Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 317]
| |
Tom Johnston
| |
[pagina 318]
| |
field waar.Ga naar eind7. Diskusjes oer it al of net obseen wêzen fan De smearlappen makken, benammen yn it begjin, in grut part fan de resinsjes út. Mieningen ûntrûnen inoar fan fûleindich negatyfGa naar eind8. oant priizgjend ta. Neist de diskusje oer de sabeare pornografyske ynhâld fan it boek, hawwe de measte kritisy har ek dwaande hâlden mei in probleem dat mei de foarm fan De smearlappen gearhinget. Wadman syn brûken fan de bychtfoarm wiene guon kritisy mei oan. Eelkje, de ik-figuer yn it ferhaal, hat faak in tige skerp ynsjoch yn harsels en de karakters fan de minsken om har hinne. Dat soe net alhielendal strike mei it byld dat se fan harsels jaan soe as in o sa ûnnoazel fanke. Fan de kritisy dy't dit probleem behannelje, miene de measten Wadman sels te folle te hearren yn Eelkje har wurden. Neffens har liket it derop dat Wadman (yn de wurden fan de resinsje-skriuwer fan it Utrechts Nieuwsblad), ‘zich niet geheel ondergeschikt kan maken aan de... voor debiel versleten Eelkje,’Ga naar eind9. mei it gefolch dat Eelkje ôfskildere wurdt as (yn Jos Panhuijsen syn wurden) ‘tegelijk dom en niet dom, wat uiteraard zo niet kan.’Ga naar eind10. Wadman syn ferhaal soe dêrom net hielendal slagge wêze. At Eelkje yndie sa dom wêze soe as guon resinsinten miene dat se wêze moat, dan soe Wadman syn boek sûnder mear ûnoannimlik wêze. Dat soks in probleem wurde koe, hie Wadman sels lykwols al yn 'e rekken. Yn it neipetear mei Freark Dam (ôfprinte yn de twadde útjefte), fertelt er dat er al jierren omrûn mei it idee fan it ferhaal, ‘to sizzen dat motyf fan de heit dy't de oerwinneling fan syn dochter akseptearret om de namme fan syn geslacht fuort to setten.’Ga naar eind11. De eigentlike foarm dy't it ferhaal krije soe, hied er lykwols noch net fûn: Op ûnderskate wizen bisocht: as hy-forhael, as ik-forhael fan de heit út wei, oant ik fan 't simmer ynienen de ynjowing krige fan de bychtfoarm fan de faem-sels út wei. Dat brocht risiko's mei: yn de oanfanklike opset... wie de dochter yndied efterlik, debyl of imbesyl. Mar in imbesyl, nim ik oan, kin gjin bycht skriuwe. Dus moast hja in skyn-ûnnoazele wurde...Ga naar eind12. Twa dingen komme hjir dúdlik nei foaren. Yn it foarste plak hearre wy fan de auteur sels dat it fanke oarspronklik bedoeld wie as ien dy't net ferantwurdlik hâlden wurde kin foar har dieden, fanwegen har (ynberne) debilens. Twad wurdt ús ferteld dat er, om it ferhaal al konsekwint te meitsjen, fan Eelkje in normale faam meitsje moast of al- | |
[pagina 319]
| |
teast ien dy't, fan 't begjin ôf oan, geastlik by steat wie om in normaal libben te lieden. Foaral om't it idee ‘fan de bychtfoarm fan de faemsels út wei’ pas yn it lêstoan opkommen wie, soe it bêst wêze kinne dat er it slim fûn en bliuw hieltyd by it nije byld fan in net debile faam. At wy, yn it ljocht fan Wadman syn wurden,Ga naar eind13. útgeane fan in faam dy't mar in ‘skyn-ûnnoazele’ is, dus mei in te rjochtfeardigjen skerp ferstân, dan liket ynienen de fraach nei hoe't in debyl frommeske sa skerp beskriuwe kin folle minder nijsgjirrich as de fraach yn hoefier't it Wadman slagge is om Eelkje as in min-ofte-mear normaal jongfaam ôf te skilderjen. Om dit beoardielje te kinnen, moatte wy ús ris ôffreegje wêr't de grinzen tusken ûnnoazelens en sûn ferstân, en tusken skyn- en wierhaftige