Trotwaer. Jaargang 24
(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 26]
| |
Pieter Duijff
| |
[pagina 27]
| |
mocht. De rolferdieling tusken de man en de frou is dúdlik: de frou wurket yn de húshâlding en hat har baan by it trouwen deroan jûn en de man bemuoit him net mei de húshâlding, hy wurket by in oar of is sels baas. Oer it generaal wurde aktiviteiten op seksueel mêd net beskreaun en de persoanaazjes hâlde har oan de regels dy't neffens de tsjerke jilde(n) op it mêd fan de seksualiteit tusken bygelyks feint en faam. In wichtich skaaimerk fan de regionale literatuer is, dat der ferskil oannommen wurdt tusken it plattelân en de stêd.Ga naar voetnoot3 De stêd moat yn wurdearring ûnder dwaan foar it plattelân. Yn gâns KFFB-romans komt de stêd net oan it plattelân ta. De KFFB-literatuer is nammers ek op grûn fan oare skaaimerken fan regionale literatuer ta dat sjenre te rekkenjen. Foardat ik yngean sil op de boppesteande aspekten fan de fjouwer KFFB-romans en in mennich konklúzjes op in rychje sette sil, jou ik fan dy romans earst in koarte gearfetting fan de ynhâld. | |
Tiden hawwe tidenYn it ferhaal steane twa húshâldings sintraal: dy fan Nynke-en-dy en dy fan Hessel-en-dy. Nynke is de haadpersoan. Nynke wennet by har heit yn 'e hûs. Har heit, widner, is timmerbaas yn it doarp dêr't er wennet. Hessel is de ienlingssoan fan Reinder en Saapke. Reinder is skipper op in trekskûte. Reinder wurdt typearre as in man dy't net fan feroarings hâldt. Syn soan Hessel, dy't yn it leger tsjin België fochten hat en wat fan de wrâld sjoen hat, is dêrfoaroer foar feroarings. De heit en de soan reitsje gauris meielkoar yn tsjûkwaar. Reinder hat der altyd op hope, dat syn soan him op de skûte opfolgje sil, mar hy freget him hieltyd mear ôf oft Hessel wol geskikt wêze sil om meidertiid skipper te wurden. Nynke is op Hessel fereale. Sadree't hja de kâns kriget, wurdt it ferkearing mei Hessel. Ynearsten is hja der net fan oertsjûge oft hja wol de goede kar dien hat: soms kin Hessel sa lyts wêze, kin se wol fan Gelf, de timmerfeint fan har heit en maat fan Hessel, ôfsjen? Gelf hat yn alle gefallen sûnder har gjin tier. Op 'e troudei fan Hessel en Nynke stiet Gelf hieltyd om in hoekje; allinne Nynke sjocht him. Nynke ken him letter ek werom as er mei trije oare deabidders Hessel en har de ponge en de omslachdoek ôfstelt. Op oantrún fan Reinder jout Nynke it oan dat Gelf derby wie. Gelf wurdt mei de oaren feroardiele. Nynke bynt him op it hart dat er him nei syn finzenskip feroarje moat. | |
[pagina 28]
| |
is op 25 augustus 1854, de bertedei fan de haadpersoan fan it boek, Durk Sipkes Dykstra. De ein is om 1880 hinne, in pear jier nei de dea fan Durk Dykstra (7 maaie 1878). De Dykstra's binne allegearre boer. De tredde soan, Sipke, is earste komelker. Hy is de earste fan de broers dy't trout. Syn âldste soan Durk is sadwaande de earste pakesizzer yn de famylje. Sipke en syn broers hawwe al ridlikgau in doel mei de lytse Durk: hy moat ta dûmny leare. Durk is op skoalle in heldere baas en hy hat der al jong sin oan om dûmny te wurden. Hy komt út in otterdoks laach. Syn heit en omkes en doarpsgenoaten wolle dêrom graach dat Durk ta rjochtsinnich dûmny leare sil. Der moat in daam opsmiten wurde tsjin it liberalisme yn de tsjerke. De Grinzer rjochting moat tsjingas krije. Dêrom giet Durk as er de jierren hat nei it ynternaat yn it Gelderske Zetten, in ynstelling dy't letter in gymnasium wurdt. Durk docht it dêr goed. Hy fielt him dêr lykwols tusken de oare jonges net goed thús. Hy is altyd wer bliid as er yn de fakânsjes yn de Legeaën is. Op ien fan syn thúsreizen krijt er ferkearing mei Janke van Dyk. Hy wol mei Janke de pastory yn. Dat liket ek trochgean te sillen, want yn 1878 hat er de ein fan de stúdzje oan de Utertske universiteit yn sicht. Yn de iere maityd fan 1878 wurdt er lykwols slim siik - t.b.c. - en komt thús te ferstjerren. Syn heit is der slim foarwei. Syn faam Janke alhielendal. Hja kin mar ien ding mear foar Durk dwaan: in stien op syn grêf lizze litte. | |
