Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 48] [p. 48] Jacobus Q. Smink Eva Eva, do hast my in apel jûn En ik wol der graach fan ite. Ik kin de skamte dy't ik fûn Wol drage, kinst my ferwite. Mar do bist in mytys ferhaal Dat ik fertel yn lyts bestek; Us bern slaan elkoar ferbaal, Us rite midstwa, foar de bek. Kinst myn ribben ien foar ien Telle, myn hert is fan stien. Stylleas wurde we stiloan kâld, We keare it net, ús rop is âld. Ik ha my sels oerlevere en biet Ta, flinke happen, ja dat stiet. [pagina 49] [p. 49] Luchtsirkus Op it tou wevelje, de koarde Dy't swypket en yn in flecht Fangt it net dyn fal, publyk Klapt om de lucht fan skrik; In eigen akrobatebern koe 't Wol west ha, mar dy sa linich Net miskyn en net yn 't net Miskyn, dat frij hast ús set En daverjend de oaljefant en It hynder yn 'e pyste, oranje Gobberij fan klowns en komyk, Se stelle hoe nei ast ús bist En ferlern as we wiene As it net dy net fong. [pagina 50] [p. 50] De earmoede fan spegels It flak fan de spegel is it grutte spul Dat herhellet, der keatst wat der jûn Waard en oerdei hiest de bal wer fûn. De drege list docht net mei, 't is 't flak Dat foar byld opslacht, it is sa bryk Ast ha wolst, gjin slach op 'e bal gelyk. Sa'n draaier fangst net yn it spegelbyld, Yn 'e hoeken jou ik my of rin ik út byld. Faker is it gat te grut en haw noch sicht Op wat doe wie, nei no ta folslein ticht. Ik sil de bal deryn jeie, al is myn spul In ‘bekeken’ partij, ik spegelje my oant krak. Vorige Volgende