Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 216] [p. 216] Cornelis van der Wal Konkurrinsje Snie is it iten fan dit frjemde bist, dea leit it mei iepenhertich read boarst yn it skerpe gers, wylst de moanne frijwat lêst hat fan dúst. Ik ynstallearje de eagen en koarje sawat fan it stjonken. Yn it kadaver beweecht wat, in stikmannich lytse kopyen fan Cornelis krûpe der om. Smeekjend sjogge se nei harren hearsker omheech, it binne bleate rôze mantsjes en wyfkes dy't gûle. Aansens sille se faaks noch fûler raze, want ien is mear as genôch. [pagina 217] [p. 217] It nije iis Yn dize sakket de skiere sinne, stekt himsels op in skerpe toer. Ut it easten komme kâlde tinzen. Jongesfuotten kreakje it nije iis op 'e strjitte; de goaden struie aansens sâlt. Poddehierren en pûkels skitterje switterich en fet. Yn 'e himel lykwols friest in holle skjin en siket om in iisfaam. Vorige Volgende