De wei fan A nei ADe jonge yngenieur Hinne Reitsma hat, neidat er yn Wageningen ôfstudearre is, wurk krige yn Amsterdam. Hy mei himsels dêr net sjen, mar om it wurk bliuwt er dêr dochs hingjen. Syn ferloofde, Annechien Reuvink út Assen, is der wol mei ynnommen dat Hinne yn de haadstêd fan Nederlân wurk krige hat: dan kan hja meidertiid ek yn Amsterdam wenje. Yn Hinne syn kosthûs wennet ek in Ada Lunter. Hja is in kreas jongfaam. Ada mei wol oer Hinne. Hinne hat ek net in hekel oan har, mar hy bliuwt syn ferloofde trou. De leafde tusken Hinne en Annechien is sûnt Hinne syn wurkjen yn Amsterdam wol bekuolle. By einsluten draait it derop út dat de ferloving útrekket. Hinne giet in jûntsje mei Ada op stap, mar hy ken syn grinzen wer as er oan Annechien tinke moat. Troch ynspirearjende wurden fan in dûmny giet Hinne wer nei Annechien ta. Hy wol har dochs hâlde en syn takomst yn Fryslân wol er om har wol opjaan. Mar Annechien leit har derby del dat Hinne op in nije baan yn Ljouwert sollisitearje sil. Hy krijt dy baan en hja trouwe en komme yn in eigen hûs te wenjen. | |
[pagina 29]
| |
As de goalera útbrekt, krijt Reinder de besmetlike sykte ek. It liket der eefkes op, dat Nynke har skoanheit ek ferlieze moat, mar Reinder klaut wer by de wâl op. Underwilens hat Nynke in ferfanger op de skûte socht - Hessel hat by syn trouwen de timmersaak fan syn skoanheit oernommen - om't Reinder in moai set net farre kin. Hja hellet Gelf oer om him wer ûnder de minsken te jaan. Hy komt op de skûte. Sa wurdt Gelf wer reklassearre. Nynke is lokkich mei har Hessel. Allinne ûntbrekke de bern deroan. No moat Gelf noch lokkich wurde. Troch bemiddeljen fan Nynke krijt Gelf ferkearing mei Nynke har kammeraatske Sjoukje. | |
Grien is it gersIt ik-ferhaal docht ferslach fan in wichtich part út it libben fan de haadpersoan. De haadstikken binne allegearre titele mei April 19..: 1946, 1951, 1956, 1961, 1966, 1971, 1976, 1981, 1986. Tusken it proaza steane fan en ta gedichten. De haadpersoan is in boeresoan fan it Fryske plattelân. Nei syn skoallejierren kin er syn draai net rjocht fine. Op in stuit emigrearret er nei Amearika ta, mar hy komt werom. Troch selsstúdzje en de universitêre teology yn Grins kin er it ta dûmny bringe. Hy komt as frijfeint yn de pastory fan it fiktive Fryske doarp Harkwerd. Hy hie dêr graach mei syn âld-faam Froukje yn wollen, mar hja hat him sitte litten. It briefkjen mei de Amerikaanske Shirley Dowers rint by einsluten út op trouwen. Har beide bern út in earder houlik, Lucy en Peter, komme mei nei Fryslân ta. Hja binne alle fjouwer lokkich. Nei Harkwerd folget Ljouwert as stânplak. Yn de Ljouwerter tiid moetet de dûmny syn âld-faam Froukje wer. Hja binne elkoar beide noch net fergetten en hja uterje dat allebeide. As troud man giet de haadpersoan dêryn te fier. Hy is wol sa earlik dat er Shirley fertelt dat er mei Froukje oer de skreef gien is. Nei de te iere dea fan Shirley bliuwt de dûmny wer allinne yn de pastory oer. De bern fan Shirley hawwe der by him op oanstien om in nije relaasje te begjinnen. Dat wurdt nei in jier Froukje, dy't al in jier of tsien widdo is. Hja wurde tige lokkich. As de haadpersoan op 'e nij frege wurdt om wethâlder foar de PvdA te wurden, nimt er it oan. Der komt rûmte foar in jongere dûmny. De nije wethâlder is bliid dat er net langer yn it dûmnysamt hoecht te stean. Hy is 56 jier as him it gers grien ûnder de fuotten is. | |
Taast yn it ferlineYn de roman wurdt de skiednis beskreaun fan de famylje Dykstra út Tersoal. It begjin | |
[pagina 30]
| |
Neidat Annechien in poppe krigen hat, giet it mei har sûnens achterút. It docht al ridlikgau bliken dat Annechien net wer better kin. Oardel jier nei de dea fan Annechien ûnthjit Ada Hinne har trou. Neist it finen fan Hinne syn libbenslok spilet in aventoer in rol yn it boek. As Hinne en Annechien yn Noard-Hollân op fakânsje binne, krije se te meitsjen mei in moardsaak. Ynearsten wurdt Hinne fan de moard fertocht, mar letter wurdt it bewiis levere, dat Ada Lunter en har eardere freon deryn belutsen binne. Ada wurdt ta in selstraf feroardiele. As it oan har frijkommen ta is, komt hja troch it bemiddeljen fan in dûmny en op oantrún fan Annechien by Hinne syn heit op de pleats as húshâldster neidat Hinne syn suster troud is. Ada fynt op de pleats frede en leauwe en by einsluten Hinne. | |
Foarmaspekten fan de fjouwer romansa. De tiid fan spyljenDe fjouwer romans spylje hielendal of foar in wichtich part yn it ferline. Tiden hawwe tiden: de tritiger jierren fan de foarige ieu; Grien is it gers: 1946-1986; Taast yn it ferline: 1854-1880; De wei fan A nei A: nei alle gedachten begjin 50-er jierren fan dizze ieu. Twa romans spylje dus yn de foarige ieu, twa hielendal of foar de helte yn it begjin fan de twadde helte fan dizze ieu. Grien is it gers is de iennige roman fan 1990 dy't (foar in part) yn de moderne tiid spilet. De fjouwer romans binne seker net de iennige KFFB-romans dy't yn it ferline spylje. Der binne yn it ferline gâns romans ferskynd dy't relatyf fier foar de tiid fan útjefte spylje. It hat der in soad