Wannear't wy fluiten, gienen de kuorren iepen en krûpten de slangen derút, sa't de earste kear mei Berber har slangen bard wie. En wannear't in slang ienkear troch de struken krûpte, fûn de eigner him meastentiids net werom.
‘Slangehannel hat te meitsjen mei grutte stroppen. Pleatslike wurkgelegenheid yn gefaar,’ liezen wy op 'e kabelkrante, mar wy seinen tsjin inoar dat de wurkgelegenheid sa belangryk net wie as in frij strân.
Njonkelytsen rekken de dunen fol mei slangen.
‘Wy moatte se fange foardat se grut binne,’ sei Lucio. Ek dat wie maklik. Wy kochten wat kuorren en setten dy yn 'e dunen. Ik fluite en wylst de slangen nei ús ta krûpten, jage Lucio har mei in stok de kuorren yn. ‘Moatst se deameitsje,’ sei ik tsjin him, want sels doarst ik dat net. Mar Lucio bliek byleauwich te wêzen.
‘In slang deameitsje bringt ûngelok.’
Dat wy moasten wat oars betinke.
‘As sy hjir earst mar wei binne,’ sei hy. ‘Dat der net sa'n aaklike slangefjochter komt dy't se fan ús ôf pakt. Wy moatte nei Drinte ta. Dêr is noch wat romte en wat heide. Faaks kinne se dêr mei in slangereservaat begjinne.
Wy gongen mei de trein en moasten seis kaartsjes ekstra keapje fanwegen de kuorren. Sa hienen wy wol in kûpee foar ússels. De reizgers dy't by ús lâns kamen, seagen al ús bagaazje en sochten in oar plak.
‘Dy minsken hawwe poezen by har,’ sei in jonkje tsjin syn mem, mar de measte minsken hienen wol yn 'e gaten dat it gjin katten wienen.
Doe't Lucio ûnderweis nei it toilet gie, bleau er lang fuort. Hy kaam de kûpee wer yn mei in frou dy't in earm yn it ferbân hie.
‘Har man knoeit har,’ flústere er.
Hy joech de frou in jonge slang en krige it jild fan har oan.
Doe gie er wer nei it toilet.
Hy kaam werom mei in âlde frou, dêr't er ‘it bêste eksimplaar’ foar útsocht.
‘De direktrise fan it âldeminskehûs dêr't se yn wennet is in serpint,’ sei er. ‘Dy wol net ha dat der bisten yn it hûs komme en wa't moarns om healwei tsienen net yn 'e rekreaasjeseal sit, kin gjin kofje mear krije.’
Hy ferkocht in slang oan in famke mei in heit dy't har sloech en oan in psychoatyske jonge dy't de slang brûke woe om nea mear opsluten te wurden.
‘Giest net wat fier?’ frege ik him.
‘Fier? As ik de minsken der mei help?’
En Lucio seach as oft er gewoan in naïve en sympatike jonge wie.
Doe liet er my it jild sjen dat er krige hie en hy lake.
‘Sjoch, se jouwe der hjir noch mear foar as yn 'e stêd.’