ûnnoazelens lizze, en wa't dy grinzen yn it gefal fan Eelkje fêstleit. In nearzige doarpsmienskip? In troch syn famyljeskiednis obsedearre heit dy't like bot of faaks noch mear yn in wrâld fan fantasyen libbet as Eelkje sels? Ien of d' oare lêzer? It is sûnder mear dûdlik: it fêstlizzen fan sokke grinzen is tige relatyf. Wa soe sizze kinne dat ien as Eelkje, oan har hannelingen te sjen, yndied echt en dan ek folslein ûnnoazel is, of wêze moat? De grins tusken wierhaftige ûnnoazelens en sûn ferstân liket dan it beskiedende punt te wêzen by it beoardieljen fan De smearlappen en fan de krityk dy't dêroer skreaun is. Fan Eelkje krije wy bylden fan de wrâld dêr't se yn opgroeid is en fan de minsken mei wa't se te krijen hie. Om't dy kontekst har wize fan omgong tige beynfloede hat, moat dy perfoarst meirekkene wurde at wy har kontakten besjogge. As famke en iennichst bern wie Eelkje yn har heit syn obsedearre each ien sûnder nut. It alderwichtichste fuortsetten fan syn (miskien sels aadlike) skaainamme soe by har einigje, en hy wie dêr noch hieltyd lêbich om. Yn de optyk fan in baatsuchtige man as Eelkje har heit wie de oergong fan nutteleazens ta ûnnoazelens net botte grut. Wat minder hy mei har te dwaan hie, wat gauwer at dy oergong ta stân komme koe. Hoe't se it ek besocht om kontakt mei har heit te krijen, om op har wat pleagerige manier de kanalen fan har kant hieltyd iepen te hâlden en de grutte kommunikaasjespjalt tusken harren lytser te meitsjen, se krige gjin inkelde positive of befêstigjende reaksje. Goede kommunikaasje waard har noait leard. Yn har ‘striid’ tsjin har heit - wat úteinlik in freegjen om oandacht en erkenning wie - waard se hieltyd as in | |
[pagina 320]
| |
ûnnoazele behannele. Yn syn byldfoarming, hat Eelkje him jierren oanien allinnich mar narre. Se stie him en syn ûndersyk hieltyd yn 'e wei. En no docht it him bliken dat se net iens in fatsoenlik jongesbern meitsje kin. Yn 'e steek litten troch har âlden en fierders allinnich thús, koe it net oars of se moast in persoanlikheid ûntwikkelje sûnder in normale wikselwurking tusken minsken. Sjoen de omstannichheden wie foar Eelkje gewoanwei foldwaan oan har heite byld fan har as in ûnnoazele de koartste klap. Se leit har teory likernôch sa út: Ik wie yn syn each in sleauwe tutte en foar my wie dat ek it maklikst. In sleauwe tutte kin men neat kwea ôf nimme, dy hat gjin ferplichtingen, dy giet frijút. (13) Troch de ûnnoazele te spyljen koe se ta in soarte fan frede mei har heit komme. Mei't se dat ta har algemiene wize fan omgong makke, brocht it har úteinlik ûngelok. Sadree't se in wjerlûd hearde - of fielde - fan har heite ferneatigjende wize fan omgean mei har, dan (sa't Tiny Mulder dat moai sein hat), ‘vlucht ze zelf terug in de onaantastbaarheid van het onnozel zijn, het ding zijn,’Ga naar eind14. krektlyk as dat har wizânsje wie by har heit. Foar har heit oer soe se beare moatte de ûnnoazele te wêzen, mar foar harsels oer wie se dochs ien fan bestjutting. Net allinnich har reputaasje as ûnnoazele yn it doarp, mar ek har heit syn sosjale ôfstân fan it (kristlike) doarpsfermidden, likegoed as syn ‘selssuchtich’ ûndersyk (dat it bewiis fan har ‘aadlik’ komôf leverje moatte soe), hawwe ta har idee bydroegen dat se yndied wat aparts wie, wat oars as in trochsnee doarpsfanke dat net mear as ‘beheinde mooglikheden en lytse gefoelens’ (47) hawwe soe. Likegoed, of faaks krekt