Ingwer Esmarch / Jarich Hoekstra
Dat moatst sels witte
It wie in waarme simmermiddei. Sa waarm en moai as de simmers altyd net binne. De lytse jonge wie tige mâl mei syn heit en dêrom woe er ek mei him nei skoalle ta, hoewol't it sok prachtich waar wie. Hja sieten by de kofje.
‘Leave, ik wol no fuort’, sei de heit. ‘Wolst mei?’
‘Ja, heit’, antwurde de jonge. ‘Dat wol ik graach.’
Krekt doe't de heit nei de skoaltas gripe woe, wie der ien by de doar. It wie buorman. De jonge hearde hoe't buorman fertelde, dat se te swimmen gienen, en oft er faaks ek mei woe.
De heit kaam út 'e gong wei.
‘Leave, buorman is der.’
‘Ja, ik haw it al heard.’
‘Wat seist, hast der ek sin oan om mei te swimmen?’
‘Heity, ik ha heity dochs ûnthiten om mei nei skoalle ta?’
‘Ja, leave. Mar ik fyn it net slim atst net meigiest. Ik kin it my skoan yntinke atst leaver swimme wolst.’
‘Earlik wier, heity?’
‘Ja, leave. Mar do moatst it hielendal sels witte. Doch sa'tst graach wolst, en bekroadzje dy net om my.’
De lytse jonge helle syn skulk en swimbroek en sette ôf.
De heit krige de tas en rûn dat út nei skoalle ta. Underweis kaam er troch in foech bosk, lykas alle dagen ûnderweis nei skoalle ta. Mar hjoed naam er dat paad ek, om't it koel wie ûnder de hege beammen. Doe't er sa rûn, hearde it krekt as jammere dêr wat. Hy bleau stean. Ja, dêr wie wat. Efter him. Hy koe it dúdlik hearre. Hy draaide him om en run stadich werom. Dêr seach er de lytse jonge midden op 'e dyk ûnder 'e grutte tsjustere beammen stean. Hy gûlde.
‘Leave, wat is der dan oan. Ik miende datst swimme woest?’
‘Och heity, ik wit dochs net wat ik wolle moat?’