| |
| |
| |
Teake Oppewal
Al 25 jier klublid
Jan J. Bylsma (berne yn 1931) debutearre yn 1967 mei strip-tease. Nei fiifentweintich jier is er no takommen oan syn sechste bondel. Ik wol yn it neifolgjende wat sizze oer fersfoarm, dichtersideology en tematyk by Bylsma en in eigen wurdearring jaan fan syn fersen. Dêrby is net stribbe nei folsleinens en leit de klam op de koartlyn ferskynde bondel lyts mar krigel. In listke mei titels, jiertallen en brûkte ôfkoartingen is oan de ein opnommen.
| |
Fersfoarm
Wat opfalt by dy dichter is in konsekwint fêsthâlden oan deselde fersfoarm. Dy is konkreet en direkt nei te kommen. Bylsma is fij fan yngewikkelde bylden en symboalen, hy brûkt gjin moaiskyn fan rymfoarmen, de fersrigels binne koart, al wurde se yn it lettere dichtwurk krekt wat langer, en der sit gjin inkeld bewiis fan konstruksje yn. Dat lêste wol net sizze dat de fersen net beslipe binne. De dichter jout sels oan dat er wol yn syn fersen omskrast (awnr, s. 29) en fan in fers as ‘skoattermerk(e)’ dêr't Rod Jellema de titel fan syn earste Ingelske oersettingebondel oan ûntliende, binne mear as ien ferzy (ferlykje Country Fair, s. 20 mei mm, s. 21). Mar Bylsma is útsoarte gjin sonnettebakker of kwatrinehouwer.
Nêst de foarm fan de gedichten komt ek de kar fan de brûkte wurden net boppe de twatûzen meast frekwinte fan de Fryske wurdskat út, mei útsûndering fan faktermen út de balskopperij of de muzyk en streekrjochte oanhalen út frjemde talen.
Dy ienfâld yn wurdkar ûnderfûn ik by it lézen fan it gedicht ‘winter’ (lmk, s. 10). Yn de earste rigels stroffele ik oer de wurden ‘pranget’ en ‘albasten’, en krekt woe ik mei in poatlead in útrop sette: Hjir lûkt JJB yn de sechste bondel in nij taalregister iepen! of it die bliken: Hy hat my te fiter; dit is in pastys.
| |
Poëtika
Bylsma is fan 'e miet ôf oan dúdlik oer de wearde dy't er oan syn fersen takent. Al yn de earste bondel wurdt mear as ien kear útsprutsen wêrom't er dichtet sa't er dichtet, bgl. yn dit part fan it titelfers ‘striptease’ (st, s. 8):
| |
| |
Yn 1967 wie dat wat nijs, demokratyske fersen, foar elts tagonklik, ‘sûnder slimme wurden’ (st, s. 6). Hy is sûnt dy tiid trou bleaun oan de eigen útgongspunten, wêr't oaren útsjoen rekken op dat soarte poëzij en har allerhanne twangjokken oanmetten.
De pretinsje dy't Bylsma mei syn dichtsjen hat, wurdt hyltyd op 'en nij relativearre. Hy wol fan fers nûmer ien ôf in minor poet wêze. Dêr sit in gefaarlike kant oan. Sa lûd mooglik roppe dat it allegearre neat om 'e hakken hat, en dan mar hoopje dat oaren jo oer de plasse aaie sille en sizze: E nee jong, it is wier wol moai hear! Dy poaze noaske Leo Popma net yn it stevige besprek fan Bylsma syn debút (De Tsjerne 1968, s. 71 e.f.), al wie er doedestiids fol lof oer de mear mankelike fersen.
De poaze fan de fryske minor poet dy't dochs erkend wurde wol, wurdt yn de lettere bondels linkendewei minder. Yn de twadde bondel skopt er as stedsjer noch fuleindich tsjin it Fryske rûntsje fan de ‘boerestrontpenose’ oan (alf, s. 30); yn de tredde giet it allinne noch om miskendens yn famyljerûnte (jkm, s. 23), en yn de fjirde bondel neamt er himsels lid fan de klub fan pielders yn 'e poëzij (awnr, s. 18). Yn de fyfte bondel stiet foar it earst net ien fers oer it dichtsjen of it dichterskip. En dan, yn de lêste bondel, fiif fersen oan 'e ein dy't nei myn smaak it eigen dichtsjen op in suvere toan relativearje mar ek posityf wurdearje.
De ferskes fan Bylsma binne lyts mar krigel, fynt de skepper sels, en hy seach dat it moai wie (lmk, s. 38). Yn it fers ‘grouwe iel’ (lmk, s. 35) stiet it wer oars, dêryn ferliket er syn ferskes mei snotterpoasken of sa no en dan in ieltsje, omheechhelle yn skoften fan ferfeelsum fiskjen, mar pas op: ‘de tsjokste ielen binne net te fretten’. Dat heart allegearre krekt even oars as it kredo ‘dit dichtsjen is wraak op nearzich libjen’ (st, s. 9) út de begjintiid.