dêrom, moast har langstme nei kontakt mei de bûtenwrâld befredige wurde mei fantasyen. Yn har boeken, har ‘ienpersoansmoadeshows’ en sels har inkelde strunende episoaden (dêr't se de hûchelderij achter it ‘goed fatsoen’ fan it doarp fan tichteby yn sjen koe) hie se in taflechtsoarde hân út 'e ferstikkende sfear thús. Troch de eagen fan it doarp soe soksoartich tiidferdriuw as ûnfatsoenlik sjoen wurde. De dochter fan de ‘Gelearde Boer’ (46) heart sokke boeken net te lêzen. En wat soe dat famke no eins dwaan mei al dy klean en dat guod dat se hieltyd keapet? Neffens de noarmen fan it doarp rekkene, wie se berneftich, bretaal en ge- | |
[pagina 321]
| |
woanwei dom. Oan har hâlden en dragen te sjen, benammen har swierreitsjen, wie it kleardernôch net ien mei in protte ferstân. Sûnder har bycht heard of lêzen te hawwen, koene se net oars as har as ‘Unnoazele Eelkje’ (46) te sjen. Oft se it ûnnoazelspyljen yn 'e macht hie en der sels mei boartsje koe, hong fan 'e sitewaasje ôf. Yn 'e regel begûn se der wol (automatysk) mei, sadree't se yn petear rekke. Dêrom har reputaasje, dy't se nammers noait ûntkende. It wie noch altyd it maklikst. Nettsjinsteande dat wie Eelkje harsels wol bewust fan har fermogen om te feroarjen, ek wat har antlit oanbelanget, om ‘in dekskyld tsjin alle mooglike komplikaasjes’ (46) ta har foldwaan te hawwen. Sa liket Eelkje yndied in skyn-ûnnoazele te wêzen, mar ien dy't hast net oars mear kin. Ien sa'n ‘komplikaasje’, dêr't se har trúkje faak by brûke moast, wie de seksuele spanning dy't sy belibbe by guon manlju. Om te sizzen dat se in ‘angstaanjagende aantrekkingskracht’Ga naar eind15. hie, liket my tige oerdreaun ta, mar in oerdreaun sedich famke wie se yn alle gefallen net. Har isolaasje en iensumens laten ta frustraasje. Oanpuond troch wat se lies, wiene har fantasyen en har langst nei seksuele ûnderfming wol sterk en dêrtroch min te hantearjen. At se letter yn in sitewaasje kaam dêr't fan wjerskanten in spanning field waard, in sitewaasje dêr't sy sadwaande mei ferantwurdlik foar wie, dan krige se sawat in gefoel fan selsstannigens. Mar tagelyk rekke se dan betize troch de emoasjes dêr't se net mei omgean koe, en dêrmei wifke har gefoel fan wissens. Dat wie genôch om it betroude ûnnoazel-spyljen op te roppen. Yn sa'n sitewaasje baarnde de grûn har ûnder de fuotten. Dochs hie se soks mear as ien kear sels min-ofte-mear útlokke. Al like it, as by ‘needlot’, in fan tefoaren ferlerne saak, Eelkje besocht mar hieltyd troch om dochs frij te kommen fan har bûnwêzen oan de wize fan omgean mei de meiminske dêr't se har thús oan hâlde moast. Uteinlik is se har der ek bewust fan wurden wêr't dat gefoel fan bûn te wêzen troch feroarsake wurdt. ‘Wat lette my?’ skriuwt se, ‘It hie allegear kinnen as de omstannichheden oars west hiene, as der ferstean west hie tusken ús heit en my, as ik net allinne frij west mar my ek frij field hie.’ (52) Har skarreljen mei Wilte Akkerbol jout in goed byld fan hoe't it machtige mingsel fan gewoanwei spannende geilens en har oandriuw ta psychologyske ôfstân fan de bûnens oan de thússfear en har heite wrâld yn har spilet. Krekt lykas har moadieuze klean en har boeken | |
[pagina 322]
| |
