Reinhard Bordel
Etsen
Reinhard Bordel is berne op 11 juny 1923 yn Hammermühle/Pommern. Hy studearre yn Kiel fan 1946 oant 1948 en yn 1955-56 oan 'e dosinteoplieding foar keunst.
Hy hat yn it ûnderwiis oant 1985 ta as tekenlearaar wurke en wie lid fan it Bundesverband Bildender Künstler Schleswig-Holstein. Der wiene solo-útstallings fan syn wurk yn München, Erlangen, Westerland, Segeberg, Kappeln, Büsum en op Feer.
Groepsútstallings wiene yn Dútslân, Denemarken, Noarwegen en Frankryk.
Syn wurk is publisearre yn boeken en tydskriften.
Bordel wennet sûnt 1948 op Feer.
De tematyk fan syn byldzjend wurk, benammen yn de etsen, komt fuort út de konfrontaasje mei de natuer en de histoarje fan de Noardfryske eilannen.