koe dêr de seedyk sjen. Nachts seach ik dêr wolris it sinjaal fan in fjoertoer.
‘Ik fyn it sa knap datsto dit no dochst. Ik ha myn ambysjes allang bedobbe,’ sei se.
Erica hie in skoft yn Midden-Amearika west en wie sa gau mooglik kommen. Dat hie se meiïen al sein: ‘Ik skrok der fan, doe't Geart it my fertelde. Hy sei datsto noch net wist ofst wol werom kaamst. Hy wachte mar ôf, sei er. It giet dus net allinnich mar om dyn proefskrift. Dat woe my ek net oan.’
Toe dan mar, tocht ik, dan ha wy dat mar wer hân. Mar se wachte net op in antwurd. ‘Hast net in oaren wol? Geart net, dy ha ik it ek frege.’
‘Ik wit it wier net,’ sei ik, noch dwaande om it foar my te krijen hoe't it krekt gien wie.
‘Ik woe fuort, mar miskien wol ik as ik hjir klear bin wol wer werom.’
‘In soarte fan skoft, ja, dat sei Geart ek al.’ Ik seach har oan. Ik koe de make-up op har eachlidden sjen. Dat wie echt, mar fierders fûn ik it ûnwêzentlik om mei har oer myn swierrichheden mei Geart te praten. It wie ek krekt as gie it oer oare minsken. Dat Geart it der mei har oer hân hie, stie my ek tsjin.
‘Stom eins, mar ynienen tocht ik, it sil oars. Wat wol ik no eins. Ik begûn mei myn proefskrift en doe betocht ik dat it net genôch wie. Geart stie my yn 'e wei. Begrypst dat?’ sei ik mei klam. Sa dúdlik wie it foar my sels ek net.
Sy striek it hier nei efteren. Moai read hier, it glinstere yn 'e sinne.
‘Ik begryp it wol, de teory sis mar. Geart is wolris wat lytsboargerlik, mar foar him sil it ek net maklik wêze. Do hast nochal ûndúdlik west, hy moast mar wat riede, sei er. Hawwe jim der wol echt oer praat?’
Ik gie oerein en frege, oft se noch mear tee ha woe. It gie my stoef genôch. ‘Earst it wurk, dan sjogge wy wolris wer.’
Mei in skok waard ik op in moarn wekker. Ik switte, it hert jage my as in gek en it duorre in set ear't ik wist wat der wie. Stadichoan kaam ik wer ta mysels. Ik hie dreamd dat ik under by de seedyk rûn, in soart fan sweven wie it. De loft wie blau boppe my en in soad griene beamkes wiene om my hinne. By in sleat seach ik in fyts lizzen en oan 'e oare kant siet Hessel. Ik
| |
| |
fielde neat bysûnders doe't ik him seach. Wy praten gewoan wat, oer deistige saken en dêrnei gie ik fierder. ‘Wy moatte marris wer wat ôfprate,’ sei er. Mar Hessel is dochs dea, tocht ik, dit kin hielendal net. Nei't ik wekker wurden wie seach ik alles noch skerp foar my, syn rûne bril, it swarte hier, mar ek it einekroas yn it wetter fan 'e sleat.
Mei myn wurk woe it dy deis net. Ik fielde my sleau, krekt as hie ik in soad bier dronken. It wie in heldere dei, mei lytse wolken oan 'e loft en in frisse wyn. It holp my neat. Ik siet yn it skaad en seach sûnder doel nei it ljocht dat troch de blêden fan de beam op it gers foel. In grutte eangst oerfoel my. Ik wie der wis fan dat it allegear neat wurde soe. Wat hie my ek beweegd om nei tsien jier nochris te besykjen dy wittenskippers tefreden te stellen. Myn ûnderwerp hâlde my sels al lang net mear fêst, it wie eins te dreech om der mei oaren oer te praten.