en de dêroan besibbe fantasyen har taflecht west hiene, soe Wilte no tsjinje as dejinge dy't har fan har bûnwêzen befrije moast. Wilte soe de man wêze, skriuwt se, ‘dy't my, as alles goed besloech, en wêrom soe dat net, meinimme koe de fierte yn, los fan al myn bittere ûnderfiningen, los fan myn ferline en myn foarfaars.’ (69) De nije frijheid dy't se ûnderfûn troch dy frijerij hie wol lijen meibrocht. Befrijd fan har eardere bûnens, wie se no bûn troch krekt datjinge wat har in gefoel fan frijheid joech. Seks wie foar Eelkje in obsesje wurden, in ferslaving dêr't se ‘machteleas oan oerlevere wie.’ (84) Yn Wilte syn ôfwêzichheid, moast se tefreden wêze mei de oare trije Akkerbollen. Alhiel yn tsjinstelling ta de leafdefolle frijerij dy't se yn it begjin belibbe, wie seks mei Wilte syn bruorren fakentiids pynlik en krinkend. Se wist ‘dizichwei dat se my gewoan behannelen neffens myn reputaasje fan ûnnoazele Eelkje, in gleie en geile fodze dy't fan 'e iene hân yn 'e oare oergiet, keapmanswaar sûnder wearde.’ (78) Sadwaande hat se dy rol ek spile. Faaks it alderbêste foarbyld fan de wiffens fan har wissens - en, dêrmei ferbûn, it al of net ûnnoazel dwaan - dêr't se hieltyd mei te krijen hie, sjogge wy yn har beskriuwing fan hoe't it gie doe't se har heit fertelde dat se swier wie. Earst hie se it gefoel dat al har ûnderfiningen mei de Akkerbollen en har lijen dêrûnder in beskate krêft en folwoeksenheid jûn hiene, dat de oanstriid ta ûnnoazel dwaan yn slimme sitewaasjes lykas dizze, oerwûn like te wêzen. Sy stie tsjin in wat jammerdearlik âldman oer en se tocht, ik haw him tweintich jier lang bedondere, ik ferdom it langer. Diskear gjin ûnnoazele Eelkje. Diskear mysels, iepen kaart. Ja, sei ik dimmen, mar net nederich, rêstich fan binnen, ik hie mysels yn 'e macht. (85) Doe't syn fermoedens befêstige waarden, begûn har heit har lykwols út te skellen foar ‘ûnnoazele blei’ en ‘stik stront’ (86), dêr't sy - noch wis fan harsels - op antwurdzje koe, ‘Ik haw altyd ûnnoazel west... Krekt sa ûnnoazel as jo my graach hawwe woene. Tweintich jier lang.’ (86) Har wissens wie likegoed ynienen ferdwûn doe't it der op begûn te lykjen dat er dochs noch hieltiten de oermacht hie en dat er der gjin sin oan hie om har - yn har krekt ferovere gefoel fan wissichheid tsjin him oer - yn 'e mjitte te kommen. At se foar it ferstân kriget dat syn beslút in reis nei de arke ynhâlde soe, is it lêste bytsje selsfertrouwen | |
[pagina 323]
| |
ferdwûn. Se fielt har dan hielendal machteleas en ferlern. Yn de arke, mei de fjouwer Akkerbollen en har heit, allegearre smearlappen, om har hinne, stiet se om sa te sizzen foar in tribune mei misdiedigers as rjochters. Eelkje is tagelyk slachtoffer en haadskuldige, haadtsjûge en bewiisstik. Der wurdt oer har takomst oerlein. Dat in frou syn sa'n sitewaasje har folslein ûnwis fiele soe, kin men fan tinken wol hawwe. At har op in stuit frege wurdt om oan te jaan wa't fan de fjouwer ferantwurdlik wie foar har swangerskip moat se tajaan dat se dat net wit. Der folge, skriuwt se, in ‘ferskriklike stilte. No komt it, tocht ik, no komt Wilte út dy stilte fanwegen en hy seit: Ik bin it, of: Nim my mar. Ik bin de heit. Of: Ik wol de heit wêze. Ik tocht dat yn myn ûnnoazelheid, ik hope it, ik ferwachte it suver. Mar it bleau stil...’ (93) Efterôf sjoen, liket sok hoopjen o sa pynlik nayf te wêzen. Like patetysk is de passaazje oer har hoopjen dat dizze tastân har heit sêfter stimme soe: Meskien komme der no lang om let bettere gefoelens yn him boppe, nei dizze klap, meskien helpt dit him oer de drompel hinne, tocht ik efkes yn myn grut fertriet. (96) It liket as lijt se oan in ûnnoazel optimistysk fertrouwen yn de goedens fan de minske, fan de ûnderlizzende minsklikens fan manlju lykas Wilte of har heit. Om Eelkje sa te besjen is fansels wol mooglik, mar o sa synysk. Se hie it boppedat ek net alhiel ferkeard betocht, wat Wilte oangiet. Hy is op 't lêst dochs opsetten kommen, al wie it earder út in soarte fan eargefoel as út leafde. Heit hie it ûnderwilens klear foar it ferstân krigen: ‘in ûnecht bern kriget ommers de fan fan de mem.’ (97) Syn skaainamme soe dochs fuortset wurde kinne, at it teminsten in jonge wie. Doe't Wilte dus dochs del kaam om de ferantwurdlikheid foar it bern op him te nimmen, sei Eelkje har heit tsjin him, ‘Myn dochter hat gjin man nedich.’ (101) Samar wie har libbensrin beskaat. Mei in lêbich synisme fertelt se dat se him efternei roppe kind [hie], troch stoarm en rein, de reed útdrave en him tebekhâlde en him taskreauwe dat ik him leaf hie en dat it bern fan him wie. Mar dat koe no ek al net mear. En dat hie goedbesjoen ek nea kinnen. In sleaukemuoi docht soks net, dy hat gjin man nedich en dy sakket net foar in man op 'e knibbels mei in tsjûgenis fan har leafde en in berop op syn eare | |
[pagina 324]
| |
en gewisse. Benammen net, as hja troch it net te dwaan ek noch in romrofte stambeam fan in beskamsurne dea rêde kin. In tutteblei harket nei har ferstânige heit en docht froed it swijen derta. (102-103) Dat âlde gefoel fan bûn wêzen bliuwt har noch hieltyd de baas. Om't se net protestearret, liket it as jout se hjir einlings belies, as hâldt se hjir op mei her striden tsjin har heit en tsjin dat gefoel fan ûnmacht. It liket as hie se gjin moed mear en besykje om oars te wêzen as wat minsken altyd fan har sein hawwe. Wilte is ien dy't wol wat fan de kompleksiteit fan har dwaan en litten ûndergiet. Hy hat ferstannich likegoed as healwiis praat út har mûle heard. Yn syn eagen wie se wol in bytsje nuver, wol tige ûnwis. Men koe net altiten witte wêr't men mei har stie. Uteinlik soe it foar him der op lykje dat se minder foar him kaam as foar syn tsjinsten as frijer. Want doe't er fuort moast, hie se sa't it liket der gjin probleem mei en doch it mei syn bruorren. Teminsten, se hat neitiid noait wat dien of tsjin him sein dat him der oars oer tinke litte kinne soe. Doe't er by Eelkje har heit kaam, bleau se ommers efter de doar. Likegoed hat it him om har wol begrutte. Al hie se der sels om frege, Wilte fielde him úteinlik mei ferantwurdlik. Men soe sizze dat it har lang om let klear wurden wêze moat, dat al har hope op erkenning en wurdearring fan har heit úteinlik om 'e nocht west hie. Dochs hâldt se fêst oan har hope. Yn it tredde diel fan it boek, dêr't it grutste part fan yn de no-tiid skreaun is, en dat dus de stân fan saken op it momint fan skriuwen beskriuwt, fertelt se dat se no noch wachtet ‘op in glimke fan begryp en minsklikheid. Op in teken fan ferstean en meielkoar libjen’ (105) yn syn antlit. Oant de ein ta hopet se, dat in gewoan soarte fan kommunikaasje tusken har en har heit ûntstean kinne soe, dat er ‘oer de drompel hinne’ brocht wurde koe. Sjoen har beskriuwing fan syn karakter liket dat lykwols folslein ûnrealistysk te wêzen. Meie wy dan soks ûnnoazelens neame? Soene wy De smearlappen ek as in bizar soarte fan leafdesferhaal beskôgje kinne? As lêzers krije wy fansels in sadanich oersjoch, dat wy de relativens fan sa'n oardiel wol goed yn 'e rekken hâlde kinne. De doarpske beskôging sjogge wy as sûnder mis oerflakkich. Dat ‘each’ wie stereotyp beskreaun, dat it kin allinnich mar stereotyp nei Eelkje sjen: It ‘each’ fan har heit is kleardernôch like iensidich. Wilte syn perspektyf moat | |
