[Nummer 3/4]
Redaksjoneel
Achte lêzers,
Dit spesjale nûmer fan Trotwaer is alhiel wijd oan 'e Noardfryske literatuer. Wy wolle, om it yn boerejongfrysk te sizzen, de swetten útlizze en dochs yn Fryslân bliuwe. Dêrta hawwe wy Jakob Tholund frege om foar Trotwaer in represintative karút te meitsjen fan 'e hjoeddeiske Noardfryske literatuer. Dy karút befettet njonken bydragen dy't alris in jiermannich ferlyn publisearre waarden, gâns wurk dat nea earder útkommen is.
Wy hawwe hjir te krijen mei in echte minderheidsliteratuer. Publikaasjemooglikheden binne der amper. Der is net iens in fêste literêre periodyk.
Lykas yn mear minderheidsliteratueren komt de poëzy it meast oan bod. Dy biede wy jimme oan yn de oarspronklike dialekten fan it Noardfrysk, mei dêrnjonken in oersetting. It proaza jouwe wy in oersetting fan, mei op 'en heechsten in lyts priuwke fan de oarspronklike taal.
Wy wolle hjirby Jakob Tholund, en de oersetters Klaas Bruinsma, Jelle Krol, Marten Sikkema en, as lêste mar wier net de minste, Jarich Hoekstra fan herten betankje foar harren ynset.
De redaksje