Op it dak sieten in pear protters. Wylst ik der nei seach, sylde ien nei ûnderen. Sa wie Hessel miskien ek wol fallen, tocht ik, stadich en doelbewust. Hy wie nei it dak fan in flatgebou gien en wie doe sprongen. Net ien hie it sjoen, net ien wist wêrom't hy it krekt dy deis dien hie. Soe hy noch twivele ha, frege ik my ôf, earst noch nei underen sjoen ha? By alve heech is der wier gjin werom.
‘It wie him dit kear tinken,’ sei Geart, doe't er it my fertelde. Hy hie de tillefoan krigen, wylst ik noch even nei de winkel ta wie, stomgenôch foar in pakje bûter. Hast in healjier letter wist ik it noch sekuer. It wie al hast skimerich, doe't ik werom nei hûs ta rûn, mar de maitiid hong yn 'e loft. Yn 'e beamkes by it parkearplak song in lyster en in siperse kat snúfde optein oan in autotsjil.
Yn 'e dagen dêrnei tocht ik, miskien wol hiel frjemd, it meast oan 'e toan dêr't Geart it my op fertelde. Syn kalme reaksje en dat er nofteren as altyd gewoan it iten klearmakke. Ik wist wol, dat er nea net folle konsideraasje hie mei minsken dy't yn syn eagen mislearre wiene, mar by Hessel die er krekt, as wie it sa mar it bêste. No hie Hessel miskien ek wol net mear te helpen west en hy hie my ek wolris yrritearre mei syn ivige problemen, mar dy kâldens hie ik argewaasje fan. Ik seach him ynienen mei oare eagen. Hy wie mear saaklik as útlitten, dat wist ik wol, mar dat er net fernaam hoe't de dea fan Hessel my sear die, makke my poer. De ofstân dy't ik fielde, groeide mei de dei. Sa't men troch oan ien triedsje te lûken in knoop kwytreitsje kin, sa rekke by us alles los. It Geart betsjutte, koe ik net, dêr hie Erica wol gelyk oan hân, mar hy soe it dochs ek net begrepen ha.
| |
| |
Sawat trije kilometer fierderop stie de pleats dêr't ik de kaai fan myn hûs weihelle hie. De frou fan 'e boer hie doe oanbean, dat ik salang de krante wol mei harren lêze koe. No koene jubileums fan winkellju en feekeurings my net safolle skille, mar it wie in aardich loopke. No en dan helle ik ris in steapel op.
De foarein hie wol wat wei fan in pastorij of in doktershûs, mei in fiver yn 'e tún en in sinnewizer. Ek yn 'e hûs like it mear as in gewoan hûs. Oars as by ús thús rûkte it fris en net nei kûle. De boerinne (dy't sa te sjen noch noait mei west hie te kijferweidzjen) siet yn noed oer de opfolging.
‘Us Jasper wol perfoarst gjin boer wurde en der ha hjir al sûnt jierren Wieringa's wenne!’
De jonge, dy't foar de televyzje siet, sei neat, mar doe't syn mem der op troch eamele, ferwarde hy himsels: ‘Wêrom trout us Hester net mei in boer, dy docht ommers neat leaver as melke.’
Jasper wie, tocht ik, in jier as sechtjin. Hy wie lang en hean en seach wat stoef. Ik hie him wolris foarbyfytsen sjoen.
‘Us heit woe ek graach, dat ik it bedriuw oernaam,’ sei ik, ‘mar dat wie neat foar my. Myn sweager wennet der no.’ De jonge lake. ‘Mar it hat wol in soad argewaasje jûn,’ sei ik der gau efteroan.
Sûnt dy dei brocht Jasper wolris de krante en kaam er der ek wolris eefkes yn. Ik begûn nei him út te sjen. Net dat it sa'n bysûndere prater wie of sa, mar hy helle my teminsten even út it wurk. Hy wie noch echt in bern, noch net bedoarn. Ik seach wol wat fan mysels yn him, hy paste ek net yn it boerefermidden. Wat er oars wol wurde woe wist er noch net. Miskien dokter. Fansels fûn ik him ek wol oantreklik.
