Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 117] [p. 117] Ingwer Esmarch / Klaas Bruinsma de fjoertoer 54o noard fan d' evener 8o east fan Greenwich streaket de wyn dy fan alle kanten spielt wetter fan de waarme stream brûzjend om dyn foet fêst fûndearre yn 'e grûn stiesto pal yn rein en stoarm struist dyn ljocht út oer it hêf as 'k nei in lange jûn dy blinken sjoch en al wat twivelj' oan 'e fêste grûn, dan rin ik dochs it leafst op dy mar ta en lynje tsjin dyn brede rêch en lit my mei dyn strielen driuwe dy't fier de tsjusternis yn skine en dochs tink ik dat ik se gripe kin flearmûzen boartsje yn dyn ljocht en blink' as stjerren as hja fan de iene bondel fan strielen yn 'e oare glide as riisden hja op wjokken fan dyn ljocht in oare wrâld yn [pagina 118] [p. 118] ik steeg ma ja amhuuch wan ik me fååst apiinj de kröög fäil ik hü e win de foon fråmde lönje piswisket, fäil hü dü ouer schaawe gladst än ban dan tjööge foon hoowen, twivel, luk än truur dü stoonst sü sääker apönj e hamel än duch, wan ik dan widere gung sü schint din iinsåm jåcht as twiwel en hönj, wat üt e fiirnse üt et wååder långt än ma e san åålsani unergungt ik täiw ma de aw en ouderen een [pagina 119] [p. 119] en ik, ik flean mei har omheech as ik dy stiiffêst oankrûp fernim ik hoe't de wyn dy fan frjemde lannen ferhellet fiel ik hoesto oer skippen gliidst en bin ik tsjûge fan hope, twivel, lok en fertriet do stiest sa wis tsjin de himel en dochs, as ik dan fierder gean skynt my dyn iensum ljocht as twivel in hân dy't yn 'e fierte winkt út 't wetter en mei de sinne stadich ûndergiet ik wachtsje mei dy op in oare jûn Vorige Volgende