It fers ‘skeppe’ (lmk, s. 37) makket my wat erchtinkend:
soargeleas dyn fersen skriuwe
ûnberoaid de keunst bedriuwe
heden hidske wat in heechmoed
mar stadich glydt de pinne troch
skeppe út 'e brede fjirtjin
| |
| |
Is dit te lêzen as selsspot of is it ferhoalen (!) krityk op de sonnetteskriuwerij fan hjoeddedei? It lêste wol my hast net oan, by alle direktens fan Bylsma syn poëzij.
| |
Tematyk
Yn de rin fan 25 jier dichterskip komt in beheind tal tema's hyltyd wer werom. Dat feit op himsels is ek al in tema, bygelyks yn ‘it kin de master misse’ (lmk, s. 36):
Nammers, dat de dichter wolris learaar wêze koe oan it hafû/twû docht mear as ien kear bliken.
Alder wurde, it lichaamlik ferfal en yn it algemien de tosk fan de tiid binne, tinkt my, de wichtichste ûnderwerpen yn Bylsma syn wurk, op in hast obsessive wize.
Yn fjouwer fan de seis bondels stiet op syn minst ien fers wêryn't de dichter ús trochdocht hoe âld oft er is. Of wy fine wurden as ‘tweintich jier ferlyn’ (awnr, s. 11), ‘sa'n tritich jier ferlyn’ (mm, s. 8) en ‘fjirtich jier ferlyn’ (lmk, s. 24). De eangst foar it âlder wurden sit der by it debut al yn, bygelyks yn dit part út ‘âld man’ (st, s. 18):
Hy besiket him oerein te halden tsjin it ferfal, de iene kear troch te bearen dat er de striid maklik folhâldt, ‘as wie der neat te rêden’ (awnr, s. 25), dan wer tige eksplisyt en dêrtroch dichterlik minder slagge (alf, s. 22):
no net tefolle selsbeklach
en nee-nee-fral-net-skrieme
En oars wol troch treast út it sarkastysk oanjûn feit dat ferfal en dea oan elkenien frette, lykas yn dit part fan ‘wer jong’ (awnr, s. 8):
| |
| |
of yn ‘treast’ (mm, s. 9):
alle bazen dy't sa eptich
en dy op hege toan hjitte
Miskien folstiet it gewoan beneamen fan de feiten al om se minder skrinend te meitsjen, lykas yn ‘by de hierknipper’ (mm, s. 22):
It komt my foar dat it eigen âlder wurden yn lyts mar krigel mear yn it algemiene ramt fan fergonklikens set wurdt. Ik hie ferwachte fut-fersen of pinsjoen-poëzij oan te treffen, eameljen oer de tearen yn it eigen antlit. Mar nee, ik fyn fersen oer de fergonklikens fan oare skepsels, bgl. in suterich âld-hynder (lmk, s. 15). Byldzjend is, tinkt my, it fers ‘Marjol’ (lmk, s. 17). It wurd allinne al is in fynst; om mei Reinder van der Leest te praten: ‘fryske wurden, wa't ik treflik brûke kin, mei foar altyd by my bliuwe’. Is Marjol soms in moaie en weitôgjende jazzsjongeres, ‘de namme fan in keine faam’? Forjit it mar, it is jolm, riprap en ûnrant, ‘dat oait dochs hecht en geef / en jong en nij wie’.
Ferlykje ek it eksplisite op de dichter sels betrutsen ‘âld man’ (st, s. 18, boppe al oanhelle) út de earste bondel mei it resinte en mear subtile ‘pake’ (lmk, s. 14). It twadde gedicht liket oan de iene kant mylder oer de âlderdom te wêzen, it is wat ôfstanneliker en minder weeklagerich, mar yn de lêste rigels sit subtyl fenyn beskûle: ‘hy kin him noch bêst rêde / yn syn einleaze ienlikens’. Der binne ek in pear fersen wêryn't de dichter tebeksjocht; se dogge my wat ferplichte oan. Net botte orizjineel, fersen oer eardere revolúsjonêren dy't no yn in kreaze keapwente tahâlde (lmk, s. 21), de jonges fan alearen (lmk, s. 22) en konfrontaasjes mei de freonen en de flam fan doe (lmk, s. 24). By dat lêste fers, ‘moetings’, moat ik tinke oan de wûndermoaie teevee-film Bij nader inzien dy't yn 1991 útstjoerd waard troch de vpro. Yn dy film giet it oer seis stúdzjefreonen út it begjin fan de jierren fyftich. Ien, Marten Koning, hat in tsjok boek skreaun oer dy tiid. As syn frou komt te ferstjerren, sjocht er gjin heil mear yn it libben en docht himsels tekoart. Yn de slútsêne binne de oerbleaune fiif nei de begraffenis by inoar en beharkje in kasettebân dêr't in fraachpetear
| |
| |
mei Marten op stiet. Hy seit dêryn dat har freonskip eins net folle om 'e hakken hie, it binende elemint lei yn de sitewaasje fan doedestiids en ferdwûn sagau't de stúdzjetiid oer wie. Sa'n soarte ynsicht liket Bylsma ek oanjaan te wollen, mar it komt by my net oer (lmk, s. 24):
hiel eefkes brekt in skuor
it is foarby it seit my neat
It slagget yn dizze strofe net in emosjonele lading te skeppen troch te melden dat it dochs wol in slimme saak is dat it ferline betsjuttingsleas is. Dy tour de force kin Bylsma my net ferkeapje, ek al is de ûnferwachte lêste rigele ien fan syn sterkste wapens. Dan is it simpele ferske ‘de âlde maten’ (awnr, s. 15) mei sawat itselde tema sterker yn de sljochte lêste rigels: ‘want de wei werom / rint altyd dea’.