It materiaal dêr't ik jierrenlang net nei omsjoen hie, krige my wer yn 'e besnijing. Alle dagen wurke ik no mei nocht oan wat earst mear like hie op in test dy't ik trochstean woe. Myn konsintraasjefermogen fernuvere my noch it meast; alle oare prakkesaasjes sette ik fan my ôf.
By 't simmerdei wie it eins te waarm om oerdeis te wurkjen. Ik hie de kompjûter yn 'e keuken set, dêr wie it noch wol út te hâlden. Middeis siet ik yn 'e tún of swom ik yn 'e feart efter it hûs. Ik tocht net folle oan Geart en in beslút nimme oer wêr't ik yn septimber hinne moast, dêr wie ik hielendal net mei dwaande.
Op in middei kaam Jasper wylst ik krekt swom. Dat like him ek wol wat en yn in tel hie er de klean út en spatte om my hinne. Letter liet er him troch de sinne droegje, in handoek hoegde er net. Hy hie allinnich syn ûnderbroek oanhâlden, sa'n flodderige
| |
| |
boxershort mei kleurich fruit derop. Ik besocht net tefolle nei him te sjen, mar die dat fansels wol. Hy hie dat blanke, hast rôze fel dat allinnich minsken mei ljocht hier ha. Syn liif wie noch in echt jongesliif, rank en glêd.
De oare deis kaam er wer, no tegearre mei Douwe, in freon út it doarp. It wie sa'n ein fytsen nei it swimbad, mochten se wol by my komme? Sy hienen fan alles meinommen: drinken, in fuotbal, handoeken. Earst mâltjirgen se wat yn 'e feart om, dêrnei leinen se rêstich te praten. Ik bemuoide my der net folle mei, brocht in kear glêzen en seach nei se troch it keukensrút.
Nachts, op bêd, hie ik se opnij foar my. Twa jonges fan sechtjin, hast neaken wienen se, it is ek net neat as men al sa'n trije, fjouwer moannen iensum en allinnich is. Ik seach wer de fleurige gesichten, it wiete hier en de moaie liven. Miskien fûnen se dat ek wol fan inoar, hienen se al faak mei niget nei inoar sjoen, fantasearre ik. Dy middeis hie ik dêr neat fan murken, mar miskien ferburgen se it wol as der oaren by wienen. As in âld bok, tocht ik slûch, hie ik nei se sitten te loeren. Moarns betiid waard ik wekker fan in tongerslach. Miskien is it mar goed dat it waar omslacht, wie myn earste gedachte, dan komme de jonges teminsten net wer.
De bui wie tichtby, it tongere oanienwei, mar ik wie te min om der ôf te gean. It hûs stie der al sa lang, it soe no ek wol wer goed komme. Ik sweefde sawat tusken dreamen en tinken yn en alles kaam wer op my ôf. De jonges yn 'e sinne, tsierderijen mei Geart, de keamer fan Hessel dêr't sa'n apart brânskildere rutsje yn 'e muorre sitten hie. Hoe faak hie ik dêr net nei sjoen wylst ik mei him siet te praten!
Hessel prate altyd, ek op bêd. Seks wie foar him mear emoasje as genietsje, sei er in kear. Altyd hie er it der oer hoe't er him fïelde. Altyd hie er it oer himsels. Earst studearre er noch, mar dêr hâlde hy rillegau mei op. ‘Dat kin ik dochs net,’ sei er. Hy sette himsels net botte heech en dat waard mear en mear syn obsesje. Hy stelde neat foar. Elkenien hie wurk, in karriêre of sokssawat mar Hessel socht nei in manier om út it libben te stappen. Jierrenlang gie dat sa troch en earlik sein begûn it ferfeelsum te wurden. Elke kear wer in oare terapy dêr't er dan wer like optein oer wie as oer alle eardere. Nei in skoft mislearre dy dan ek wer.