[pagina 325]
| |
foar in grut part tusken de rigels troch lêzen wurde, en dêrom is it foar ús fan grut belang. Fan dy fjouwer bruorren, wie syn hâlden en dragen tsjinoer Eelkje it meast kompleks en dêrtroch it minst stereotyp. It docht bliken, dat syn oardiel gâns seit oer Eelkje har karakter likegoed as dat it dat oer sines docht. Se wie úteinlik de muoite wurdich, sa't it liket. Sa hied er yn it lêstoan it gefoel krigen dat se minsklikernôch wie om him dy hiele tastân as in berop op syn eare belibje te litten (in trek dy't fierders net yn syn famylje foarkomt). Mei Eelkje har fertellen moatte wy fansels foarsichtich wêze. Se spilet iepen kaart, mar besiket tagelyk om it wol dúdlik nei foaren komme te litten dat de wichtichste reden fan har mislearre libben net yn 't foarste plak by har dieden noch by ien of oar oanberne gebrek, mar ienfâldichwei by har heit lei. Mei de earste sin dêr't se yn skriuwt dat se ‘de snoadste net’ is, noeget se ús út om fan it begjin ôf oan, wylst wy lêze, dy algemiene miening te hifkjen oan wat se ús aanst fertelle sil. Har ferhaal is winliken in ferdigening tsjin, likegoed as in ferklearing foàr dat oardiel. Der binne genôch foarbylden te finen fan it gegeven dat Eelkje net altiten like rasjoneel en fatsoenlik tinkt of docht. Dat binne lykwols benammen omstannichheden dêr't in soad emoasjes mei anneks binne en dêr't net in soad minsken folslein rasjoneel yn tinke kinne soene. Boppedat moat net fergetten wurde dat Eelkje har emosjonele en kommunikative opfieding gjin sprekken lije koe. Dat der faaks fan in fersin by de beoardieling sprake wêze kinne soe, wiist der yn alle gefallen op dat der fan debilens gjin sprake wêze kin. Troch har ferhaal hinne jout se wol dúdlik oan dat har reputaasje soms befêstige waard troch har wize fan hanneljen yn gefallen dy't har te slim wiene, mar likegoed, dat se dy reputaasje soms geastich brûke koe om guon foar de gek te hâlden. Soms hold se kontrôle oer har spul en soms net. It liket as komt it dochs aardich ticht by Panhuijsen syn ‘tegelijk dom en niet dom’. Wy moatte lykwols net ferjitte dat de ‘skriuwster dochs in frou fan op syn minst twaëntweintich jier’ (77) is. Sy skriuwt earst nei't se in hiel soad pynlike ûnderfiningen efter de rêch hat. En faak kinne soksoartige ûnderfiningen ien in soad leare. It soe fansels wêze kinne dat se allinnich mar stadichoan ta in hieltyd grutter besef kommen is fan hoe't se ynelkoar sit en fan hoe't guon minsken der gebrûk fan makke hawwe. Mei oare wurden, de jonge frou dy't de bycht skriuwt hoecht net mear krekt gelyk te wêzen oan | |
[pagina 326]
| |
dat ûnwisse, ûnnoazel-dwaande famke oer wa't se fertelt. Wapene mei in troch de jierren en it fertriet ûntwikkele folwoeksenens hat Eelkje har ûnderfiningen mei minsken op 'e nij op in rychje set. En sadwaande hat se ek benammen har sels en har wize fan omgean mei dy minsken op it aljemint brocht. It soe dit boek tekoart dwaan en beskôgje it allinnich mar as in list fan manlju dy't har misbrûkt hawwe en tsjin wa't se har beskermjende sjarme brûkt hat. Ta in hichte is it dat al, mar folle wichtiger is neffens my it bychtelemint dat de basis fan it boek