nei suverens (s. 18): ‘It makke Flip ta in soarte fan freon, in meispiler yn it stik fan de ‘suverens’. Gjin niget dat Flip yn de ik-figuer in gefoelsgenoat sjocht en him útnoeget foar in fytstocht Drinte yn dy't fansels raar beteart. De misferstannen wurde net útpraat. Dat leit net allinnich oan de ynbannige moade fan dy tiid. Flip en de ik-figuer binne beide gjin grutte kommunikators. Sa wurde yn de earste trije haadstikken de figueren fan de haadrolspilers tekene. Flip siket letter de ik-figuer yn de oarloch op om him te freegjen foar ynljochtingewurk dat hy opsette wol. De reaksje is: ‘Wy sjogge wol.’ De folgjende en lêste moeting is op it needlottige jierdeisfeest fan Peter dêr't de ik-figuer him op sleeptou nimme lit troch seksy Swobby. By de oerfal troch de Dútsers wurdt Flip, de Terroristensau, meinommen. Yn haadstik fiif komme sa de triedden byinoar en krije wy ek de ûntknoping.
Haadstik sân foarmet dan de epilooch. Yn it foarste plak wurdt dêr ferteld hoe't it ôfrûn is mei de persoanen út it boek. Soks foldocht - nettsjinsteande alle gepraat oer ‘tranche de vie’ en sa - altyd skoan, want wa is no net benijd hoe't in ferhaal der't jo troch meinommen binne, ôfrint? Fierder is it dan ek tiid foar de ôfrekken (s. 56): ‘Mar Flip bliuwt myn kwea gewisse, myn ûnbetelle rekken.’ Oft hy him no yn de steek litten hat, freget de ik-figuer him ôf. In freon litte je net yn de steek; mar wie Flip syn freon eins wol? Sa binne wy dan werom by de fraach nei de kommunikaasje dy't der net wie.
Wie der ferrie yn it spul? Wadman spilet it klear en jou op de lêste bledside noch efkes in pear alternativen foar mooglike ferriedersrollen, dêrmei tagelyk stof foar noch wol in roman suggerearjend.
Yn koart bestek in drama fan twa minsken dy't byinoar lâns libje, tsjin de eftergrûn fan it drama fan de oarloch, sa kinne jo dizze nijste Wadman omskriuwe. In boekje dat moai past yn syn oeuvre.
Dit is al wer it fjirde boekewikegeskink: Eppie Dam, Hylkje Goïnga, Margryt Poortstra binne Wadman foargien. Om bar wurdt in mear bekende en in minder bekende skriuwer frege. De tradysje krijt grûn ûnder de fuotten. Datselde jildt ek foar de útjeften fan Boekenijs dy't skoan besjen lije kinne.
It ôfrûne jier 1991 wie it earste ûnder de nije subsydzjeregeling fanwege de provinsje. De útjouwers krigen gâns minder it boek, mar benammen foar de wat gruttere útjouwers waard dat goedmakke trochdat hja no foar àl har boeken subsydzje krigen. It Fryske Boek krige mear, mar kin ûndernimmens as it geskink en it djoere Boekenijs mar mei lijen bestuiverje. De útjouwers kinne oan de propaganda net mear in soad bydrage, no't hja minder subsydzje krije. En de boekhannels?