jier ynienen tafallich op de tv sjocht, in lokale histoarikus dy't it wol sa feilich fynt om net fierder te gean mei syn ûndersyk as 1900. Dat alles is part I. Foarsafier't se wat witte, wolle dizze lju net mear oer it ferline prate. Eftergrûnen wurdt Bernard dus net gewaar, hy moat it dwaan mei syn eigen waarnimming fan en syn fisy op it barren fan doe, dy't er dan yn part II út 'e doeken docht.
Resinsjes fan dit boek binne my net bekend, dat ik jou hjir mar myn eigen miening: it boek hat yn myn eagen ûnderskate sterke punten. Yn it foarste plak is it tema fan de likwidaasje fan ûnderdûkers, mei dat fan de bern fan ‘foute’ âlden, nij en sit it noch wat yn de taboesfear. Doe't Piter Wybenga iepen oer sokke gefallen fan likwidaasje skreau, joech dat dochs wol wat opskuor. Dat makket it ek begryplik dat yn it boek nimmen in mûle iependocht. Ferhaaltechnysk jout dat it effekt, sa't op side 52 ek sein wurdt, dat de ûntknoping of de klimaks hyltyd útsteld wurdt, op in natuerlike wize. De lêzer wurdt hyltyd mear benijd nei wat der doe yn de oarloch wier bard is, hy fielt oan dat der wat ferswijd wurdt dat it deûjocht net ferneare kin. As it dan ien kear oan Part II ta is, komt de lêzer, nei de omgong lâns ynstânsjes en persoanen yn it hjoeddeiske libben, by wize fan kontrast telâne yn it lytse, besletten en ek wol wat benaude wraldsje fan de pleats dêr't de ûnderdûkers gjin kant út kinne. Yn dy sletten wrâld komt dan it barren op gong dat foar de iene ûnderdûker, Johan, nei de dea liedt. De haadpersoan stiet der by en sjocht der nei. Hy is der wol tige by belutsen, mar hâldt dochs ek wer distânsje en observearret de oaren. Sels op it stuit dat er fernimt dat Maartje/Esther - op wa't er ek noch wat fereale is - ferkrêfte wurdt, grypt er net yn. In held is it - lykas wy wol wend binne fan Wadman - dus net. As hy oan Bert syn geheim tabetrout, seit dy dan ek mei rjocht en reden (s. 67): ‘“Jij had iets kunnen doen, hem van haar afschoppen. Waarom heb je dat niet gedaan?” “Ik had er de moed niet toe”, zei ik eerlijk.’
Hoe nuodlik soks ek is, om't beide boeken mar tafallich yn it Hollânsk binne, wol ik dochs in ferliking meitsje tusken De verkrachting en De terechtstelling. It earste foldocht my minder, om't it my - nettsjinsteande it ewig menschliche man-frou tema - tefolle oankomt as in ferhaal om it ferhaal, dêr't ek de foarm fan de dokuminten yn in roman mei foar ferantwurdlik is. By De terechtstelling docht de struktuer minder keunstmjittich oan en it ferhaal is twingender, jo kinne it minder maklik nêst jo dellizze as ‘mar in ferhaal’. Fansels hat ek dit boek