fan dat skriuwers harren romans graach yn de tiid fan harren jonge jierren spylje litte. In reden dêrfoar soe wêze kinne, dat de skriuwers fan betinken binne, dat de wrâld yn it ferline oersichtliker en harmoanysker wie. It is net dúdlik wêrom't de KFFB yn ien jier fjouwer romans útjout dy't hast hielendal yn it ferline spylje. It sil grif te krijgen hawwe mei it lytse oanbod fan hânskriften oan de iene kant en de ferplichting nei de leden ta om in minimum oantal romans út te jaan oan de oare kant.Ga naar voetnoot4 Gefolch fan it útjeftebelied is yn alle gefallen, dat de lêzers/leden in jier lang gjin KFFB-roman lêze kinne dy't yn it moderne Fryslân - KFFB-romans spylje hast per definysje yn Fryslân - spilet. Ik wit net oft it faker foarkommen is dat de KFFB-romans fan ien jier allegearre hielendal of foar in wichtich part yn it ferline spylje. | |
[pagina 31]
| |
b. De fertelde tiidDe fertelde tiid fan twa romans is relatyf koart: de ferhalen yn Tiden hawwe tiden en De wei fan A nei A beslagge sa'n fiif jier. De roman Grien is it gers, dy't de foarm fan in biografy hat, hat de langste fertelde tiid fan de fjouwer romans: 40 jier. De oare libbensbeskriuwing, Taast yn it ferline, fertelt it koarte libben fan de haadpersoan mei dêrachteroan noch in koart tiidrek. It hiele ferhaal beslacht sa'n 26 jier. De lêste beide romans hawwe in lange fertelde tiid. De fertelde tiden fan de beide oare romans haw ik relatyf koart neamd, om't fiif jier net echt koart is. Der binne yn it ferline wol KFFB-romans ferskynd dy't mei it beskriuwen fan in tige koarte fertelde tiid oansluting fine by in moderne tindins yn de literatuer. De KFFB-roman Read hier en reinwetter fan Akky van der Veer út 1973 is mei in fertelde tiid fan ien dei dêr in opfallend foarbyld fan. | |
c. De fertelsituaasjeYn haadsaak hawwe KFFB-romans de tradisjonele auktoriale fertelsituaasje. De romans Tiden hawwe tiden, Taast yn it ferline en De wei fan A nei A binne ek út dy fertelsituaasje wei ferteld. Yn Tiden hawwe tiden en Taast yn it ferline komme gauris passaazjes foar dy't personaal binne, mar oer it gehiel bliuwe de romans alwittend, want personale blokken binne net altyd skerp fan elkoar skaat en de ferteller slacht de mûle der fan en ta yn. Grien is it gers is konsekwint troch in ik-ashaadpersoan ferteld. Dy fertelsituaasje bin ik ek wolris tsjinkommen yn oare KFFB-romans. Ik tink dêrby oan de roman Konduktrise fan Welmoed Hemrica (1952) dy't troch syn deiboekfoarm in suvere ik-roman is. De gersridders fan G. Abma (1969) en Ien lyk minder fan Ypk fan der Fear (1970) wurde foar in part troch in ik-ferteller ferteld. Dat de tradisjonele fertelsituaasje ek yn de KFFB-romans fan 1990 foar master opslacht is dúdlik. | |
d. De ferteloarderDe fjouwer romans hawwe allegearre in kronologyske oardering fan de fertelblokken. De lêsberens fan de romans wurdt dêrtroch ienfâldich hâlden. Foar in folksboek liket it in eask te wêzen, dat de ferteloarder per definysje net kompleks wêze mei. It docht jin dan ek gjin nij, dat yn in KFFB-roman amper of net eksperimintearre wurdt mei de foarm. Yn de fjouwer romans komme wol flashbacks foar. Se geane lykwols net fier yn tiid tebek. | |
[pagina 32]
| |
Noarmen en wearden yn de romansa. De godstsjinstDe haadpersoanen yn alle fjouwer romans binne protestantsk-kristlik. Hja ferkeare yn fermiddens dy't ek protestantsk-kristlik binne. Dêryn falle de romans as KFFB-romans net op. It liket sa te wêzen, dat in skaaimerk fan de kristlik-Fryske roman is, dat de personaazjes kristlik binne en yn in kristlik fermidden libje. It kristlik-wêzen wurdt yn de romans ferskillend eksplisitearre. Yn Grien is it gers en Taast yn it ferline binne de beide haadpersoanen teolooch. Beide binne se opgroeid yn in konfesjoneel fermidden. De haadpersoan yn Grien is it gers seit dat otterdokse fermidden farwol. De teology-studint yn Taast yn it ferline net. Hy fielt him roppen en wurdt oantrúnd om him nei syn stúdzje yn te setten foar it Reveil yn de Herfoarme Tsjerke. De neisten fan de haadpersoanen geane ek nei tsjerke en binne kristlik. De haadpersoanen yn de romans Tiden hawwe tiden en De wei fan A nei A geane nei tsjerke en bidde en tankje. Dêrtroch witte wy dat se godstsjinstich binne. It dwaan en litten fan de personaazjes wurdt net faak, alteast net eksplisyt, troch in bibelske en/of tsjerklike moraal fûndearre. Yn De wei fan A nei A wol de haadpersoan eins net op snein reizgje. Om't de need oan de man komt, stapt er dochs yn de trein: ‘Beret skuorde er ynienen it brief dat er skreaun hie, stikken en socht it spoarboekje op. Dan mar op snein reizgje. Dit moast dan mar ûnder de needgefallen rekkene wurde.’ (s. 15). De KFFB-lêzer, de kristlike lêzer, sil it wjeraksel tsjin it reizgjen op de rêstdei grif opfetsje as in (ferâldere) tsjerklike moraal. Yn de roman libbet by de haadpersoan ek ferset tsjin arbeidzjen op snein. It ferbod op sneinsarbeid sil by de KFFB-lêzer fan de njoggentiger jierren reälistysker oerkomme as it reisferbod. Yn Taast yn it ferline wurdt it near op aisykjen op snein lein. Yn Grien is it gers wurde guon saken op it kristlike doarp Harkwerd ferbean of alteast net akseptabel fûn. Yn it haadstikje ‘April 1951’ komt de neikommende passaazje foar: ‘Oan 'e ein fan 'e jûn wolle in tal jongeren dûnsje. Dat kin ús heit net sa wurdearje. In stege kalvinistyske boer fynt dûnsjen wat “fan 'e wrâld”, dat heart net thús yn in kristlike húshâlding.’ (s. 45, 46). It dûnsjen giet wol troch, mar dat is te tankjen oan de mem dy't rommer fan opfettings is. De dûmny sil it grif fan syn mem hawwe dat er frijere opfettings hat as yn syn otterdokse fermidden wenst is. Fierders hawwe lju yn deselde roman argewaasje fan dûmnys dy't nei de bioskoop geane en fan de widdo fan in eks-âlderling dy't mei in folle jongere man útnaaid is. Der wurdt op it doarp likemin tolerearre | |
[pagina 33]
| |
dat in dûmny by de frou weigiet. Sa tinkt de dûmny der sels ek oer: ‘Foar in dûmny kin in skieding ienfâldichwei net. Grif net yn in doarp as Harkwerd.’ (s. 75). In freon fan de haadpersoan wurdt nei syn echtskieding frijwillich dûmny-ôf. De personaazjes yn Tiden hawwe tiden uterje har net folle oer de godstsjinst. Nynke har typearring fan har memme omgean mei it leauwe stiet yn praktyk moai aardich model foar de measten yn de roman: ‘In oar punt fan achterhâldendheid by mem wie de godstsjinst. Dêroer koe se allinne mar prate as it oer it kollektyf gie. “Ja, ja, wy binne allegearre sûnders, wy kinne foar Him net bestean.” De holle kaam skean en de eagen stiene mankelyk.’ (s. 46). De organisaasje fan it kollektyf, sis mar de tsjerke, spilet yn de roman in wichtige rol. It giet foar in wichtich part oer de Ofskieding fan 1834. It skisma yn de tsjerke spilet in rol yn it libben fan guon personaazjes. Winliken bliuwt it by de organisaasje fan de leauwigen. De ynhâld fan it leauwe en de lear fan de Ofskieding binne sekundêr. Yn Taast yn it ferline spilet de organisaasje fan de tsjerke ek in wichtige rol. Yn dy roman is wol wat mear refleksje op it leauwe en de tsjerke. Der wurdt yn de roman pleite foar in reveil yn de tsjerke. It dopen fan in bern giet sels oer om't de dûmny fan it doarp net otterdoks genôch (mear) is: ‘Guon seine, it moast troch in otterdokse dûmny dien wurde, as der in berntsje doopt waard en dat wie dûmny Hingst net of net mear. Hy woe earlik wêze, it hâlde him wat tebek.’ (s. 49). Earne oars yn de roman wurde (koarte) petearen hâlden oer Gods oardiel oer de minsken nei oanlieding fan de dea fan in jonge broer yn de famylje Dykstra. As de tyfus rûnwaret, sjocht it foll: Gods straffende hân nei de minsken útstekken. Yn de trije romans Tiden hawwe tiden, Taast yn it ferline en De wei fan A nei A hâlde of krije alle haadpersoanen it leauwe. It kristenwêzen - al of net utere - liket in fanselssprekkende saak te wêzen. Op it mêd fan de godstsjinst typyske KFFB-romans: it leauwe is oanwêzich, spilet in rol yn de libbens fan de haadpersoanen, mar wurdt net yn details utere en/of beskreaun. Faaks binne djipgeande petearen en skôgings oer it leauwe - in dochs net ienfâldich aspekt fan it libben - yn in folksboek net goed op har plak. Grien is it gers is oars. Net it neitinken oer, mar de fyzje op it leauwe en de tsjerke yn de roman is binnen de KFFB-romans opfallend. Yn it foarste plak is de haadpersoan yn Grien is it gers in dûmny, mar net in tradisjonele (doarps)dûmny. Hy is opgroeid yn in otterdokse húshâlding, mar is as dûmny links fan it midden kommen te stean. Boppedat is er lid fan en aktyf yn de PvdA. In goekunde | |
[pagina 34]
| |
It leauwe is yn de eagen fan de haadpersoan fan it boek net langer it wichtichste yn in minskelibben. Grien is it gers koe de KFFB wolris in mennich otterdokse leden koste hawwe. | |
