Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 153] [p. 153] Ellin A. Nickelsen / Marten Sikkema Tiidstream Krekt wiene de ôfskiedstriennen droege doe wie ik al yn 't wetter sprongen en fan in krêft'ge ebbe waard ik nei nij lân en libben twongen. Ferlern is dêr't myn herte oan hinge, ik wit net mear wat frjemd, wat nei myn âlden, freonen, doarp en sprake ferdiizje as tinzen op myn wei. En werkomst hjir betsjut gjin bliuwen, fan dy't hjir tahâldt en dy't gong rûn 't deistich libben stiloan fierder sunt ik dy deis yn 't wetter sprong. Vorige Volgende