Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 46] [p. 46] [Nummer 2] Jan Dotinga Iepen winter In minske bliuwt deselde ûnder sokke loften Wolken jeie en gjin gegrút fan inglekloften Gjin snie ferjout gjin froast feroaret 't sicht In minske bliuwt deselde ûnder sokke loften Jou him Hear wat kjeld mei 't wêze kleare loften Dat er syn sûnden sjocht mar meitsje 't licht In minske bliuwt deselde ûnder sokke loften Wolken jeie en gjin gegrút fan inglekloften De guozzen reppe en roppe twivels oer de lannen Wa wit heil en wa wiist duorsume ferbannen Om noard is 't waarm en 't suden beart fan kjeld De guozzen reppe en roppe twivels oer de lannen Wissichheid is op 'e kimen net foar hannen En dat is wat yn alle libben telt De guozzen reppe en roppe twivels oer de lannen Wa wit heil en wa wiist duorsume ferbannen [pagina 47] [p. 47] It ljocht is sûnder sizzen yn de dutsen dagen Leit benearing oer wat is yn tichte lagen Der is gjin útsjoch foar wa't weikrûpt is It ljocht is sûnder sizzen yn de dutsen dagen Wierheid is hast neat mear fan: In iere sage En dy't it ljocht beneame hawwe it mis It ljocht is sûnder sizzen yn de dutsen dagen Leit benearing oer wat is yn tichte lagen Do hast fan ljocht ferlet om wat net is te skôgjen Eat moat hinne wize om lêsten licht te tôgjen Kristal is skyn en prisma hat it net Do hast fan ljocht ferlet om wat net is te skôgjen Lyts begryp en altemets in skyn fan lôgjen In wei yn teistering fan lot en wet Do hast fan ljocht ferlet om wat net is te skôgjen Eat moat hinne wize om lêsten licht te tôgjen. Vorige Volgende