Euf Lindeboom
Huzen as emoasjes, emoasjes as in hûs
Euf Lindeboom (Nijmegen 1947) hat in oplieding oan 'e Rotterdamske Dûnsakademy folge. Nei in aktive dûnsperioade gie hja nei de PABU en joech les oan in basisskoalle yn Fryslân. Pas letter, nei it heljen fan 'e LUakte tekenjen, besleat hja har fierder te ûntjaan as byldzjend keunstner. Hja gie nei de keunstakademy ‘Minerva’ yn Grins, dêr't hja yn 1991 ôfstudearre foar tekenjen, skilderjen en grafyk. Op dit stuit wurket hja folslein as keunstner yn Ljouwert.
Euf makket bylden fan huzen. It giet har net om 'e boukeunst, de konstruksje of de eksakte werjouwing fan huzen, mar om de emoasje dy't hja oproppe.
Yn har eagen ha huzen in minsklik foarkommen. Hja binne bygelyks freonlik, humoristysk of ferheard, somtiden binne hja sels sneu.
It earste gefoel dat in hûs by har opropt, besiket hja fêst te hâlden yn har wurk.
Solo-eksposysjes yn Noardlaren en De Lieke Groeps-eksposysjes yn Grins, Apeldoarn en Seisbierrum