Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 190] [p. 190] Harmen Wind Ferklearringen I Leafste, belibje my jûn net te rimpen, ik hâld it yn dizze ferealing net út. It ein stekt my rjochts en lofts troch de mesjetten, it siket hâldfêst op dyn ielglêde hûd. De sinnen, se litte har net mear fersette, sadreesto my oanrekkest neaken ast bist, is it oantinken wei, wurdt it langstme fermist. [pagina 191] [p. 191] II Do hast gjin libben, leafste, do bist it. Do bist net wa't ik skriuw, net op wa't ik wachtsje, net nei wa't ik útsjoch, do bist mear as ik fan dy hâlde kin, flam yn it moarmer, spegelbyld fan 'e moanne. Minlik nimsto myn krâns, litst my efterut gean. [pagina 192] [p. 192] III Leafste, eltse moeting is in ôfskie. Lês myn ferrie yn alle beloften. Reitsje dyn boarsten oan en fiel myn hannen. Bewarje dizze wurden waarm en wiet, beane op in spûns yn maaie, en gean op bêd. Ast der ôf komst bist it paad bjuster. [pagina 193] [p. 193] Exit I De toer yn, needútgong nei boppen. Laaien klapperen as wjukken, in warleaze hoanne bewekke de himel, de kime beheinde de dei. Yn 'e djipte jankere in hûn, twa slaggen letten ús de grize oer de grouwe, wy fielden it fûnis yn wat ús ferbûn. [pagina 194] [p. 194] II Op 'e hichte fynt men syn tekoart. Wy stiene oan 'e trâns te happen yn 'e wyn, it útsicht hood ús gapjend yn 'e rekken. Krieën skrasten troch ús dreamen. Op 'e romte rûn ús opgong dea. Wy skreauwen noch, der west te hawwen. Koart berjocht mei spikers yn it lead. Vorige Volgende