| |
| |
| |
Itty Sluis
Yn de Lotdelte
Hy en ik azemen de frijheid yn. Wy hienen fakânsje en wienen lang om let op wei.
It lânskip boude him foar myn eagen op, foel wer útinoar en beheinde eefkes letter myn útsicht oant de hichte foar my. Op de hichte seach ik hoe't it asfalt hulterich oer de ierdeboaiem lei; in smel, swart lint tusken útlitten kleuren.
Hy en ik rieden oer de groeden fan de ierde. Guon diken wienen raffelich en hobbelich. Us auto skuorde de karavan nei in stopplak dêr't wy it bestean net fan wisten.
Wy gyngen de Belgyske Ardennen troch. In ûnsichtbere skieding fan eigendom waard lutsen troch de kantoarkes by de grinsoergong; wy wienen op Frânske grûn. It beammeguod lei tsjin de rotsen. De grienkleuren wienen folslein yn harmony meielkoar. Hjir en dêr stienen tropkes beammen oan de oanrin fan de massive hichten. Doe't ik se telde, wie it de iene kear in even, de oare kear in ûneven tal. Wie in ûneven tal moaier? Steurden my dy even tropkes?
Us hûn lei op de efterbank te sliepen. De automotor wie it iennichste lûd en ús tinzen gyngen har eigen gong.
De nôtfjilden leinen yn de middeissinne. Wy stoppen, op in hichte, by in mânsk monumint ta neitins fan de fallen striders yn de oarloch fan 1914-1918. Foar itselde jild wie dy fan 1940-1945 deroan taheakke.
In fleach fan swietrook klapte ús yn it antlit doe't wy de autodoarren iepen dienen. De rook omklamme ús folslein en waaide troch ús hier.
Oer de killingfields weage in waarme, giele tekken. Hjir en dêr hie it reinwetter it nôt platslein. De dyk rûn streekrjocht tusken de swiere, gleie ieren.
Foar tûzenen finzenen fan in unifoarm wie dat harren hjir in deakleed wurden. It iene kleed joech manmoedichheid en eare; wearzigens it oare. Jonges fan in eardere ieu, in generaasje fan 1890 wie offere foar de dwylsin fan de waantinkbylden ta meardere gloarje fan guon minsken dy't hearskje oer libben en dea.
Hokker lêste dreamen hienen se hân yn de modder? Om thús te kommen by harren frou of faam? It oanreitsjen fan it sêfte frouljusfleis? Hienen se noch in momint fan lok field?
Harren tiid wie ûnmeilydsum ôfkappe.
| |
| |
Mar, harren Mem hie in foto op in kastke; in wite roas yn in gleske dêrnjonken. En hja wachten en hopen... oant it izeren krús yn harren doarpkes pleatst waard en de foto in portretsje waard.
It oanfurdigjen fan in waansin!
Ik skodde de gedachten fuort en wy seagen mei drôvenis omheech nei de trije brûnzen soldaten dy't nei de kym stoarren. De spanning yn de spierde stallen wie hast te fielen. Yn in piramideëftich bouwurk, dêr't de holle figueren op ferankere stienen, wienen de ferneatigingstaktiken op makettes oanjûn en yn glêzen fitrines útstald; de lege hulzen gifgas leinen achteleas njonken elkoar.
Doe't wy wer bûten wienen, plôke ik hastich in tal nôtieren. Se wienen klear foar de rispinge. Soenen der no noch minsken wêze dy't dat weismiten bloed yn harren deistige bôle preaunen?
It giel fan de fjilden beneare ús. De wyn mei de hearlike rook joech ús gjin suerstof genôch.
De oare deis feroare it lânskip. De kimen leinen tichterby en it ljocht wie oars. As it sinneljocht timpere waard troch de folle beammetûken, azeme der eat heimsinnigens. Mar as wy op it heechste punt oankamen, priken ús eagen fan de droege stekken ljocht en ús dôve earen holden de gedachten fêst.
No! Einlings wienen wy op it stopplak dat wy nea earder sjoen hienen. It smelle dykje einige mei in fikse draai nei rjochts op in hichte. De auto skuorde de karavan der by op en wy rieden nei it platte stikje tegrúzele massyf foar it âlde boerehûs dêr't de kampingeigner wenne.
It dierte om hûs en hear hinne warskôge foar ynkringers. De hûnen blaften, de pony's wrinzgen, nuete einen kweaken. In kalkoen befêstige al dy lûden en lake.
De eigner wie fleurich en ynnimmend en begroete ús hertlik. Hy kaam fan Noard-Hollân en wenne hjir al wer tsien jier.
‘Wolkom,’ sei er. ‘Jimme treffe it. It waar wie hjir ferline wike net al te bêst. Mar no sil it heve.’
Wurch knikten wy en seinen dat it foar ús net waarmer hoegde. Wy wienen mei droech waar al tefreden.
De kamping lei yn in delte dy't hjir en dêr slochte wie om de karavans en de tinten in bytsje knap delsette te kinnen. Fierderop stienen inkelde sjalets op peallen en ús eagen seagen dy húskes lang ende lang net te pas. Yn de kom waarden wy hertlik begroete en opnommen yn de clan fan de nije sigeuners, de grampy's. In folslein oar libben hienen dy lju har eigen makke: it opsykjen fan de waarme sinne.
Sa kamen wy yn de kunde mei Sjoerd en
| |
| |
Nel, Klaus en Henny, Kees en Tineke. Der wie in ûnsichtbere skiedsline tusken de nasjonaliteiten. Op de hege kant stienen de Ingelsen, ticht by elkoar. De Frânsen sochten fier by ‘dy frjemden’ wei in plakje. De reizgers kamen en gyngen.
