Ingwer Esmarch / Jarich Hoekstra
De brodske hin
It aai lei rêstich yn it sêfte nêst fan hea. It wie in brún aai en de hin seach tefreden nei har aai, dat se dochs mei frijwat muoite lein hie. Krekt lykas de oare fiif, dy't al yn it nêst leinen. Hja hie in plakje útsocht, dêr't de boer har net fine koe. Mar de hun, der moast se foar op har iepenst wêze, at út dy aaien nochris pykjes komme soenen. De grutte hûn kaam wol gauris troch de skuorre en hie har ek alris hjir efteryn 'e hoeke ûnder 'e meantersker sjoen, doe't se begûn wie te nêstmeitsjen. Mar doe hie se beard dat se om wat kerltsjes socht en hie sjoen, dat se heech op 'e foarbalke fleach doe't er te deun by har kaam. En doe't se nei it sechde aai seach, dat dêr no sa rêstich mank de oaren lei - ja, hja koe alle aaien útinoar - doe kaam har yn 't sin, hoe't se de boer ek tefiter hân hie. Dy hie alle hinnen op 'e loer, dy't har aaien net yn 'e nêsten leinen dy't dêrfoar makke wienen. De hiele nacht hie se altyd op har nêst sitten en in aai útbret. Dêrby hie se mar amper sliep krige, want oerdei siet se dan op it aaienêst en brette mei de oare hinnen. It sechde aai waard de nachts foar Peaske berne.
Seis nachten sûnder sliep, dat wie foar in hin dy't net skine litte mocht, dat se brodsk wie, stoefernôch. Krekt no mei Peaske no't de boerinne op elk aai út wie. Mar hja hie it fêst foar har nommen. Fan 't jier woe se in team piken útbriede. Mei dat doel foar eagen seach se nochris nei har seis aaien en rûn doe wurch mar dochs lokkich werom nei it hinnehok, want de hoanne hie al kraaid.
De lytse jonge hie al dagenlang nei it peaskeaisykjen útsjoen en iverich seach er mei syn bruorkes en suskes yn alle hoeken en hernen fan 'e skuorre. It hie reind, dat sadwaande hie de peaskehazze yn 'e skuorre west. Poertafallich fûn de lytse jonge it nêst en mocht alle aaien hâlde. Ja, hy mocht se sels fervje.