foarmet. In bycht is ynearsten foar dejinge dy't it docht: de bychteling. Mei it delsetten fan har ‘aventoeren’ en it beskriuwen fan dy ‘benypte, ferdomde bûnens’ en de frustraasje dy't se skipe mei it besykjen om der út te kommen, is se ta in beskate frede mei harsels en har ferline kommen. Se begjint dêrmei ek ôfstân fan dat alles te nimmen. Sa kin se in ferhaal skriuwe dat tagelyk bitter en geastich is. Se uteret har lilkens oer hoe't de dingen ferrûn binne, mar hat tagelyk ek de myldens fan ien dy't har dêrby deljûn hat. Sa kin se mei irony fertelle oer har dochs wat ‘ûnnoazele’ fertrouwen yn Wilte as ien dy't har foar alle aaklikens bewarje kinne soe. Sa kin se ek mei noch fûleindige lêbigens, sûnder yn it minst ree te wêzen him wat dan ek te ferjaan, har ûnderwilens senyl wurden heit ‘de grutste fan al dy smearlappen’ neame, wylst se him noch trou fersoarget, sûnder dat se deroer prakkesearret om him yn 'e steek te litten. Neist dy kritisy dy't fanwegen Wadman syn brûken fan de bychtfoarm De smearlappen as mislearre beskôge, hawwe der ek guon resinsjeskriuwer(st)ers west dy't miene dat it de auteur wol slagge is om dochs in oannimlik ferhaal te meitsjen. Dat lêste skift kritisy sjocht yn Eelkje leaver in slachtoffer fan har nearzich fermidden as in ‘niet helemaal volwaardig’Ga naar eind16. famke dat neat oars as ûnnoazel west hawwe kinne soe. Yn har eagen is Eelkje in ‘gefrustreerde,’Ga naar eind17. ‘in fanke dat troch har heit/widners [sic] ferwaarloazge en ferachte wurdt,’Ga naar eind18. ‘ien dy't losbrekke [wol] út it binearjende formidden dêr't hja yn fêst sit,’Ga naar eind19. ‘een meisje dat zich door het leven bedonderd voelt.’Ga naar eind20. It foardiel fan dy krityk is dat dêrmei de wichtige rol dy't it gefoel fan bûn te wêzen yn Eelkje har libben spile syn rjochtlik plak taskikt kriget. It wie just dat gefoel fêst te sitten nammers dat har de oanlieding jûn hat om har bycht op papier te setten. Troch Eelkje as slachtoffer te beskôgjen, komt de klam te lizzen op it fermidden dêr't se yn | |
[pagina 327]
| |
opgroeid is en dêr't relaasjes steurd wiene, ynstee fan op har sa út en troch net sa snoad hâlden en dragen. It gefaar lykwols fan sa'n wize fan sjen is dat wy har dêrtroch wer redusearje kinne ta ien dy't hielendal frijsteld wurdt fan hokfoar ferantwurdlikens dan ek. Dat soe ús net folle fierder bringe as de fisy fan har as debyl. Eelkje hat it yndied wol dreech hân. Se hat fochten tsjin it gefoel fan bûn te wêzen dat se sa sterk belibbe. Dy bûnens kaam fuort út de relaasje mei har fermidden dy't har al te faak suver ta neat redusearre hat en dêr't se dus slachtoffer fan wurden is. Sa't it bestean fan it boek sjen lit, hat se har dêr lykwols noait folslein by dellein. Hieltiten hat se besocht om der frij fan te kommen. Har ferhaal lit in proses sjen, in striid, mei ups en downs, earst tsjin har heite wize fan omgean mei har, en letter tsjin har (troch de striid tsjin har heit foarme) wize fan omgean mei oaren, har wize fan wêzen. Dy striid hat har sa fier brocht, en sa treasteleas makke, dat se op in stuit bychtsje moast. Har ferhaal, har bycht, funksjonearret sa dat se dêrnei ôfstân fan dingen begjint te nimmen. Sa stadichoan begjint se in punt te setten efter guon pynlike dingen fan eartiids. En sjoen it soarte fan tastannen dy't se meimakke hie, is der frijwat moed foar nedich, mear as in ûnnoazele opbringe kinne soe. |
|