Sjoerd en Nel wienen Delftse Drinten. In grutte, swiere man mei de búk oer de riem. Syn frou hie allegearre lytse fobyen, mar koe dy aaklikheden noch de baas bliuwe.
Klaus en Henny wienen Jordaanse Amstelveensters. Kees en Tineke Utertse Zeisters. Hja hie altyd langstme nei Utert holden. Sy hienen allebeide in baan en woenen gewoan betiid op fakânsje.
In Ingelsk pear wie yn de santich. Se wienen aardich en belangstellend. In jonger Ingels pear, Tom en Alice, hie in boufal deunby de kamping kocht en se gyngen dêr alle dagen oan it wurk. It wie in safollejierreplan. Sparje en mei fakânsje derhinne en wurkje.
Op in jûn, it wie nei it jûnsmiel, kaam der in wite citroën mei Ingelske nûmerboerden by de hichte del. De stiennen spatten efter de bannen omheech en de feart waard mindere. Loerende berneëagen sochten om plak en stadich ried de auto de karavans bylâns. De grampy's waarden wach en seagen de auto swijend nei. Se stoppen op it flakke middenfjild njonken in kraan. Under de luif siet elkenien te plak en it waard stil op it kamp, deastil!
Ik skôge de loft en seach hoe't in rôffûgel syn territoarium ôfsocht. Hy draaide grutte rûnten en somtiden hong er stil.
Jane hie trije bern mei. Josy, Simon en Alec. Josy neamde har: my sister; Simon hie it oer: muoike en Alec, de jongste, sei: mem.
Jane hie de wyn derûnder. Dissipline en selsdwaan wienen har biedwurden. Yn in omsjoch wie it ûnderkommen boud en bewenne! It libben fan de grampy's is foar in grut part fan tefoaren yn te skatten. Hy: fiskje, lêze, puzzelje, knipperke, ite; sy: waskje, breidzje, lêze, knipperke, ite en... tegearre ôfwaskje.
Wy pasten ús maklik oan: swimme, lêze, ite, ôfwaskje en jûns op de tennisbaan in baltsje slaan. Us hûn wie tefreden en socht skaadzjende, wynderige plakjes.
Soargeleazens koe gjin tiid en de dagen waarden net mear by de namme neamd. It nije ljocht wie in oare dei.
De waarmte makke de minsken loom. Doe't de sinne rjocht boppe de delte stie, wie 't as in tekken de suerstof ôfsleat. Elkenien hold him rêstich en lei yn it skaad.
De earste wite raffeltsjes kamen boppe de kym. Se koenen de kom net berikke om't it blau se al fertard hie. De ynwite wolkeferken- | |
| |
ners kamen earst. Hoeden dreaunen se foarby. Ynienen proppe in wyt-grize massa boppe in hichte út. Stadich kamen guon oer en bretaal folgen mear. De prachtichste kastielen en brêgen kamen foarby. En koppen... guon mei tsjokke noazen en in hege foarholle. De griispartijen joegen skerp de wangbonken oan. De iene nei de oare kop kaam oandriuwen. Heallang hier waaide fansiden en de earen kamen bleat. Grutte earen wienen it, fleizige earen. Der siet romte tusken it earlapke en de skulp.
Troch it kamp socht de Lethestream syn bêd en elkenien hiet him wolkom.
‘Look at here, there above!’ Simon draafde oer it middenfjild en wiisde drok maneuveljend nei boppen. Op de hichte stienen rikjende motors. De beriders draaiden it gashandel hieltyd wer iepen en ticht en it lûd galme oer de kom. Stadich rieden se nei ûnderen en stelden har, mei sa'n fiif meter tuskenromte, op oan de kant fan de steile dyk. Se setten de rjochter foet op de grûn en wachten.
De minsken kamen ferheard foar harren ûnderkommen te stean. Swijend seagen hja in setsje nei it tafriel en fregen elkoar fragen dy't gjinien beäntwurdzje koe. De pony's begûnen te draven en de hûnen blaften; in geit mekkere.
Doe't elk fan it dierte syn ûntefredenens útroppen hie, wie de kalkoen oan bar: hy lake! Op slach wâle der in driigjen oer de kom. De minsken gyngen tichter byelkoar stean en waarden stil by it sjen fan in swart ferfiermiddel dat eefkes op de hichte hold. It wie in fjouwerkante doaze op tsjillen mei oan de foarkant in iepening. Oerstadich kaam it by de steile dyk del, de motors foarby, de kom yn. Us hûn ferliet syn plakje en treau my syn wiete noas yn de hân. Hy bleau tusken ús yn stean.
Jane rôp de bern om har hinne. Klaus en Henny stienen by Sjoerd en Nel. Kees en Tineke sieten op de platte stuoltsjes foar de luif. De motorriders rieden twa by twa achter de auto oan. Dêr kamen se it kamp op.
Ik krige de hûn by it nekfel en gyng ûnder de luif. Hy folge. It frjemde ferfiermiddel ried bylâns ús karavan. Der siet gjin glês yn de skreef en wy seagen in stal sitten. Oan de achterkant wie in doar. De tsien motorriders folgen. Se hienen in folslein swart learen pak oan. De gleonreade helmen beweegden hinne en wer by it passearjen fan de minsken. ‘Hokfoar spul is dit?’ frege hy.
Ik loek oan de skouders. ‘Frjemd,’ sei 'k. ‘Ik kin net troch dy dûnkere stofbril sjen.’ Eefkes foarby Jane har tinte draaide de auto it middenfjild op en hold oan de hege kant, foar de toiletgebouwen.
