Teake Oppewal
Rjochtsetting en errata
Yn myn artikel oer de tiidskaal yn De Hoara's fan Hastings (Trotwaer 1991, s. 187-193) haw ik by fersin de yndruk jûn as soe Simke Kloosterman letterlik beweard ha dat sy as skriuwster yn in roman it rjocht hat te sizzen: 2 + 2 = 5.
It giet om in parafraze fan my, wêrmei't ik de essinsje fan har reaksje op de krityk fan Hof op syn skerpst werjaan woe.
Fierder hat it setduveltsje twa flaters yn de ôfprinte tekst feroarsake.
It lêste jiertal yn it artikel is ferkeard. Der stiet 1909, dat moat fansels 1919 wêze, sa't út it ferbân wol likernôch bliken docht.
Boppedat binne de ûnderneamde literatuerferwizingen earne weirekke.
Ph. Breuker, |
‘WUTHERING HEIGHTS op syn Frysk, oer ûntstean en karakter fan De HOARA'S FAN HASTINGS’.
Yn: Trotwaer, 1980, s. 277-289. |
|
J.J. Hof, |
‘Boekskôging’.
Yn: It heitelân, 1922, s. 17-18. |
|
J.J. Hof, |
Fjirtich jier taelstriid IV.
Dokkum: 1942, s. 187. |