Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 75] [p. 75] Vasco Cabral / Teije Brattinga In lyts ferhaaltsje ‘Fertel my, mem, in teltsje in lyts ferhaaltsje ...’ Goed myn soan, harkje nei in teltsje, in lytsen, in lytsen ... De sinne is goud! De moanne is sulver! De stjerren pearlen! ‘Mem, ik wol graach de sinne!’ Goed myn soan: do hast yn 't libben de sinne asto earlik bist ... ‘Mem, ik wol graach de moanne!’ Goed myn soan: do hast yn it libben de moanne ast fatsoenlik bist ... ‘Mem, ik wol graach de stjerren!’ Goed, myn soan: do hast yn 't libben de stjerren asto rjochtfeardich, minsklik bist ... ‘Mem, ik bin sa slûch!’ Wol, sliep myn soan, doch dyn ... [pagina 76] [p. 76] Brutaalwei Op in dei frege ik oan in blom yn 't strewel: wat is dyn leafde? De blom andere my: myn leafde is de sinne. Op in dei frege ik oan in fisk yn 'e see: wat is dyn leafde? En de fisk andere: myn leafde is it wetter. Op in dei frege ik oan in fleanende fûgel: wat is dyn leafde? En de fûgel andere: myn leafde is de romte. Op in dei frege immen my: wat is dyn leafde? Ik andere dy persoan: ik ha twa leafdes yn ien en itselde lichem: myn folk en de frijheid! [pagina 77] [p. 77] Unwennigens fan har dy't sizze farwol Unwennigens fan har dy't sizze farwol: in trien dy't fladdert, fladdert as de flecht fan in sigen En fier mar tichtby it hert dat slacht en slacht ... Unwennigens fan har dy't sizze farwol: in rop mei wjerlûd dat him herhellet binnen yn swijen en swijen ... Der is pine sûnder pine te wêzen: fjoer dat ferbaarnt yn 'e siel. It is der de fertizing net te sizzen. It lûd fan it wetter dat komt en giet en bliuwt. [pagina 78] [p. 78] Unwennigens fan har dy't sizze farwol: in trien dy't fladdert, fladdert as in tryste fûgel! Vorige Volgende