b. De man-frouferhâldingNo wol ik neigean hoe't de taken ferdield binne tusken de man en de frou. Ik behein my net ta de houliksrelaasje. Yn ien fan de fjouwer romans, Taast yn it ferline, wurdt de fyzje op de rolferdieling tusken de man en de frou net eksplisitearre. Yndirekt wurdt dúdlik, dat de frou húshâldlike taken oplein krige hat en dat de man de kost fertsjinnet. Boppedat nimt de man wichtige besluten. Yn Tiden hawwe tiden, de roman dy't lykas Taast yn it ferline yn de foarige ieu spilet, is ek in tradisjonele man-frouferhâlding te merkbiten. Ien kear komt it yn dy roman foar dat in frou neffens in man der praat op nei hâldt dat útsoarte gjin praat foar froulju is. As op in stuit oer de achtergrûnen fan de Ofskieding praat wurdt, docht Nynke, de haadpersoan yn de roman, oan de diskusje mei, mar ‘it (joech) gjin pas dat Nynke har yn it iepenbier yn de diskusje bejoech. Want froulju hearden har dochs net op 'e foargrûn te pleatsen? Dy moasten har stil hâlde en harkje. Op syn heechst koenen se thús har miening sizze en dan ek allinne mar as se har op it lêst ûnder it oardiel fan de manlju dellizze woenen. Nynke waard ek kjel fan harsels, se sloech de hannen foar de mûle.’ (s. 62). Neist de easken ta foechsum praat en swijen yn it publyk dy't oan froulju steld wurde, moatte hja ek it wurk yn de húshâlding dwaan: ‘Gelf is der net op berekkene en doch frouljuswurk. As ik fuort bin, moat hjir in frommes komm, in húshâldster of sa.’ (s. 91). De wei fan A ei A jout itselde tradisjonele byld: in frou fersoarget de manlju mei tee, froulju hearre de hiele beurs net te hawwen en troude froulju hearre man en bern te fersoargjen. Yn Grien is it gers wurdt de tradisjonele manfrouferdieling trochbrutsen. In troude frou ambiearret in sit yn in gemeenterie en hâldt har dwaande mei allerhande pleatslike politike aktiviteiten. De haadpersoan wurdearret de sosjaal-ekonomyske fernijings, want: ‘Benammen froulju, ieuwenlang eftersteld, krije gelegenheden as noait tefoaren. Wurkje bûtendoarren, stúdzje en frije tiid en maatskiplike ûntjouwing binne gelokkich foar in soad minsken fanselssprekkend wurden. Ek yn tsjerke hat dy ûntjouwing uteraard trochwurke. Allerhande foarmen fan ynspraak, dy't foarhinne mei in skalk each folge waarden, binne mandegoed wurden. Froulike amtsdragers binne no gewoan yn 'e protestantske tsjerken.’ (s. 145, 146). Hy is dermei ynnommen dat syn eigen frou har | |
[pagina 35]
| |
fan him bringt hiel skerp ûnder wurden hoe't tradisjoneel tsjin in reade dûnmy oansjoen waard (en wurdt) yn rjochtsinnige tsjerklike rûnten en KFFB-romans: ‘Ik bin grutbrocht mei de gedachte dat dominys kristlike politike partijen trou bliuwe. Ik wit ek wol dat dat net foar elkenien jildt, mar dy pear útsûnderingen op 'e regel hawwe altyd safolle muoite mei har iepentlik kleur bekennen.’ (s. 110). Sels sjocht er syn krewearjen foar de PvdA as in logysk gefolch fan syn kristlik-wêzen: ‘Omdat God it seit, haw ik my yn te setten foar “de minste onder mijn broeders en zusters”, lykas der sa plechtich stiet. Wolno, om mei Troelstra te sprekken: Ik moat, it is myn ropping.’ (s. 154). En: ‘De polityk lit my net los: ik lês dêr alles oer wat my fan belang liket en folgje op de televyzje it politike dwaan en litten, benammen mei it each op de kommende Twadde Keamer-ferkiezings. Dêr komt noch by dat ik in soad fan myn amtswurk op itselde mêd lizzen sjoch: dwaande mei en foar minsken, dy't ús paad kruse. Benammen foar harren dy't noch wat stipe yn 'e rêch nedich hawwe.’ (s. 175). Twad is hy in dûmny dy't net sa fêst yn de skuon fan it leauwe stiet. Hy stie yn Ljouwert al lang bekend om syn ferljochte ideeën. Ideeën dy't er neffens ûnthjit net útdrage soe: ‘Ik haw tasein myn min of mear ferljochte ideeën net oer te dragen op dizze minsken: se meie har wissichheden of wat dêrfoar trochgiet net kwytreitsje.’ (s. 197). Sels rekket er syn lêste wissichheden oer it leauwe wol kwyt, want as er op 'e nij frege wurdt om wethâlder foar de PvdA te wurden, giet er mei emeritaat. De wichtichste reden foar it kiezen foar in politike karriêre boppe it dûmnysamt hat west: ‘dat ik yn in krisissituaasje telâne kommen bin wat myn kristlike libbensoertsjûging oangiet. Dat is net fan hjoed op juster bard. Ik wrakselje al jierren mei idintiteitsswierichheden. Der is in oerfloed fan stúdzjemateriaal oer it kristlik beliden foarhannen, mar ik haw der wat langer wat mear muoite mei sels dat beliden as wêzentlik te ûndergean.’ (s. 197). Ik komt jin wol oer it mad dat de dûmny it leauwe net mear mei hart en siele belide en útdrage kin, mar dat is mear in kwestje fan in tekoart oan kwaliteiten yn de debútroman. Yn alle gefallen is it wol nijsgjirrich en opfallend, dat yn in KFFB-roman in dûmny net langer in haadrol yn de tsjerke spylje wol en kin en dat er boppedat tajout it tsjerkefolk dingen foarhâlden te hawwen dêr't er sels net yn leaut. Oars: dat immen fan it leauwe ôfrekket.