Sa wie it gien. Yn it lêstoan trof ik him net sa faak mear. Elke kear gie it minder mei him, elke kear hienen wy it allinnich dêr mar oer. Dat Hessel in fleurige jonge west hie, mei moaie brune eagen om wa't ik eartiids nachten net sliepe koe, rekke út myn ûnthâld. Hy wie troch my net te helpen,
| |
| |
dêr wie ik wis fan. Der siet in fatale flater yn syn tinken, dêr't Hessel ek sels lang fan tocht hie dat hy dêr oerhinne holpen wurde koe. Twa kear besocht er it mei pillen, de tredde kear slagge it him. Alve heech. Ik koe wol ien dy't yn dy flat wenne. Soe it wier wêze, frege ik my ôf, dat men by it fallen noch oer alles neitinkt. Soe Hessel noch oan my tocht ha? Ik wist eins wol, dat ik net sa wichtich foar him west hie. mar út en troch gie dy gedachte yn my om.
Lang om let rekke ik yn 'e sliep. Ik dreamde, dat ik wer by Geart wie.
Ik skreau Geart in brief. Koart, saaklik. Dat ik hast klear wie en dat wy marris prate moasten. Dat ik tocht hie dat er wolris delkomme soe, neamde ik lansels net.
Op in jûn rûn ik nei it iten de kant fan it doarp út. It wie rêstich, yn 'e greiden ferweegde neat. Yn in fjild stiene twa hynders te dreamen. De lêste tiid rûn ik jûns wol faker, it wie in manier om de ûnrêst dy't ik fielde kwyt te reitsjen.
It wurk wie hast klear en septimber kaam tichteby. Erica har wurden kamen my hieltyd faker yn 't sin: miskien hie ik mear mei Geart prate moatten. Tagelyk wist ik dat it lef fan my wie om de maklikste wei te kiezen om net hielendal oernij te begjinnen. Wie it wol earlik?
It doarp lei heech op in terp, de toer fan 'e tsjerke kaam mar krekt boppe de beammen út. Fierder fuort seach ik noch mear fan dy wûnderlike terpen mei elk wer in tsjerkje. Sa wie it in pear hûndert jier lyn ek al, tocht ik en dat fûn ik in fredich idee. Yn it doarp wiene noch in pear minsken op 'e dyk, de measten hie ik wol folle faker sjoen en elk sei ‘Goeie’. Douwe gie mei in frou (syn mem?) yn 'e hûs. Ik skamme my der wol in bytsje foar, mar myn hert bûnze eefkes doe't ik him seach. De jonge moast ris witte, hoe faak ik oan him tocht hie.
It wie hast donker en ik gie werom. Yn in beam song in lyster, fierders wie it no echt stil. Ik moat der wol wat oan dwaan, tocht ik, sûnder oanhâld is der neat oan. Jasper of Douwe, dat wie fansels allinnich mar seks, dêr hie ik neat mei te bepraten. Dat wie foar ien kear. Dêr hie Hessel oars wol bedreaun yn west, dy hie der gewoan mei Jasper oer praat en hie miskien ek noch wol wat foarinoar krigen. Op dat stik hie hy my fier de baas west.
Geart wie yn Spanje. Hy stjoerde in aansicht mei in hotel derop, tichtby in fol strân. Unpersoanliker koe it eins net. Mear as ‘groetnis’ stie der ek net op. Dy is goed lilk, tocht ik. En: hy hat no fêst in beslút nommen, oars wie er wolris by my kommen. Miskien wie er wol mei in oar dêr.
| |
| |
Ek wie ik wol in lyts bytsje optein, sa wie it dúdlik wat der barre moast. Troch neat te dwaan, stil te sitten, wie der dochs wat feroare.
‘Do kinst fansels altyd in hûs keapje,’ fûn Erica. Ik hie har opbelle om it te fertellen. ‘De prizen sakje, leau ik, wer.’
Ik stie yn 'e tillefoansel yn it doarp. In trekker ried foarby.
‘Silst aanst ek wol wer mear fertsjinje, net?’
‘Sa is 't net mear, net ien sit derop te wachtsjen dat ik promovearje. It is al in wûnder dat ik ûnbetelle ferlof krigen ha.’ ‘Dochs fyn ik it spitich. Geart is in goede fint.’