De motors foarmen in rûnte om de auto
| |
| |
hinne. De beriders stapten ôf en skuorden de masines op de stander. De helmen kamen ôf en waarden op it seal lein. Se rûnen allegearre nei de efterkant fan de auto en foarmen twa rigen fan fiif. Se begelaten de sjauffeur nei it iepen plak op it middenfjild. Der bleaunen se stean en seagen it hear eefkes oer. Mei ien beweging fan syn rjochter earm stjoerde de sjauffeur njoggen op 'en paad. Elk gyng nei in karavan. Der kaam ek ien ús kant op.
‘De hûneriem!’ sei er.
Hastich helle ik de riem op, lei de lus om de kop en loek it bist strak njonken myn knibbel. Ik prate leave ûnsin yn de hope dat er myn spanning net fielde.
Op it paadsje foar de luif bleau de man stean en seach ús oan. Mei in knik fan syn holle joech er oan dat wy meikomme moasten. ‘Wat moatte wy! Wat wolle jimme fan ús?’ frege hy.
De man skodholle en maneuvele nei it middenfjild.
Ynienen kaam der in djip gromjen út de hûnekiel. As yn in flits wie 't: de man bûgde foardel en helle in grut mês út syn lofter lears; in lang blêd mei in lyts heft. In beugel sleat om syn fingers hinne.
Wy seagen him oan; hy seach ús oan.
Bleekblauwe eagen boppe hege wangbonken; in tsjokke noas en folle lippen. In wyld bosk ljocht hier wie, healwei de nekke, rjocht ôfknipt. Stadich beweegde de rjochterearm en it stekwapen joech de rjochting oan dy't wy folgje moasten.
Ik streake it bist, kloppe it op de rêch en prate.
Wy gyngen de kant út dy't it limmet oanjoech.
Foar de sjauffeur waard in rige opsteld. In rige fan grampy's en fan dyjingen dy't betiid op fakânsje woenen. Wy seagen hoe't it ûnderskied makke wie. De motorriders sûnder helm. De sjauffeur mei in swarte helm, dy't er op hold.
Njonken him, oan elke kant, stelden fiif motorriders har op. De mannen holden in mês foar it boarst en se seagen swijend foar har út.
In ploechje minsken foarme twa rigen mei in tuskenromte fan likernôch trije meter en der hearske in djippe stilte. Ynienen kaam it lûd fan in propellerfleantúch op ús gehoarôfstân. It tastel fleach de delte oer en ferdwûn efter in heuvel. Doe wie it wer stil.
‘Wat moatte wy ús hjirby foarstelle?’ frege Sjoerd.
‘Namme.’
Skerp spruts de sjauffeur dat wurd út en hy gyng in stapke nei foaren.
‘Namme!’
‘Sjoerd.’ En Sjoerd gniisde.
‘Dat wurdt dy wol dúdlik, Sjoerd.’
| |
| |
Amsterdamske Henny fette moed en sei: ‘Miene jo dat jo ús hjir samar hâlde kinne? Tinke jo dat wy salang stean bliuwe kinne? Ik yn elts gefal net. Ik ha in operaasje oan myn foet hân.’
Se moast earst eefkes sykhelje en soe krekt op 'en nij úteinsette doe't de sjauffeur útspatte: ‘Namme.’
Henny seach him oan en ik seach it klopjen fan it bloed yn har hals.
‘Ik wol wol witte tsjin wa't ik praat. Überhaupt, it is tige ûnfatsoenlik om jo helm op te hâlden.’
‘Namme!’
Hy gyng in stapke tebek en in lytse hânbeweging wie foldwaande om ien fan de motorriders in seintsje te jaan. De man rûn op Henny ta en draaide it mês yn stekhâlding. ‘Henny.’
De motorrider stapte tebek.
‘Hoe is dat kommen?’
‘Moatte... jo dat witte...? No, ik ha tefolle op nullehakken rûn. Dat kaam sa. Ik hie in represintative baan: ik moast der altyd kreas byrinne en nullehakjes fyn ik sa moai.
Ik tink, dat ik wol tritich pear yn de kast ha. Ik goai dat tal der sa “in the blind” út, miskien wol fjirtich pear. Ik ha trije operaasjes hân en dat allinne al oan ien foet. It risseltaat is my net tafallen, hear! Dy oare foet is better as dy't operearre is. Ik ha no steunsoallen.’
‘Sa kin it wol ta, foar hjoed. Moarnier om sân oere opstelle. Sjoch wa't jo lofter buorman is en jo rjochter!’
Hy draaide him op de hakken om. Syn begelieders brochten him nei de auto. De staasje gyng op deselde wize werom as er kommen wie.
De minsken wienen danich ferstuivere en bleaunen noch in setsje yn de rige stean. Sjoerd wie de earste dy't by syn positiven kaam.
‘Moarnier om sân oere? No, jimme sjogge my net!’
Syn frou loek him mei. Sjoerd draaide him wer om en striidfeardich klonken syn wurden: ‘Ik wit net wat jimme dogge, mar ik lit dit net op my sitte!
Wer komme dy lju wei? Wa wit dat?’
‘Toe no, Sjoerd!’ Nel streake him oer de earm en hie syn hân fêst.
Us hûn waard ûnrêstich. Guon minsken, dy't oars nea nei him omseagen, kloppen him no op de kop.
Wy gyngen mei Tineke en Kees mei en bleaunen op it paadsje stean.
Wy seagen nei boppen dêr't de swarte doaze op it parkearterrein stie. De slachboom wie del en in motorrider kuiere stadich hinne en wer.
‘Ik hoopje, dat er smoart yn dat learene pak,’ sei Kees.
| |
| |
‘Wy ek,’ seinen wy.
Wy ploften op ús klapstuoltsjes del en seagen elkoar oan.
‘Frjemd,’ sei hy.
‘Ja,’ sei ik.
