Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 167] [p. 167] Ellin A. Nickelsen / Marten Sikkema Watsto wolst Ik bin foar dy allinne bleaun wat wolsto mear haw út de djipte omheech my treaun ik dûnse op diggels dat it snie mar 't die dy neat wat ik mar die wat wolsto mear wat wolsto mear Ik koestere myn langst sân jier wat wolsto noch tesnie tebaarnde read my 't hier reizge dy nei de wrâld yn 't rûn mar dêr't ik kaam wiest krekt ferdwûn wat wolsto noch wat wolsto noch Ik ha my bûgd ik ha my bûn dat wolsto wol mysels en oaren leagens spûn myn lijen 'k tocht deryn te bliuwen mar learde inkeld 't wei te triuwen dat wolsto wol dat wolsto wol Vorige Volgende