Harry van Koningsveld
Fjouwer skilderijen
Harry van Koningsveld (Ljouwert 1951) wie destiids fan doel in oplieding oan de keunstakademy te folgjen, mar bedarre úteinlik yn 'e teaterwrâld.
Hy wurke tsien jier as ynspisjent by Rients Gratama. Op syn fiifentritichste besleat hy dochs noch nei de keunstakademy ta te gean. Yn 1991 die hy eineksamen oan 'e ‘Vredeman de Vries’ yn Ljouwert.
De skilderijen dy't hjir ôfprinte binne, hearre ta it wurk dat op 'e eineksameneksposysje by ‘Van Hulsen’ yn Ljouwert te sjen wie.