Ik gyng oerein en joech de hûn syn brokjes en in bak fris wetter.
Doe skylde ik de jirpels en helle in kropke slaad ôf.
Om sân oere hearden wy it djippe gromjen fan ús hûn. Hastich stapten wy fan it bêd ôf en strûpten de klean oan.
‘Noch net iepen dwaan, earst in stikje bôle. Wa wit hoelang't dy idioaten ús dêr stean litte,’ sei hy.
‘Gjin tee, nee, dat duorret te lang. Wat molke of fruchtesap.’
Ik sloech nuver yn de itersboel om en geat molke yn de koppen. De hûn lei op ús bêd en dat lieten wy gewoan ta!
Ik smarde elk twa stikken bôle en wy kôgen om it libben; wy smoarden der suver yn. De molke krige it te plak.
Hoeden died er it rolgerdyntsje boppe it keukenblokje omheech.
‘Se stean der, ferdomd dêr bin se wer. Moatst ris sjen.’
De rige stie krektlyk as juster. Allinne, de sjauffeur stapte no foar de motorriders lâns.
‘Hy koe wol ûngeduldich wêze,’ sei 'k.
‘De hûneriem, wêr leit de hûneriem.’
‘Dy hinget oan it heakje. Och hearken, se wurde der wer op út stjoerd. Der komt wer ien oan.’
Eefkes letter in klopke op de doar.
Hy die de knippen los en iepene de boppedoar. Ik seach it mês wer swaaien en lei de hûn de riem om de kop.
‘Kom, mei!’
De grampy's en dyjingen dy't betiid op fakânsje woenen, waarden opbrocht. Ik socht myn lofter buorman, hy syn rjochter en de hûn stie tusken ús yn.
Wy seinen net ‘goeiemoarn’ tsjininoar; wy seagen swijend foar ús del.
De rige hie him sels foarme en de sjauffeur kuiere by ús lâns. In folsein swart figuer; der wie net ien stikje bleat fel. De wanten foarmen ien gehiel mei de mouwen.
Doe't er wer tusken syn mannen stie, gyng er yn rêsthâlding stean en wachte.
Ik hearde de minsken om my hinne suchtsjen. De spanning wie te fielen.
‘Sir, please, sir. I like to ask something.’
‘Name.’
‘Tom.’
‘Go on.’
‘Wy komme hjir al ús fakânsjes, sir. Wy ha in boufal deunby de kamping kocht en wy moatte dêr wurkje, sir. It is in safolle-jierreplan en wy moatte elke sekonde goed brûke. Tiid is jild foar ús, sir.’
| |
| |
Tom tikke eefkes op syn lofter pols op it plak dêr't er oars it horloazje droech.
‘Nee.’
‘Mar, mar...’
‘Nee!’
‘Jo kinne dy minsken net samar opkeare.
Wat miene...’
‘Ja, Sjoerd.’
Hy gyng in stapke út de rige en joech de bûtenste man in seintsje. Dy rûn nei Sjoerd en Nel harren karavan. In twadde motorrider gyng nei Tom en Alice harres.
Wy hearden it klikken fan de kastkedoarren en it klappen fan de banklidden. Al it itersguod waard derút helle en op it bûtentaffeltsje delsetten. Doe kamen se mei earmfollen klean werom en brochten dy fuortendaliks nei de swarte auto.
Sa waarden alle karavans leechrôfd.
Der kaam ferset yn ús rige, mar der bleau it by. De lange messen stienen yn stekhâlding. ‘Jûn, njoggentjin hûndert oere! Unthâld jo lofter en rjochter buorman!’
De ravaazje yn ús karavan wie grut. Al it itersguod wie meinommen. De kasten wienen leechklaud en alle klean leinen op in bulte op bêd. Wetter wie der noch; allinne noch wetter yn de plastikkanne.
‘De hûnebrokjes!’
Hy draafde nei de tikselbak en kaam mei in pûde brokjes werom.
‘Dy meie se net, tink,’ sei ‘k.
‘Se hawwe myn t-shirts en broeken meinommen.’
‘Alles?’
‘Nee, net alles.’
Nei ferrin fan tiid kamen de minsken ferwezen byinoar. Se foarmen wer ploechjes. Earst nasjonaliteit by nasjonaliteit, doe fermongen de wurdklanken har.
Der waard in plan makke, in ûntflechtingsplan. Guon moasten de delte ferlitte en help sykje. Wy seagen op de hege kant by de fiskfiver yn de fierte de auto's dochs noch wol riden? De bûtenwrâld wist hjir neat fan. Wy wienen yn in beskaafde wrâld. Der moast warskôge wurde.
Telefoan! De kampingeigner hie telefoan. En it restaurant ek. Wêrom waard der dêr neat oan dien. Al ús iten hienen se stellen. De slachboom wie del en der kuiere in wacht foar. Us plan moast slagje. Fannacht twa mannen ûntflechtsje, boppelâns. Der lei in greide tsjin de heuvel oan. Hjir en dêr in ôffreding mei stikeltried. De dyk wie ommers net fier. Wy moasten ús kalm hâlde, ús net kenne litte. Krekt dwaan as wy net ymponeard wienen.
‘Hoelang hâlde wy it sûnder iten út?’ frege hy.
‘Langer sûnder iten as sûnder drinken.’
| |
| |
‘Dat freegje ik net.’
‘Nei trije dagen wurdt it minder en moatst mear lizze as rinne. Ast mar te drinken krijst.’ ‘Soenen se it wetter ek ôfslute?’ frege ik nei in lange stilte.
Hy seach my mei grutte eagen oan.
‘Se sille ús dochs wol wat te iten bringe?’
‘As dat no net it gefal is, wat dan?’
‘No, dan geane wy dea fansels! En dat wol my net oan, hear.’
