Lolkje op de Hoek
Draach-objekten
Lolkje op de Hoek (Snits, 1962) is yn 1990 ôfstudearre oan 'e A.B.K. ‘Minerva’ yn Grins. Sûnt dy tiid hat sy eksposearre yn Grins, Luxembourg, Gent, Emmen, Zwolle, Enschede en Snits.
Op de Hoek makket ‘tas-objekten’. It binne yn it earste plak autonome wurken, mar sy kinne ek droegen wurde. De objekten dogge tinken oan bisten as krabben, oesters, slangen en krobben.
Fan belang by har wurk is de aard fan it materiaal. Guon objekten lykas de ‘krabtas’ lykje sêft en ferliedlik troch it gebrûk fan floers en lear. Mar dat objekt hat ek skerpe kanten, fertsjintwurdige troch hout en koper, sadatst dy wol betinkst om him samar te aaien.
Oare, resintere objekten lykas de ‘rugkever’ binne minder feninich. It giet by dat objekt mear om it ferdigenjende as om it oanfallende. It hat in skyld dat as in pânser de ynhâld fan de tas beskermet.