Jakob Tholund
Noardfryske literatuer
Yn 't algemien kin men sizze: Der is noch net lang Noardfryske literatuer - en der is net folle, en wat der is, kin men hast better oantsjutte as in Noardfrysk taaldokumint - en net as literatuer. Sa besjoen, soe men suver hoopje, dat de skiednis fan 'e Noardfryske literatuer no lang om let nochris begjint.
It is nuver, dat it earste gruttere wurk yn it Frysk faaks oant no ta ek it bêste is: de komeedzje fan Jap P. Hansen, Di Gidtshals of di Söl'ring Pid'ersdai. Jap Peter Hansen is yn 1767 te Waasterlun op Söl berne. Hy hat earst op see fearn en hat dêrnei as koster en ek as skoalmaster yn Waasterlun en Kairem oan 't wurk west. Syn komeedzje hat er skreaun tusken 1788 en 1792, it stik is foar 't earst printe yn 1809 yn Flensburg.
De Gidtshals spilet op Pitersdei, de 22ste febrewaris, de grutste feestdei foar de Noardfriezen, foaral op Söl. Haadpersoan is de boer Pider Matsen. Hy is sa deun, dat er syn jonge en syn famke net ienris jild jaan wol om op Pitersdei te dûnsjen. Der falt gâns te laitsjen - en oan 'e ein fan 't stik meie Korneelis en Elen, de bern fan 'e deune boer, dan dochs noch fuort. Grappich wurdt it stik ek troch de taal: In man út Noardjutlân praat in brutsen Sölring, ien brûkt in dialekt fan 'e fêstewâl, in seeman wol syn Frysk mei alderhanne frjemde wurden wat opsnolkje en in frommeske, dat ôfgryslik sûpt, mjukset Sölring, Heechdútsk en ek Leechdútsk hieltyd trochinoar.
Dietrich Hofman hat sjen litten, dat Jap Peter Hansen foar syn komeedzje in soad leard hat fan Ludvig Holberg syn toanielstikken. Lykwols kin men sizze, dat syn wurk in grutte wearde fan himsels hat. It is ek in skoandere spegel fan it libben op Söl yn it ferline.
Op Söl hat letter Erich Johannsen (1862-1938) ek noch gâns toanielstikken skreaun dy't yn syn tiid in soad spile binne. Mar dy ha net de betsjutting dy't de Gidtshals fan J.P. Hansen hat. Faaks is L.C. Peters (1885-1949) fan Feer de iennichste, dy't it mei Oome Peetje ütj Amerika slagge is en meitsje in stik, dat tsjin 'e Gidtshals meunsterje kin. Benammen om syn ferskes, foar in part op wizen fan L.C. Peters sels, is Oome Peetje altyd graach spile, foar 't lêst by it Frysk Kongres yn 1988 yn Öövenem op Feer.