‘Ik hoopje datst gelyk krijst,’ sei 'k en sette myn stoel bûten de luif ûnder in beamke yn it skaad. It wie noch iere betiid en no al hyt. Dat soe wat wurde hjoed! Ik joech my del. Dêr seach ik de rôffûgel. Hy draaide syn rûnte en krekt boppe my hong er stil.
Myn eagen heakken har oan it sierlike bist fêst. Nei in setsje mocht ik syn eagen liene. Yn in dûzeljende feart fleagen de beammen del en waarden stronkjes boerekoal. De strûken plat krûpguod en de fjilden kleurige lapkes. De libbene wrâld beweegde har ûnder my: guon froulju te boadskiprinnen; djoere auto's mei sakelju. En frachtweinen brochten har lading nei de winkels.
Ik rôp: ‘Witte jim net wat der bart yn de delte? Of tinke jim: se moatte har mar rêde; wat kinne wy der oan dwaan? Der stjerre aanst guon, en dan? Der binne lytse bern by! En jimme dogge krekt as witte jimme fan neat! As ik it mar net bin, hen. Egotrippers!’ Der waard in nije rûnte makke en stadich gyng it oer de hege kant fan it kamp. Ik seach de motorriders yn koarte broeken en t-shirts. Se wienen drok oan it balgoaien op de jeude-boulebaan. Op de pikniktafels dampte it iten op de buorden.
De rûnte moast makke wurde en samar wienen se út it sicht! De sirkels oerlapen elkoar en doe't wy wer boppe it kamp wienen, krige ik myn eagen werom en seach hoe't de fûgel mei krêftige wjukslach út myn eachweid ferdwûn.
Ik gyng omheech en wreau myn eagen.
‘Ik wol swimme, soe it swimpak der noch wêze?’
‘Dat hinget noch oan de line fan juster,’ andere hy.
‘Ik moat ek mar mei. Wy moatte safolle mooglik byelkoar bliuwe.’
In foech beamwâl stie tusken ús karavan en it swimbad. Wy namen de hûn mei en leinen him yn it skaad ôf. Wy kuollen de oerallige lea en dreaunen hearlik yn it koele wetter. It wie nuveraardich stil om ús hinne. Soe dit it gehoarlibben fan in dôve wêze? Der wienen gjin fûgels en der fleagen gjin fleantugen. Hjir fielde ik my feilich. Mei de holle foardel en oplutsen knibbels rôle ik yn de floeibere stilte. Woe ik weromkrûpe yn de nêstbongel?
Doe't de kalkoen lake, wie de betsjoening ferbrutsen.
| |
| |
Om njoggentjinhûndert oere stienen de measten yn de rige. De auto kaam stadich by de steile dyk del. De motorriders folgen. Hjir en dêr waard noch gaueftich in wurdsje wiksele en der waard noch eefkes doeld op it flechtplan. Der wienen twa oanwiisd. Wander, in Amsterdammer dy't troud wie mei Anita, in kreaze frou mei in ljocht Surinaamsk uterlik, en de jonge Ingelsman, Tom. Anita wie senuweftich en gichelich. It wie in idioat gesicht: de motorriders yn de stellen koarte broeken en t-shirts, op learzens. De helmen hienen se net mear op. De sjauffeur wie noch krektlyk klaaid.
Wy krigen deselde motorrider wer foar ús te stean. Ik hie besocht ûnderskied yn de koppen te finen. En dy wienen der! Allegearre hienen se dat wylde bosk ljocht hier op deselde wize knipt.
Dat wie itselde. Mar de antlitten wienen ferskillend.
Wy hearden in gjalpke oan de kant fan it swimbad en in knisperich lûd fan hastige fuotstappen op it paadsje. Dêr kaam Jane oan; de trije bern draafden foar har út. Op dat momint achte se harsels te heech om ek te draven. Se hie de badhandoek oer de earm. Har boarsten dinen yn de cups fan har swimpak en de fleizige heupen trillen by elke stap nei. Ik seach it langstme fan de motorrider foar my en seach hoe't syn eagen har útklaaiden. Se stie te plak.
It wie driigjend stil om ús hinne.
‘Permission to speak, sir.’
‘Name.’
‘Silvester, sir, and this is my wife, Fay.
Ik bin yn de lêste oarloch by Duinkerken dropt en ik ha de mof efternei sitten fia Spanje, Noard-Afrika, Itaalje en Grikelân. Moat ik dit no noch meimeitsje? Ik ha santich west, sir. Haw ik net oars fertsjinne?’
‘Wa hat it hjir oer fertsjinjen? Dat soe in moaie boel wurde. Soks is krekt wer wat foar in keale Ingelsman!’ brinzge Sjoerd.
‘Jonges, jonges, sa moatte wy net!’
‘Namme.’
‘Klaus. De man fan Henny.’
‘Klaus?’
‘Wat keapje wy foar in deilisskip? Ik wol jo freonlik freegje oft der ek in mooglikheid is om iten te keapjen. It doarpke is hjir deunby. De bern...’
‘Genôch foar hjoed. De elektrisiteit wurdt no ôfsletten. Moarnier om sân oere giet it wetter der ôf en it swimbad leech.’
Doe't er syn earste stap nei de auto sette, hie de staasje har al formearre.
De lêste wurden fan de sjauffeur brochten omraak ûnrêst. Wetter, wat wie in minske sûnder wetter! En dêrom waard yn alles wat hol wie, wetter dien. Kearsen en lúsjefers koestere; in batterij waard in klompe goud. Ut de radio kaam fleurige muzyk en it nijs gyng de wrâld oer. Neat oer ynkringers yn
| |
| |
in Frânske delte!