‘Soms giet it sa,’ sei ik. Wêrom hie ik har eins belle, tocht ik. Wêrom fleure se my net wat mear op?
‘Der stiet in frou te wachtsjen foar dizze sel, wy moatte marris ophâlde,’ liigde ik, ‘as ik wat mear wit, belje ik noch wolris wer.’
De hiele doarpstrjitte wie leech. Heech boppe my luts in fleanmasine in wite streek troch de loft. Foar't er biology studearre, hie Hessel piloat wurde wollen, kaam my ynienen yn 't sin. Mar hy hie hichtefrees.
Yn it lêst fan augustus wie it rûnom stil. It waaide net, de fûgels hâlden har stil en oer alles hong in neare waarmte. It makke my suver bang, as soe der wat slims barre. Doe't ik yn 'e hûs kaam, die ik de radio oan.
It wurk wie dien. Elke dei die ik de kompjûter noch wol oan om it ien en oar nei te sjen, mar beslist nedich wie dat net mear. Sa stelde ik de ôfreis noch wat út.
Der wie koarmuzyk foar de radio en fuort dêrnei allinnich in sjongster. Heech, klear en tragysk klonk har stim en it gie my troch alles hinne. De wurden koe ik net ferstean, it like op Dútsk, miskien wie it Bach. Doe't it út wie, rûnen de triennen my oer de wangen.
Dy moarns hie ik in brief fan Geart krigen. Trije siden wienen it, kreas typt, hy hie him net ien kear fersind. Earst neamde er hoe bliid er wie dat ik lang om let berjocht stjoerd hie. Doe in hiel ein oer ús, syn mieningen dêroer, syn lilkens en dat ik noait sein hie wat der mis wie, mar dat hy tocht dat it nei Hessel syn dea begûn wie. Der stie neat yn oer hoe it fierder moast, ek neat oer it partsjen fan ús húsrie.
Ik wist net mear wat ik dwaan moast. Ik wist ek net krekt mear, wêrom't ik by Geart wei gien wie. Hoe't ik yn sa'n stimming rekke wie dat alles wat er die, ferkeard wie. Hie ik my op him ôfreagearre om't Hessel dea wie? Mei Hessel wie yndertiid it libben yntins romantysk west, sa
| |
| |
hie ik it teminsten ûndergien. Mei Geart hie alles folle kalmer, gewoaner west. As sylde ik sa djip net mear.
Jasper kaam hast noait mear, mar op in jûn seach ik him oankommen op de fyts en ik rûn nei bûten ta.
Ik besocht ûnferskillich te dwaan. Oan syn gesicht koe ik wol sjen dat er optein wie. Hy bleau lykwols mei de fyts tusken de knibbels stean. Syn hier wie knipt, syn earen koe ik dúdlik sjen. ‘Ik moat wer fierder,’ sei er. ‘Ik moat Annet noch ophelje, Douwe syn suster. Wy geane nei de disko.’ ‘Mei jim trijen?’ frege ik. Sa stom wie ik. ‘Nee, wis net. sei er en krige in kaam.
Noch ien dei en it wie septimber. It wurk wie no echt dien. Ik fytste nei it doarp ta en wachtte oant de tillefoansel frij wie. Der stie in frou yn. Ik gie op 'e treppen nei de tsjerke sitten. Myn eagen wienen op 'e selde hichte as it gers fan it tsjerkhôf en ik koe allegear michjeguod sjen. As lytse fleanmasinen, sa like it wol hongen se stasjonêr yn it Ijocht. Fjouwer moannen hie ik my krekt sa ûnferweechlik hâlden, tocht ik, sûnder folle te berikken. Myn wurk wie ôf, wis, mar fierder mealde ik der mar wat yn om. It wie better dat ik wer ûnder de minsken kaam. De frou kaam ta de sel út. 'Jo kinne der by hear,’ rôp se.
Ik draaide it nûmer fan Geart syn wurk, hy moast my mar helje. Dat like my de koartste klap.
|
|