Fan de fjouwer KFFB-romans fan 1990 binne koartsein trije op it mêd fan de godstsjinst typyske KFFB-romans. Grien is it gers liket bewust mei dy tradysje brekke te wollen. | |
[pagina 36]
| |
by it wolwêzenswurk oanslút sadat hja net yn in isolemint hoecht te reitsjen. Har gelok hoecht net tsjin alle prizen oan him bûn te wêzen: ‘Wy moatte inoar fêsthâlde en ús dêr alle dagen foar ynsette, ornearje wy. Mar net ta elke priis, wy hawwe tegearre rjocht op gelok, mar ek yndividueel.’ (s. 167). De roman dy't foar in part yn it moderner wurdende Fryslân spilet, lit dus wat sjen fan de feroarjende rolferdieling tusken de man en de frou. Romans dy't yn earder tiden spylje binne rolbefêstigjend. Dat se de tradisjonele man-frouferhâlding befêstigje, hoecht net fanselssprekkend te wêzen omdat se histoaryske romans binne. It is in kar. Yn de literatuer kinne likegoed personaazjes foarkomme dy't eartiids tsjin besteande sosjaal-ekonomyske ferhâldings oanskopten. Oarssein, it bliuwt in kar dat skriuwers de KFFB-lêzers de tradisjonele man-frouferhâlding foarspegelje. | |
c. De seksualiteitYn KFFB-romans is it gjin wenst om op it mêd fan de seksualiteit frijmoedige passaazjes op te nimmen. Dat is ek regel yn de fjouwer romans. Yn alle fjouwer romans wurdt gjin geslachtsdie beskreaun, wylst it wol foarkomt dat in (krekt-)troude man en frou op bêd geane of lizze. Yn Tiden hawwe tiden rekket de breugeman stomdronken by syn breid op bêd. Dêrtroch hoecht de ferteller gjin saken te omskriuwen dy't er net beskriuwe mei. In ein fierderop yn de roman wurdt de lêzer wol gewaar hoe't it yn de twadde houliksnacht sa neisteby gie: ‘Se glimke fyntsjes doe't se betocht hoe't sy it wie, dy't de twadde nachts yn it bedstee it inisjatyf nimme moast om in ferfolch te krijen op syn skrutene tútsjes en oankrûperij.’ (s. 146, 147). Letter siket de ferteller wer in ferlechje om net bûten syn boekje gean te hoegen: ‘Sa! En no moat myn famke sliepe. Of sille wy... sille wy wat oars? kaam er ynienen hoopfol op in nij idee. Mar dêr hie it har net om te rêden west. It mocht wol, fansels wol, mar it wie net it earste dêr't se ferlet fan hie. No, dan wie it him ek goed, se koe it krije sa't se it hawwe woe.’ (s. 202). Nynke makket it de ferteller maklik, wylst in pear tellen earder noch Nynke har man syn hân ‘har bleate boarst’ socht en him deromhinne sleat, ‘lyk as er altyd die as er yntime dingen tsjin har sei.’ (s. 202). Nynke makket it har man ek maklik. Hy mei by einsluten útmeitsje wat wol en net tusken de lekkens barre sil. Yn Nynke har hâlden en dragen wurde man-frourollen befêstige. Yn De wei fan A nei A giet de ferteller net fierder as de drompel fan it hûs dêr't de breugeman de breid oerhinne tilt: ‘De klok fan de Aldehou sloech ien oere doe't Hinne syn breid oer de drompel droech, in nije takomst temjitte.’ (s. 102). | |
[pagina 37]
| |
De haadpersoan yn Taast yn it ferline ferstjert foar syn trouwen. Fan oare personaazjes wurdt it sekslibben net beskreaun. Yn Grien is it gers wurdt ek gjin beskriuwing fan it sekslibben fan personaazjes jûn. Guon personaazjes yn romans swije ek it leafst mar oer de seksualiteit. Nynke har mem yn Tiden hawwe tiden hat Nynke bygelyks noait foarljochte. Hja wie fan betinken dat men net oer dingen dy't mei de minsklike seksualiteit te krijen hawwe heart te praten. Nynke is dêryn iepenhertiger. Yn Taast yn it ferline wurdt Durk Dykstra op it ynternaat foarhâlden dat seks in stikume sûnde is. Dat hie er sels nammers ek al út de Bibel opmakke. Yn 'e regel is yn KFFB-romans de foarechtlike koïtus taboe. Yn trije fan de fjouwer romans is dat ek it gefal. Ut de neikommende passaazje út Tiden hawwe tiden is op te meitsjen dat Nynke net earder as yn it houlik mei Hessel op bêd sil: ‘Oan de ein fan harren brulloft soenen se dan nei harren eigen hûs ride, harren eigen hinnekommen. Se soenen noch even neiprate, noch in slokje nimme en dan... dan moasten de moaie klean út.’ (s. 90). Op side 96 wurdt stipe fûn foar dat byld: ‘Se helle har de mominten foar de geast fan harren tegearrewêzen by de doar, as er hast fuort soe: syn blauwe eagen, dy't as stjerren strielen en dy't syn leafde foar har ferretten, syn streakjende hân, dy't har boarsten fûn en dy't as se it tastie, nei in skoftke altyd wat begearich waard. O! wat hold se fan him! Se soe har hielendal oan him oerjaan wolle.’ Durk Dykstra mei yn Taast yn it ferline likemin te fier gean: ‘Mar al dy feroarings en saken dy't it libben yn alle hear en fear oantaasten, wiene yn dy jierren dat Durk by Janke kaam, fan minder betsjutting as Janke sels. Hy mocht him by har oerjaan oan 'e leafde, mar net te lang en net te yngeand, dêr moast er him ál foar hoedzje.’ (s. 149). Ut de omtekst is op te meitsjen dat de grins by de geslachtsdie leit. De kostfrou fan Hinne is der mei ynnommen dat syn ferloofde by him op besite komt, mar Annechien mei de nacht net yn it kosthûs sliepe: ‘Juffer Van Helden stie tige noed foar de goede namme fan har kosthûs.’ (De wei fan A nei A, s. 41). Yn Grien is it gers wurdt op it mêd fan de omgong tusken feint en faam ymplisyt in oare miening útdroegen. Foarst wurdt gjin inkeld oardiel - negatyf noch posityf - jûn oer it húzjen en trouwe moatten fan de haadpersoan syn broer en skoansuster. Twad geane de haadpersoan - dûmny! - en syn faam sûnder troud te wêzen tegearre op bêd. Hja binne dan beide al yn de fyftich en widner resp. widdo. Yn alle fjouwer romans komme gjin beskriuwings fan it leafdeslibben tusken man en frou foar. Dat it typysk KFFB. Yn trije romans | |
