| |
| |
| |
Sapfo fan Lesbos / Klaas Bruinsma
Bea ta Afrodite
Unstjerlik' Afrodit' op fraaie troane,
dochter fan Zeus, dy't listen frisslet, 'k bid Jo:
ferniel dochs net troch pinen en troch eangsten
mar kom by my, sa't Jo alearen dienen,
as Jo de lûden fan myn leafde hearden
fan fierren, en Jo heite gouden wente
Jo wein spand ûnder 't jok. Jo waarden brocht fan
moaie en flugge swannen, faak de flerken
slaand' út 'e himel troch de middenloft oer
Rap kamen hja, en Jo, o sill'ge frouwe,
Jo hien' in glimk' op Jo ûnstjerlik antlit
en fregen wat ik no wer lijd' en wêrom
en wat ik 't leafste woe, dat barre soe oan
myn dwaze hert. ‘Wa moat no troch Oertsjûging
werombrocht wurde ta dyn leafde, Sapfo?
| |
| |
Al wykt hja no, hja sil al gau dy folgje.
Al nimt hja gjin presint, hja sil se skinke.
Al hat hja net leaf, hja sil gau dy leaf ha,
O! kom ek no by my; wol my befrije
fan swiere soargen en ferfolje al wat
myn hertelangst begeart, en wês Jo selme
| |
| |
| |
Oan in jong fanke
O! Dy man liket my allyk de goaden
te wêzen, dy't syn sit hat foar dy oer en
fan tichteby dyn swiete wurden heart en
en dyn bekoarlik laitsjen dat - wiswrychtich!
't hert yn myn boarst fan eangstme krimpe lit.
Want as ik dy mar efkes sjoch, dan komt der
mar is myn tong' alhiel beferzen; daliks
rint ûnderhûds in sêft fjoer troch my hinne,
en mei myn eagen kin ik net mear sjen, en
en 't swit streamt by my del, en hiel myn lichem
befangt in huvering. Bleker as hea bin 'k.
Sels liket it my ta, it skeelt net folle
| |
| |
| |
Oan Atthis
Doe't hja jit by ús wie, doe seach hja dy Atthis,
allyk in goadinne, dy't tige bekend is,
en hie grutte nocht oan dyn sjongen en dûnsjen.
Mar no blinkt hja út by de Lydyske froulju.
Hja is lykas neidat de sinne fersonk en
de moanne mei goudene strielen allinne
yn 't himelrom alle stjerren oermânsk is.
Hja struit dan har ljocht út oer 't sâltige seewiid
en ljochtet allyk oer de blomrike lannen.
Dêroer leit de sierlike dauwe útgetten.
Yn swidens stean roazen en 't fynblommich piipkrûd
en klaver mei swietrook fan huning te bloeien.
Faak doarmet hja hinne en wer en dan tinkt hja
oan fleurige Atthis werom mei in ynlik
ferlangst, en har siel wurdt tefretten fan hertsear.
| |
| |
| |
Myn freondinne is fier
'k Bin iensum; myn freondinn' is fier.
'k Woe sûnder ligen, ik wie dea.
Hertsynlik skriemend hat hja my ferlitten.
En mannich kear sei hja tsjin my:
‘Hoe skrikkelik is ús fertriet!
Sapfo, wier tsjin myn sin moat 'k dy ferlitte.’
En ik joech har ta antwurd dit:
‘Farwol, no gean, en tink oan my,
want do witst wol hoe wiis wy mei dy wienen.
As 't net sa is, dan wol ik dy
wol bring' yn 't sin, datsto ferjitst
al 't myld' en moaie, meiinoar geniete.
Doest wiest by my, hast om dyn hier
gans krânsen fan fioeltsjes weefd,
fan roazen, krokus en fan dille friss'le.
En om dyn sêfte hals hast twynd
sa mannich slinger, swiet fan geur.
Dy wienen fan de leafste blommen flochten.
En ek hasto myn holle faak
mei streamen djoere mirr' ynwreaun,
swietrook, dy't sels in keninginne foeget.’
| |
| |
| |
Oan in jonge breid
I
Lykas de swiete appel, dy't readet oan d' ein fan in tûke,
d' útein fan d' alderheechste, troch d' appelteppers fergetten,
nee, net fergetten troch har; mar hja koenen net sa fier rikke...
| |
II
Lykas it blauwe klokje, dat groeit yn 'e bergen, troch hoedersfuotten
fertrape, wylst leech by de grûn de poarperen blom bloeit...
| |
| |
| |
Leafde is bitterswiet
Eros, dy't de lea fersloppet,
Slang mei bitterswiet fenyn,
en der is gjin krûd foar woeksen.
Eros skodde fûl myn herte,
de wyn dy't strûst fan bergen
sa hat Eros myn hert ferge.
| |
| |
| |
It moaiste op 'e swarte ierde
Guon minsken sizze, op 'e swarte ierde
is 't moaist' in leger ruters; oaren ‘fuotfolk’,
oaren ‘in float’, mar ik sis: 't is dyjinge
Hiel maklik is dat dudelik te meitsjen
oan elts, want hja dy't fier útstiek yn tsjeppens
bopp' alle minsken: Hélena ferliet har
en gyng oan board en fear nei 't fiere Troje,
en tocht net oan har bern en leave âlden,
mar liet har yn 'e leafd' alhiel misliede
Dat bringt my Anaktoria yn 't sin, dy't
'k Wol leaver har bekoarlik stappen skôgje
en 't helder strieljen fan har leaflik antlit
as striidweinen fan Lydia of 't fuotfolk
| |
| |
| |
De Jûnsstjerre
Hesperos, Jo dy't al wat de heldere dage ferspraat hat,
werbringe, Jo bringe skiep en geit, en it bern by de mem wer.
| |
| |
| |
Midnacht
en de Plejaden; 't is midnacht.
Nachtwacht stapt my foarby, en
ik lis allinne te sliepen.
| |
| |
| |
Folle moanne
De stjerren om de moaie moanne hinne
ferskûlje op 'en nij har ljochtsjend antlit,
nodat de folle moanne 't helderst strielet
Sa koel as hillich wetter streamt de sulvren
floed troch de tûken fan de appelbeammen.
En fan de goudoergetten blêden dripket
|
|