skade. Opdracht wie: fertinkingen net ûndersykje, mar ôfstraffe mei de kûgel! Lykwols, feilich soe er him hjir noait fiele.
Under in provisoarysk ôfdakje tsjin 'e fûle sinne, hossebossend troch de gatten en kûlen fan it paad, hat er it doel berikt, wylst it ‘Allah akbar’ him net fan 'e lippen wie. Mar krekt as miende er it net diskear, as mòcht er it net miene!
Of hie it miskien te meitsjen mei it oanienwei ûnder eagen krijen fan dy spoaren dy't de oarloch achter litten hie, de fernielings, de folsleine ferneatiging hjir en dêr?
‘Kontakten wurde nea ôftwongen.’
‘Jo sille ryklik beleane wurde.’
‘En dan nòch!’
‘It bliuwt geheim.’
‘Al myn klanten komme hjir yn it geheim, sûnt...’
Se makket de sin net ôf, meunsteret de man yn 'e lange kaftan dy't foar har oer stiet. De holledoek hat er foar it gesicht slein, in stikje foarholle en de eagen frijlittend. Likegoed hat se fermoedens, al fan it momint ôf dat er deryn kaam en se syn lûd hearde.
‘Ik ha jo sein dat gjin hier op jo holle te nutte makke wurde sil, op myn wurd fan ear, dat moat dochs foldwaande wêze.’
It hat genôch bliken dien dat sokke wurden nea foldwaande binne. As it hurd om hurd gie en ús foarsizzings kamen út dan moast ús soarte it altyd as earste belije.
Se skoot de lange steek dêr't se niis mei achter in balke heakke, omslachtich rjocht, rint nei de spegel, lûkt de tinne wale foar it antlit wat fansiden en boarret de dûnkere eagen suver troch it sulverbromide hinne. ‘Ik wol dat jo stil binne!’
De frou lit har meidriuwe op 'e weagen fan 'e imazjinaasje, wylst yn 'e spegel it iene byld nei it oare op har takomt út 'e rjochter boppehoeke wei om dan loftsûnder wei te ebjen: in faai teken.
Rûnen de bylden no mar fan lofts nei rjochts, dan soe der noch wat fan te meitsjen wêze as se Him der by oanrôp, de Alqcyr, it Haad fan 'e tsjinspraak. En dan noch!
Leafst horizontaal moatte de bylden oer de spegel rinne, wylst eksintryske linen wize op streekrjocht kontakt mei de Genius en dat bart mar komselden.
Mar diagonale bylden, se betsjutte per definysje ûnrant en it medium dat soks trochjout, falt steefêst yn ûngenede.
De frou knypt de eagen ticht sa no en dan: sá ynkringend binne guon bylden, sá dominant. Se lykje harren te mingen mei de grize reek fan 'e wijreek dy't stadichoan de beheinde romte folle hat. Nearzich wurdt in trance derfan.