Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] Frits van der Kuip Op sâlte streamen De see hat him weromlutsen. Under in feal lekken fan middeiswaarmte leit as in foldiene frou it waad te sûzjen. Mar jûn sil de brâning deroer hinne brûzje. In seehûn glêdbuket oer it weake sân, plûmpt roppich yn 'e folrinnende slinke. Om my hinne moksels mei de skulpen iepen. En yn einleas dúnjen lit 'k my driuwe op 'e sâlte streamen fan it lok. Vorige Volgende