De grampy's en dyjingen dy't betiid op fakânsje woenen, wienen der mei oan. Hja hopen op fannacht. Hja praten oer en wer. De mage wie leech; de holle wurke noch op folle toeren.
Wy kuieren mei de hûn de fiskfiver om. Trije nuete einen hienen it ryk allinne en ûnder de wetterspegel swommen tûzenen fisken.
‘Iten!’ sei er.
Ik wiisde nei in punt dêr't ik in wyld bosk ljocht hier seach, krekt boppe in reidpôle.
‘Rinne wy troch?’ frege ‘k.
‘Ja.’
En wy rûnen troch. Myn hert bonkte doe't wy tichterby kamen. Hy seach ús net. Of hy die sabeare.
It waard tsjuster en wy gyngen op bêd. As houtene peallen leinen wy njonken inoar. Ik fielde hoe wis syn hân oer myn lea reizge. Ik krige syn hân en goaide dy fan my ôf. Hoeden moast ik bliuwe, wach wêze! Ik draaide my op it liif om en treau de boarsten yn de matras. In hearlike pine stuts der trochhinne. Ik wie bliid en krige wer moed. Libben. Der siet noch in bytsje libben yn my!
De grampy's en al dyjingen dy't betiid op fakânsje woenen, stienen om sân oere klear.
Hja hienen allegearre pearse fegen ûnder de eagen. Ik socht myn lofter buorman; hy syn rjochter en de hûn stie tusken ús yn. Wy wienen al bekend mei de deistige proseduere. Dochs, der wie hjoed in oare spanning: it flechtplan en it wetter.
Twa motorriders kamen letter en it wetter wie ôfsletten.
Lytse Alec gûlde sêft en Jane die alle war om him stil te krijen. No en dan lei se har hân foar syn mûle.
Ingelske Alice en Surinaamske Anita stienen allinnich. Wifkjend sochten harren hannen elkoar.
Nel stie deun tsjin Sjoerd oan en sloech hieltyd de hannen foar de mûle of se fage sabeare pluzen fan de klean ôf.
It wie noch mar goed sân oere en wy stienen no al ûnder in swiere druk. Wie it slagge? Soenen der aanst plysjemannen komme of it leger? It propellerfleantúch kaam wer oer ús hinne. Langjende eagen folgen it salang't dat mooglik wie. Se hienen ús ûntdutsen. It koe net oars. Us ellinde wie oer!
In bûlevaar fan selsfoldienens rûn foar de rige lâns. Ien kear hinne, ien kear werom, ien kear healwei en op 'e hichte fan Alice bleau er stean. Hy knikte nei de earste motorrider. Dy gyng hastich nei de auto en kaam werom mei Tom en Wander!
In kroanen ûntkaam de rige. Hy treau se
| |
| |
foar him út en de mannen strompelen mei. Harren polsen wienen bûn.
Tom waard njonken Alice set en Wander njonken syn Anita.
De sjauffeur gyng foar Tom stean.
‘Prisoner Tom!’
‘I like to explain, sir.’
‘Well?’
‘Ik bin túnman by in Soedaanske prins dy't eefkes bûten Londen wennet. Dy man hâldt fan blommen en hat in mânske tún. Dêr ha ik de ferantwurding foar. Ik ha de tún yn trije keamers yndield. De rôze keamer bloeit no. De blauwe keamer is ynplante en de wite is aanst oan ûnderhâld ta. Oan de súdkant leit in beltsjeblomtún en oan de noardkant in rosarium. Ik moat dêr op 'e tiid wer wêze en ik wol oan myn simmerhúske wurkje. Ik ha ferlet fan tiid!’
‘Enough said.’
Hy seach Wander oan.
‘Namme!’
‘Wander en dit is myn frou, Anita.’
‘Finzene Wander!’
‘Wa hat ús ferlinkt! Wa is hjir de ferklikker! Jim stienen ús gewoan op te wachtsjen. Wa is dat stik ûngelok! It is hjir krekt sa'n spultsje as yn Amsterdam. Nearne bin je mear feilich! Ik woe lêstendeis nei myn bertehûs earne oan de Roazegrêft. No, ferjit it mar. Dêr kinne wy net mear komme. Wy autochtoanen binne net mear feilich yn ús eigen lân. Noch eefkes en dan binne wy de gasten. Ik wol nei La Courtine om te sjen oft ik noch âlde noarmen en wearden fine kin!’ ‘No begryp ik der neat mear fan. Do bist sels mei in Surinaamske troud. Hoe moatte wy dy ynskatte, jonkje? De gradaasje fan it pigmint is foar dy beskiedend? Wat swarter wat minder?’
‘Eh man, dat leit oars. Wy ha dêr ieuwenlang yn om húshâlden. It binne ús meiboargers wurden. Dat ha se fertsjinne!’
‘Do hâldst der in frjemde teory op nei, mantsje.’
‘Stil, Klaus, toe, ik wol wat sizze.’
‘Henny?’
‘Ik ha pine, hjir, oan de sydkanten fan myn buk. Likernôch dêr't foarhinne myn aaistokken sitten ha.’
‘Genôch, genôôôch foar no. Jûn om njoggentjin hûndert oere presint. Sjoch wa't jo lofter buorman is en jo rjochter!’
Ien fan de motorriders stapte nei foaren en snie de touwen los. Tom en Wander wreaunen har de polsen.
De middei waard trochbrocht yn it skaad en mei safolle mooglik rêst. It útlitten fan de hûn waard problematysk en de kuierkes hyltyd koarter. Jane har bern leinen sûnt fan 'e moarn op harren luchtbêd yn it skaad. Guon hienen har in parasol brocht en se draaiden mei it skaad mei.
| |
| |
No en dan foelen wy yn in swart gat fan ferjitlikheid. Alle healoeren namen wy in kopke lij wetter en besochten dat swarte gat wer op te sykjen.
