Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 169] [p. 169] Ellin A. Nickelsen / Marten Sikkema Unthjit Asto honger hast kinst ta my komme krijst dyn gerak asto wurch wurdst bist my wolkom ûnder myn dak Mar besykje nea my te finen is de dei ferrûn dy oan my te binen. Binn' dyn tinzen tryst klopje by my oan fynst treast by my bringt de noardewyn sniejacht, kom deryn en waarmje dy Mar bliuw hjir nea oant 't opgean fan 'e sinne ferlit my sûnder fraach en sliep by nacht allinne. Vorige Volgende