[pagina 38]
| |
wurdt de koïtus foar it houlik ôfwiisd òf - en dat is yn guon gefallen krekter - net yn praktyk brocht. Grien is it gers hâldt op it mêd fan de seksualiteit der frijere noarmen en wearden op nei en is dêrmei wer in opfallende KFFB-roman. | |
d. De stêd en it plattelânDe measte KFFB-romans spylje yn Fryslân en dan benammen op it plattelân. It komt faak foar, dat de stêd yn de romans in min plak is. Foarbylden dêrfan binne: immen rekket oan de drank, huorket dêr, moetet dêr ferkearde maten, jout him yn de stêd nei wenjen neidat er op it doarp ferkeard dien hat. De stêd is ynferieur oan it plattelân. Dat is net allinne it gefal yn romans út de begjinjierren fan de KFFB, mar likegoed yn de mear resintlike romans. Hoe sit dat mei de fjouwer fan 1990? Tiden hawwe tiden spilet alhiel op it plattelân. De stêd komt amper of net yn de roman oan de oarder. De stêd komt yn Taast yn it ferline in pear kear op it aljemint. As Durk Dykstra syn heit in bestelling by de goudsmid yn de stêd docht, wurdt er mei de achternamme oansprutsen. Sipke Durks mei dêr net oer: ‘Dykstra, puollemûle Sipke Durks. Dêr moast men fansels foar yn 'e stêd wêze, dat hja jin by de fan oansprieken.’ (s. 10, 11). It nuvere is, dat Sipke him der net om bekroadet as dûmny him thús mei ‘Dykstra’ oansprekt. Durk giet nei Utert ta te learen. It learen giet dêr goed, mar hy fielt him der net thús. Op it kâlde souderkeammerke yn de stêd giet it net goed mei de sûnens fan de studint. Yn Grien is it gers hawwe personaazjes sawol positive as negative ûnderfinings mei de stêd. Earst de positive. Lucy, de dochter fan Shirley, trout mei in Amsterdammer en is lokkich mei him. De haadpersoan is lokkich yn Ljouwert. Of is dat skyn? Oan de ein fan de roman docht nammentlik bliken dat er syn leauwe kwytrekke is en net langer yn it amt stean kin. Is de stêd dêr dochs mandélich oan? It soe wêze kinne, dúdlik is it net. It is nammers nuver, dat de dûmny him yn Ljouwert thúsfiele kin, want earder ferklearret er dat er as doarpsjonge net ûnwennich fan syn stúdzjestêd Grins west hat: ‘Ik haw winliken noait ûnwennich west doe't ik Grins foargoed efter my liet. Fansels misse jo allerhande foarsjennings, benammen op kultureel mêd. Mar echt misse is der net by en dat sil dan foaral komme om't ik yn wêzen in doarpsjonge bleaun bin.’ (s. 80). Doe't er yn Amearika tahâlde, wie er ûnwennich fan Fryslân. It Fryske plattelân is dus de ideäle oarde. Negative kwalifikaasjes fan de stêd en stedslju binne de neikommende: in faam út de stêd hellet in feint by syn ferloofde wei en in dûmnysmefrou bedarret yn de Amster- | |
[pagina 39]
| |
damske ûnderwrâld. Yn de fjirde roman, De wei fan A nei A, is de stêd in útsprutsen min plak. Ik set it ien en oar eefkes op in rychje. Hinne wurket yn Amsterdam, mar fielt him dêr net thús. Hy sil noait in stedsman wurde: ‘No, earlik sein, al waard er hûndert jier, in stedsjer waard er noait. Men siet ommers altyd opsletten tusken de stienbulten. Och, syn wurk soe er neat fan sizze, mar hy hie al sa leaf syn wurk op it plattelân.’ (s. 9). Hy fynt Amsterdam gewoanwei in rotstêd. (s. 14). Hinne syn ferloofde tinkt dêr oars oer. Hja wol skielk graach mei Hinne yn de stêd wenje. Hja krije oer it takomstige wenstee sels in konflikt mei fiergeande konsekwinsjes: de ferloving wurdt yn de stêd (sic.) ferbrutsen. Yn de neikommende passaazjes lêze wy, dat de stêd de oanlieding ta de brek yn de relaasje is: ‘It wie de irony fan it libben dy't makke dat it wurk en de stêd, dy't oanlieding ta de breuk tusken Hinne en Annechien west hiene, no fan him oangrypt waarden om de slach te boppe te kommen.’ (s. 44). Hy jout him yndie hast oer oan de ferbeane fleislike lusten! De gefolgen binne dúdlik: hy fielt him fan God ferlitten en: ‘De oare moarns bleau syn plak yn tsjerke leech.’ (s. 49). Soks bart allegearre yn de stêd. It plattelân dêrfoaroer is folle better. Oan guon nammen is dat al te sjen: de pleats fan Hinne syn âlden stiet yn it fiktive Fryske doarp Ealwert en draacht de namme Fredehiem. Pleats en doarp dogge harren namme eare oan, want de kriminele en geile Ada Lunter, in bern fan de stêd, fynt de frede en it leauwe op de pleats dêr't Hinne opgroeid is.
