Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 135] [p. 135] Ingwer Esmarch / Klaas Bruinsma hoeder sûnder hûs hja hawwe my myn dak ûntnommen en neat dêrfoar yn 't plak wer set yn waar en wyn stean 'k as in beam no dy't neat gjin romt' te groeien het hja ha myn muorren my ûntnommen en plak te skûljen haw ik net 'k bin as in eilân mids it wetter dêr't weach nei weach oan d' igge fret hja ha myn balken my ûntnommen gjin stipe litten dy't my skoarret ik lis yn pún en wachtsje op de hân dy't achtleas my fergarret hja hawwe ek myn tsjerke nommen dêrfoar in skoalle sette litten ta wittenskip en ‘foarming’ twongen my mei myn leauw' allinne litten lykwols myn moed ha hja net fûn noch myn boarne dy't in stien beslút dy lit 'k my fan gjin ien ûntnimme dêr wâlje frij myn tinzen út Vorige Volgende