soannen fan Oidipoes is (588). Oidipoes syn andert is dan wat swak werjûn, letterlik stiet der fan ‘dy sille my dêrhinne (dat is yndie nei Thebe) twinge’, en dat is krekt dêr't Oidipoes bang fan is en wat Thêseus keare moat: ‘gjin lytse kwestje’. It andert fan Thêseus yn Bruinsma syn oersetting docht dan nuver oan. Eins stiet der: ‘As Jo dat wolle soenen, is it foar Jo ek net moai te ûntwiken.’ Dat ek is wichtich: Thêseus jout fansels ta dat it net moai is dat Oidipoes syn soannen har heit meitwinge wolle, mar wol de saak fan twa kanten besjen: as Oidipoes eins wol nei Thebe ta wol, is it net moai fan him om te dwersbongeljen. En dan seit Oidipoes wer, dat hy it earder wol woe, mar dat hja it doe net lije woenen, dat wol sizze: hy hat in goeie reden om it yn 'e kant te setten. Pas as men dat wit, is ek rigel 592 goed te begripen. Ek yn it Gryksk is dizze passaazje net botte dúdlik, mar yn 'e oersetting is it petear eins net te begripen, en dêrom ek net spylber.
Lytsere puntsjes binne 582 (‘As 'k dea bin en Jo my begroeven hawwe.’), dêr't de klam op 'e wurden ik en Jo dy't it Gryksk hat folslein wei wurdt; 589 en 593, dêr't twaris ‘hear’ brûkt wurdt om in fers fol te meitsjen; 594 (‘Diel t mei’) t stiet der net; 598 (‘Wat is dan wol Jo boppeminsklik lijen?’), dêr't wol better al wêze koe.
As wy dan in stekproef út in lyrysk part nimme (1044-1058), fertsjinnet Bruinsma eins allinnich lof: op knappe wize wurdt yn it Frysk werjûn wat it Gryksk wol moai, mar hiel yngewikkeld seit.
Geane wy op dizze stekproeven ôf, dan set Bruinsma dus oer it generaal dúdlik en goed oer, al slagge dat yn ús stikje dialooch net alhiel. Mar net allinnich wat der stiet, wurdt oersetten. Styl en metrum moatte eins ek mei. De werjefte fan 'e Grykske tragyske styl is yn 'e regel treflik: frijwat plechtich, en dat sûnder yn 't healwize te fallen.
De kar fan 't metrum yn 'e sprutsen stikken is folslein ferantwurde: de fiiffuottige jambe is by ús it gewoane sprekfers by toaniel. Al docht Bruinsma de prachtige metra fan 'e koarlyryk te koart: alle koarparten binne sa wat jambysk werjûn, al of net mei rym. En wat folle slimmer is, it wêzentlike fan 'e Grykske koarlyryk ûntbrekt. In Gryksk koarliet is altyd opboud út twa metrysk folslein gelikense strofen, soms mei ien ôfslutende strofe. Bruinsma hat ek wol werjûn wat yn 'e oersetting strofe en antystrofe binne, mar fan in goeie werjefte kin gjin praat wêze. As der konsekwint rym brûkt wurdt, is it rymskema yn strofe en antystrofe nearne gelyk. Ek metrysk komme strofe en antystrofe net oerien, soms is sels it tal rigels net gelyk. As it ea ta in útfiering op grûn fan dizze oersetting komt, moat dit aspekt ferlern gean, dat mei in bytsje muoite ek beholden wurde kinnen hie.