It plattelân is yn alle fjouwer romans it meast ideäle plak. Yn Tiden hawwe tiden spilet de stêd net in signifikante rol en dat is likegoed wichtich. De wurdearring fan de stêd yn Grien is it gers liket op it earste gesicht ambivalint te wêzen, mar der binne oanwizings foar dat de balâns oerslacht nei it plattelân. De wei fan A nei A hat net in goed wurd foar de stêd oer: de stêd is min, mar Fryslân is it bêste lân fan de ierde. Toast yn it ferline kiest mei de lokalisaasje en inkelde negative aspekten fan de stêd ek foar it plattelân. | |
BeslútBinne de fjouwer KFFB-romans fan 1990 tradisjonele KFFB-romans? Op it mêd fan de technyk fan de romans binne trije fan de fjouwer yndie tradisjoneel. Yn ien fan de romans, Grien is it gers, binne guon techniken tradisjoneel: in lange fertelde tiid, in wichtich part fan it ferhaal spilet yn it ferline en de oardering fan de fertelblokken is kronologysk. De fertelsituaasje is net auktoriaal, mar in ik-as-protagonist fertelt it ferhaal. | |
[pagina 40]
| |
It hat der in soad fan, dat de KFFB-romanskriuwer him net weagje doart oan modernere techniken lykas it personale point of view. Der binne wol oansetten ta dy fertelsituaasje te sinjalearjen, mar in konsekwinte tapassing komt net folle foar. Op it mêd fan de noarmen en wearden dy't ik yn de fjouwer romans neier besjoen haw, is Grien is it gers ek oars as oare romans. Benammen op godstsjinstich en tsjerklik mêd wurde yn de roman opfettings útdroegen dy't net KFFB-eigen binne. Der wurdt sels yn twivele oan de hâldberens fan it leauwe. De rolferdieling tusken de man en de frou is dy fan ús moderne maatskippij. De personaazjes yn de roman hâlde der in frijere seksuële moraal op nei as yn de tradisjonele KFFB-romans. Alle fjouwer hawwe it (yn haadsaak) net op de stêd stean. Dat is in typysk skaaimerk fan regionale literatuer dêr't ik de KFFB-romans ek ta rekkenje.
Der binne ferskillende oarsaken foar oan te wizen, dat de KFFB romans útjout dy't net oanslute by moderne opfettingen oer godstsjinstige en maatskiplike noarmen en wearden yn Fryslân. Hja wolle in ferdwinende of ferdwûne (Fryske) maatskippij yn harren romans stal jaan, om sjen te litten dat it eartiids better wie. Oan de oare kant binne de leden der. It KFFB-bestjoer fielt him ferplichte om de leden fan de feriening romans te leverjen dy't harren nei it sin binne. It gros fan de KFFB-leden binne âlderen. Romans dêr't yn eksperimintearre wurdt mei de foarm en dy't kwa ynhâld kontroversjeel binne, binne net wolkom. Dêrom wurde noarmbefêstigjende boeken útjûn. De eask ta it útjaan fan kristlike folksromans is tagelyk in oare beheining ta it útjaan fan moderne romans. In roman dy't kristlike en bibelske noarmen en wearden yn twivel lûkt, sil net troch alle leden hertlik ûntfongen wurde. Dêrom haw ik ûndersteld, dat Grien is it gers wolris leden kostje kinnen hat. As folksroman mei de KFFB-roman net te dreech wêze. Dêrom sil bygelyks de oardering fan de fertelblokken kronologysk wêze. De KFFB-romanskriuwer en -bestjoerder sitte mei twa beheinings: it boek moat kristlik, mar net te dreech wêze. Dy beide easken dy't oan de KFFB-roman steld wurde moatte, hoege net te ymplisearjen, dat it boek kwa foarm en ynhâld tradisjoneel wêze moat. Ik bin it iens mei de yn 1989 ferstoarne kristlike wittenskipper en dichter/skriuwer Leendert Strengholt, dy't seit: ‘In een door de revolutie getekende eeuw staat de schrijver of dichter “met de Bijbel” in zekere zin in een isolement. Hij kan daar een eer in stellen, op voorwaarde dat hij het niet op een akkoordje gooit met literaire, stilistische eisen. Christelijke thematiek is nooit een | |
[pagina 41]
| |
excuus voor gebrek aan ambachtelijkheid en kwaliteit.’Ga naar voetnoot5 |
|