Muzyk en benammen jazz foarmje in markant detail yn it wurk.
De muzyk jout in lyts bytsje lok en gefoel yn it libben (mm, s. 32). (Opmerklik: Pas yn de fyfte bondel komt it wurd ‘lok’ it earst foar.) Wat yn poëzij faak net slagget, slagget al yn muzyk.
It as in memoriam foar in sekere Henk bedoelde ‘blues foar tenoarsaks’ hat in sterke lading (alf, s. 25):
Dyselde saks komt 13 jier letter werom yn ek al sa'n goed fers, ‘underwizer’; de saks leit dof yn de kleankast, en dêrmei is syn moaiste uteringsmiddel wurkleas (mm, s. 5):
De dichter hie leaver muzikant west om him te uterjen en út te tjirgjen yn it libben, mar it is op dichtsjen útdraaid, in beuzichheid dy't liket op dy fan in pianostimmer (jkm, s. 17):
technysk bin wy net sa min
mar wy meitsje gjin muzyk
| |
| |
Dêrom dat de dichter sa ôfgryslike faak mei oanhalen út ferskes komt dy't him troch de holle sjonge. Op persoanlik nivo kin muzyk fansels sterk keppele wêze oan assosjaasjes, gefoel, weromwiten; mar foar wa't de muzyk dêr't it om giet net ken, hawwe sokke lietteksten yn gedichten in ekspressive wearde dy't allinne mar ôfhinget fan de wurden sels en net fan it liet dat der by heart. Dat wol net sizze dat sa'n oanhaal net op syn plak wêze kin. Yn ‘Marjol’ dat ik boppe al neamde, passet de lietrigel ‘is that all there is’ hiel goed, ek al is Peggy Lee grif net elkenien bekend. Mar yn ‘Armando’ (lmk, s. 27) heakje ik ôf by rigels as: ‘primas by moro en morchi mirando / dobra dobra’. Slavysk? Romaansk? Dat hat itselde effekt as ien dy't yn in bierdrinkersfers oankomt mei bygelyks de rigels ‘saccharomyces cerevisiae / cevada cevada cerveja’. Hoe kin ik no witte dat der in sigeunerorkest is fan in sekere Tata Mirando? Mar soksoarte krityk jout miskien wol gjin foech by in dichter dy't skriuwt: ‘jou my dat bytsje wurden mar / nedich foar ien ferske / foar dy pear / foar dy pear / byneed dy iene’ (jkm, s. 7). Op himsels nijsgjirrige taal foar in dichter dy't demokratyske fersen skriuwt en him nochal anty-elitêr opstelt. In oar tema is dat fan de spanning tusken inkeling en subgroep dêr't er al by hearre wol en him yn bleatjaan, mar ek wer net, of eins perfoarst hielendal net. Oft it no om de grutte kliber giet (sintrale tema yn machtich as de miggen), it publyk fan de clown (melle populêr, st, s. 22; de lollebroek, mm, s. 30), it omsittend laach (mm, s. 10), fuotbalsupporters (mm, s. 23), freonen (awnr, s. 13), Fryslân (st, s. 14;
alf, s. 14; mm, s. 21) of jazzleafhawwers (mm, s. 25), hyltyd sit der de kiezzigens en it sarkasme yn fan ien dy't wol dat se him gewurde litte, mar der oan de oare kant dochs by hearre wol. Oer Bylsma syn lidmaatskip fan de Fryske literêre klub haw ik it al hân.
