Teije Brattinga
Poëzij fan Guinee Bissau
Guinee Bissau is in lyts lân oan de Westkust fan Afrika, sa grut as Nederlân mei noch gjin miljoen ynwenners. De befolking is gearstald út sa'n tweintich ferskillende mienskippen of stammen mei har eigen taal en kultuer. Om't it lân sûnt de fyftjinde ieu oant 1974 ta troch de Portugezen oerhearske waard, is de offisjele fiertaal it Portugeesk. Dêrneist besteane der in Kreoalske taal en ferskillende stamtalen. Dêr wurdt hast net yn skreaun, wol yn ferteld. Yn de teltsjes wurdt faak wat útlein, mar tagelyk wurdt oan dy útlis twivele. Se ferklearje bepaalde ferskynsels mei humor. Bygelyks:
mei har trijen, de ko, de geit, de hûn,
se woene mei de bush-taksy mei
en elk moast betelje, ien konto
de geit hie gjin konto en waard
út 'e auto smiten en sûnt dy tiid
naait er út as er in auto sjocht
de ko koe betelje, mocht mei
en hat fan doe ôf gjin achting foar de auto
de hûn hie in briefke fan twa konto
mar ferdomd, de sjauffeur koe net wikselje
en sûnt draaft de hûn efter elke auto oan:
hy wol syn jild werom ha - hy hat grut gelyk.
Eva Kip hat in hoop fan dy teltsjes en mearkes opskreaun en der yllustraasjes by makke. In pear fan dy teltsjes binne publisearre yn Mindjeres, in boek oer froulju yn Guinee Bissau (útjûn by It Wite Boekhús 1991).
De lêste fyftjin jier binne der ferskate bondels mei fersen út Guinee Bissau útkommen. Yn 1977 ferskynde in sammelbondel Mantenhas para quem luta! (Litte wy de striid folhâlde), yn 1978 Antologia dos novos poetas (Blomlêzing fan ús moderne dichters) en yn 1990 de sammelbondel Antologia poetica da Guine-Bissau mei wurk fan fjirtjin dichters. De striid foar de ûnôfhinklikheid klinkt hast yn alle poëzy troch, bygelyks by Vasco Cabral, dy't yn 1981 de bondel A luta e a minha primavera (De striid en myn maaitiid) publisearre. Fan dy dichter, berne yn 1926, aktyf yn de Partido Africano da Independencia da Guine e Cabe Verde (PIAGC) en yn de polityk sûnt 1974, folgje no trije fersen dy't oerset binne út it Portugeesk.