men dy't him troch elk koeienearje lit ta in minske dy't sels útmakket hoe't syn libben derút sjen sil. Hy hat sjoen dat de wrâld folle grutter is as er tocht en hy hat as baas fan de fulkaan ynienen autoriteit krigen, ek al bestiet dy allinnich yn syn eigen holle. Dat liedt derta dat er net langer ûnderhearrich wêze wol.
Pausewang beskriuwt dy opstân fan it yndividu mei in grutte distânsje. Troch it ûntbrekken fan elke monologue interieure krijt de lêzer gjin streekrjocht ynsjoch yn 'e tinzen en it fielen fan de haadpersoan, mar bliuwt taskôger fan in rige hannelingen dy't allegearre in eigen symboalysk karakter hawwe. Net Pepe syn karakter stiet op 'e foargrûn, mar wat oer him komt, syn lot. Hy stiet symboal foar tûzenen earmen dy't útrûpele wurde troch minsken dy't net better of tûker binne as harsels, mar dy't tafallich de macht hawwe. Dy belangstelling foar de minske as ûnderdiel fan 'e maatskiplike realiteit is karakteristyk foar it wurk fan Gudrun Pausewang. Hja ferklearre ris yn in fraachpetear dat hja nea belangstelling hân hie foar ‘private, individualpsychologische Themen als Romansujet.’ Yn har wurk stiet, sa't hja sels seit, ‘das Verhalten des Menschen als Repräsentant der Gesellschaft’ sintraal. (yn: Diskussion Deutsch, Heft 109, oktober 1989, side 484).
De distânsje dy't yn it begjin fan it boek al oerhearsket trochdat der allinnich oer de personaazjes skreaun wurdt en net út harren sels wei, wurdt geandewei noch opfierd. As Pepe yn it tredde part fan it boek syn eindoel, de fulkaan, lang om let berikt hat, wurdt der net mear direkt oer him praten, mar allinne fia oaren. De minsken hawwe it oer him as ‘it meunster fan de Macaruco’ dy't de fulkaan bewennet en him mei stellen en moardzjen yn libben hâldt. Dat leveret in tige oangripend byld op fan in lossleine reus, bedragen troch de hiele wrâld en feroardiele ta misdied, sjoen troch de eagen fan froede boargerlju. Mar it is ek in needsaaklik gefolch fan de troch de skriuwster folge strategy fan distânsje: yn 'e perioade dy't Pepe op 'e berch trochbringt, praat hy mei nimmen, syn kontakt mei de bûtenwrâld is minimaal. Der binne dus gjin dialogen dy't tsjinje kinne as middel om de hanneling en de yntinsjes fan Pepe te ferdúdlikjen.
Foar it hiele boek jildt dat, mei't de personaazjes en hannelingen op ôfstân beskreaun wurde, de maatskiplike struktueren om sa te sizzen sichtber makke wurde. Troch it ramtwurk fan it barren yn 'e roman skimeret de werklikheid en elk personaazje is in symboal foar in elemint út dy werklikheid. Wat dat oangiet is Pepe Amado besibbe oan mearkeferhalen. Yn mearkes