It koe sa net bliuwe. Wy móásten wat útfine! Ik sei: ‘Yn it hûnefoer sitte droege kerls mais en stikjes droege griente, sille wy dat yn 'e weak sette en besykje op te iten?’
Hy knikte: ‘Doch mar.’
‘Wa giet der earst dea?’ frege er nei in setsje.
‘Sjoerd,’ sei ik.
‘Hoe dat sa?’
‘Wat grouwer wat mear it lichem freget en Sjoerd is it fetst! Hoe fielt it by dy?’
‘Leech.’
Om njoggentjinhûndert oere stienen de grampy's en dyjingen dy't betiid mei fakânsje woenen op it middenfjild te wachtsjen op de sjauffeur en syn mannen. Der wie gjin praat. Ik bespeurde in soartemint fan nijsgjirrigens fan guon minsken dy't belangstellend seagen hoe't de oaren der oan ta wienen. Josy en Simon sieten njonken Jane op it gers en Alec lei foar har op in badhandoek. De berneëagen seagen de grutte minsken ferwitend oan. Us hûn wie balstjurrich en woe wol boartsje. Wy dienen alle war om him rêstich te hâlden. Hy fielde dat wy net sa krêftich reagearren as oars.
It swarte fehikel kaam wer oanriden.
‘Permission to speak, sir.’
‘Fay, welcome.’
‘I am in old woman, sir, en ik wol freegje wêrom't wy sa behannele wurde. Ha wy ús misdroegen? Sizze jo it mar. Mar fan ien ding bin ik wis, dizze situaasje kin sa net langer bestean bliuwe. Der moat iten komme, oars falle der aanst deaden. Sjoch ris nei de bern!’
Sjoerd die in stapke nei foaren.
‘Der moat iten komme. Rys, hie 'k tocht. Rys yn wetter sean. Wy stjerre aanst as mûzen!’
‘Tom, go on.’
‘As ik der goed oer neitink, sir, wurkje ik, mei myn simmerhúske, ek noch mei oan de Frânske ekonomy. No en dan kin ik dreger wurk útbesteegje. Dan moat der dochs in wei wêze om iten te krijen?’
‘Sjoerd?’
‘As wy gjin iten fan jimme krije dan moatte wy ússels rêde? De hûn, wy slachtsje de hûn!’ De sjauffeur seach ús oan. Wy seinen neat. Ik treau it bist syn kop tsjin myn knibbel en wy seinen neat. Wy harken en seagen nei Kees en Tineke, Klaus en Henny en nei Sjoerd en Nel. Sjoerd hie de eagen heal tichtknypt en seach foar him út. En wy mienden dat dit reële minsken wienen, fakânsjefreonen. It wie net te leauwen!
Blykber brochten Sjoerd syn wurden bepaalde magesappen yn wurking. Hja hienen honger en wienen sa ûnmachtich en Sjoerd syn
| |
| |
wurden krigen macht.
Ik waard mei de hûn út de rige helle en foar it front setten.
‘Is elkenien it dêrmei iens? No? Ik sjoch hjir en dêr in knikje, mar ik hear neat. En? Jimme hawwe no noch de kâns...?’
‘Ja, jaaa,’ klonk it oer it stille kamp. ‘Jaa, jaa!’
‘Moarnier om sân oere. Sjoch wa't jo rjochter buorman is en jo lofter.’
Ien fan de motorriders krige Jane by de earm en sleepte har mei it kamp út. De bern begûnen earmhertich te gûlen. Klaus en Henny namen se mei nei harren karavan.
Ferslein wienen wy en wy gyngen hoeden op ús klapstuoltjes sitten. Wy seagen elkoar oan; de hûn stie tusken ús yn. Hy streake de iene kant fan it bist, ik de oare.
‘As wy him fuortjeie, dan is der moarnier net in hûn.’
‘Hoe kinsto dat bist no fuortjeie, do hast alle war dien him oan dy te binen. Hy komt subyt werom,’ andere hy.
Ik lei de holle tsjin de bekling en skôge de loft. In stipke makke grutte sirkels. Ik wachte oant it boppe my stil stie en ik joech him myn eagen.
Aaklike klear seach ik it fjochtsjen fan Jane tsjin har fijân. Ik seach tige krekt it plan fan de motorrider. Foarby it âlde boerehûs, dêr't de kampingeigner wenne, wie de reade ierde frij makke fan grintstien. It part wie ferdield yn stikken eigendom. Safolle motorriders, safolle stikken. De lange messen waarden de grûn yn soald en grinzen waarden hyltyd op 'e nij lutsen en bysteld. In spultsje oerweldigje, lân bemasterje, mei as ynset... Jane.
Ik hie net each foar de klaproazen tusken it nôt. Ik seach net hoe't it wetter frij fan de rotsen tusken it oerhingjende grien yn in sulveren lint ûnder my foel. Ik woe werom nei myn klapstuoltsje om nei te tinken. Boppe it tek fan ús karavan krige ik myn eagen werom.
It ferstân wurket net fia regels. Wy binne ommers net in kompjûter. Gaoatysk tinkwurk is kreatyf tinken. Sels! Je moatte hearrich wêze oan de wet fan jinsels. Libbene en deade organismen wurkje net gelyk. En de grampy's en dyjingen dy't betiid op fakânsje woenen, hienen plenty deade organismen. As de psyche yn de minske net mear wurket en hy allinne noch biologysk oanwêzich is, is de minske al dea!
Hokfoar macht hawwe wy? De ûnmacht. En hokker krêft hat de ûnmacht?
It bêd wie my fijannich. Ik draaide fan de iene op de oare side en fage triennen fan de wangen.