Nêst de boppeneamde fersen is der noch in grut ferskaat wêryn't (skerpe) observaasjes delset wurde, meast mei kommintaar derby. Faak binne se keppele oan de aktualiteit (fan bg. de media) en dêrom net altyd like goed mear nei te kommen as it ûnderwerp net mear aktueel is. Fan in saksofoan bygelyks sil gjinien langer sizze dat it in seldsum ordinêr ynstrumint is, liket my ta.
| |
Wurdearring
De ienfâld fan foarm en de direktens fan de ynhâld meitsje, tinkt my, Bylsma syn fersen tige kwetsber wat de resepsje oangiet. Der is hast gjin romte tusken de oardielen ‘skerp’ en ‘geëamel’.
De sjarme en skittering fan Bylsma syn slagge fersen leit meastal yn de lêste-rigels-stikels. Troch in iroanyske, sarkastyske of synyske
| |
| |
draai oan de ein krijt sa'n gedicht ynienen in lading dy't it oars lang net ha soe. In slagge Bylsma-fers is te ferlykjen mei in tûk dribbeljende fuotballer; hy komt iepen en dúdlik op de lêzer ôf, wat sil dit, dy kear ik dochs gewoan op, tinkt men, en dan ynienen hat er jin te fiter, men stiet op de ferkearde skonk en is passearre. Mar it slagget de dichter lang net altyd om de lêzer mei sa'n dribbel te ferrifeljen.
Ferlykje bygelyks ‘jif’ (mm, s. 14) en ‘mont blanc’ (mm, s. 12), beide oer de inkeling dy't it smoar yn hat oer de grutte kliber. Yn it earste fers moat in fisker syn angel omheechhelje, omdat der in kruser foarby komt mei in grou froumins derop dy't de Tsjonger wyt kleuret fan 'e jif:
moedeleas helje ik it fiskersark omheech
en rôlje stil it snoer wer op
in grimitich earesalút oan
De sarkastyske einrigels meitsje it fers skerp. It twadde spilet yn in massatoeristysk plak yn 'e bergen en einiget sa:
standers mei flachjes en soeveniers
betelje ik fjouwer en in heale gûne
foar in pul ferslein bier
ik tref ek altyd falkenburch
Hjir is de lêste rigel tsjirmerich en bliuwt it my allegearre fierstente flau.
De oertsjûgingskrêft leit benammen ek yn de orizjinelens fan de lêste draai; is de tsjinstelling dy't yn it fers oproppen wurdt te bekend, dan wurket Bylsma syn trúkje net. In pear oanhalen út de lêste bondel om dat te ferdútsen.
In prachtich slagge fers is ‘loftoanfal’ (lmk, s. 9):
ferfeeld rûn ik wat yn 'e bosk
ynienen skellen yn 'e loft
siet in mûzebiter efternei
In klisjee dêrfoaroer is bygelyks de opposysje tusken minsken dy't wol op fakânsje yn it bûtenlân west ha, mar yn eigen lân de moaie plakjes net kenne. It fers ‘yn 'e bosk’ (lmk, s. 12) dat op dy tsjinstelling driuwt, oertsjûget my net.
Allochtoanen dy't geef Frysk prate, is it nijste ek ôf. Dochs hat it fers ‘takomst’ (lmk, s. 29)
| |
| |
noch wol sjarme troch de tsjinstelling tusken ferline en takomst dy't oproppen wurdt yn de wurdpearen ‘sûkerbôle/krwasâns’ en ‘bakkerinne/surinaamsk famke’. En dêrnêst is der fansels it ferbjusterjende effekt fan it wurdbyld ‘krwasâns’. Hast itselde effekt as dat ûnferwachte wurd yn simpele okeren helvetica-letters op in gebou yn Ljouwert: ryksargyf.
It is net myn doel alle fersen yngeand bylâns te gean; in pear fan de neffens myn betinken moaiste fersen haw ik oantsjut.
De dichter sels komt mei in turflistke oer it kwaliteitsgehalte dêr't wy op tidigje kinne, want by dichtsjen is it ‘njoggen kearen mis / de tsiende soms / in heale tafalstreffer’ (lmk, s. 34). No wit ik net oft Bylsma allinne syn 10% tafalstreffers útjout of alles wat er opfisket út 'e dichterlike djipten, mar yn elke bondel steane wol in pear fersen dy't de taal sa opslypje dat se by in lêzer raak treffe kinne.
Wat my oangiet, mei Jan J. Bylsma wol major minor poet hjitte.
| |
Oanhelle dichtbondels
st |
strip-tease |
1967 |
alf |
altyd like fleurich |
1971 |
jkm |
jan krukje en syn maten |
1976 |
awnr |
as wie der neat to rêdden |
1979 |
mm |
machtich as de miggen |
1984 |
lmk |
lyts mar krigel |
1992 |
De earste twa bondels ferskynden by Laverman, Drachten; de oare fjouwer by de Friese Pers, Ljouwert.
Streekrjochte oanhalen binne byneed omstavere.
|
|