Ik koe it fan alle kanten besjen; ik hie gjin oplossing. Slachtsje. It bist slachtsje!
| |
| |
Hoeden dienen wy it rolgerdyntsje in bytsje omheech. Wy seagen de grampy's en dyjingen dy't betiid op fakânsje woenen, ferwachtingsfol op it middenfjild stean.
‘Dêr steane de hûnefretters, dy rotsakken!’ sei 'k. ‘Kom, ik hoopje datst taai bist.’
Wy rûnen nei ús fêst plak en elkenien joech romte. No pas seach ik, dat de sjauffeur de helm ôf hie en it swarte pak ferruile hie foar in kakybroek en in wyt t-shirt.
Ynienen wie der in trelit. Jane waard troch in motorrider werombrocht. Se sloech omraak fan har ôf mar elke kear treau de man har in eintsje foar him út. Hy hie in eigenaardige glim om de mûle. Hy hie der nocht oan! Jane har lêste skelwurd wie:
‘Bastard!’
‘Wat hat it dy oplevere, sekreet! Hast lekker te iten hân!’ raasde Sjoerd.
Nel lei him hastich in hân foar de mûle.
Wat ik noch nea sjoen hie, wie de feroaring fan útdrukking op de antlitten fan de motorriders. Der siet in bewyske fan in glim op. De sjauffeur paradearre by ús lâns en hold foar my.
‘Meikomme,’ sei er.
Ik seach de man oan. Hy wie krektlyk as dy oaren. Tsjokke noas, hege wangbonken en dat wylde bosk ljocht hier.
‘Autokaaien.’
Ik rûn mei de hûn nei de karavan en krige de kaaikes út in bakje. Ik die de autodoarren los, liet de hûn op de efterbank en stapte yn. Foardat er ynstapte helle er it mês út syn lofter lears en lei it op it dashboard. Ik starte de motor, ried in eintsje efterút en gyng oer it paadsje de kom út.
De finzenen fan de delte seagen de auto nei. Se stienen stram njonken elkoar. Hienen se noch ferwachtings?
Wy rieden oer de groeden fan de ierde. It beammeskaad en de útlitten blommekleuren wikselen inoar ôf. Hjir en dêr besochten dykwurkers mei mânske masines nije wûnen te snijen. No en dan kamen wy troch doarpkes mar nearne waard stoppe. Yn guon stedsjes wachte ik foar de reade stopljochten. Soms stie der in fytser of in motorrider njonken my. It t-shirt en de spikerbroek fladderen om harren hinne. Wy seagen elkoar oan. Myn eagen fregen:
‘Sjochsto net dat ik in finzene bin? Sjochsto dat grutte mês lizzen? Dêrmei wurdt aanst myn hûn dea makke!’
It bist lei rêstich op de efterbank; dit wie gewoan, hy wie hjir oan wend.
Wy rieden en rieden. Wêrhinne? De man wie oandachtich mei in lúsjefersprikke tusken syn tosken oan it seagjen.
Ik doarste him fansiden te begluorkjen. Alle raamkes en roasterkes wienen iepen en it hier waaide him nei efteren.
Ynienen foel myn each op syn earen. Grutte
| |
| |
earen wienen it. It fleizige earlapke bongele oan de skulp. Der siet romte tusken it earlapke en de skulp!
Ik skrok. Hy ropte it mês fan it dashboard en lei it wer del. No mei it limmet myn kant út! Ik seach op 'en nij fansiden. It swiere earlapke bongele los oan de skulp.
En wy rieden en rieden. Wêrhinne?
Der waard net ien wurd sein. Ik konsintrearre my op it autoriden en die krekt as ik allinne yn de auto siet. De loft wie yn en yn blau. En... dêr seach ik, tige heech, in stipke dat rûnten draaide. Somtiden hong it stil en begûn dan wer oan in nije rûnte. Myn hert sloech in slach oer en ik hold de siken in skoft fêst. Ik moast my twinge om de eagen op de dyk te hâlden. Doe't ik wer omheech seach, wie 't fuort. Myn eagen sochten it blau systematysk ôf mar ik koe it net wer fine. Ik wie myn rôffûgel kwyt!
Der kaam in frjemd gefoel oer my. No wie ik folslein allinnich. Ik fielde dat er nei my seach. Ik sammele alle moed en draaide myn holle syn kant op.
De hege wangbonken treaunen syn eagen hast ticht en ik seach it bongeljen fan it losse earlapke.
Op 'en nij skôge ik de loft en dêr kaam de fûgel oanfleanen! Ik seach hoe krêftich de slaggen wienen. Ynienen stiek er de flerken omheech en goaide himsels nei ûnderen. Hy hie de kop foardel en doe't er op 'e hichte fan de auto wie, kamen de wjukken wer breedút en sette er faasje. Neier en neier kaam er. Ik seach it gielgrien fan syn eagen, it swart fan de pupil en de skerpe, kromme snaffel...
Hy klapte tsjin it autorút tepletter!
Ik trape de rem oant de ein ta yn, kniep yn it stjoer en krige de auto oan de kant. Ik sloech de hannen foar de eagen en in ferskuorrende kjeld kroep yn my omheech. Doe't it triljen fan de lea in bytsje saksearre, seach ik fansiden. De man njonken my sakke stadich nei my ta. It heft stiek him út it t-shirt! Mei gjalpen spuite it bloed út de wûne.
De waarme wyn raasde troch de iepen autoruten en it deade lichem fûn stipe tsjin myn skouder!
It bloed rûn by myn rjochter kût del en sammele him by de hakke; in kiizjend gefoel.
De hûn stie foar myn stoel en slikke myn skonken. De kalkoen lake!
|
|