Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 300]
| |||||||||||||||||||||||||
Rein Smilde
| |||||||||||||||||||||||||
YnliedingAnne Wadman jildt yn 'e Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich as ien fan de bêste kritisy. Dy namme hat er ûnder oare te tankjen oan artikels fan Lolle Nauta dy't yn De Tsjerne 1957, s. 301-316, skriuwt: ‘Sawol nei de dichterlike as nei de yntellektuele kant derfan binne Wadman syn essays unyk’ en: ‘Der is hjoeddedei yn de hollânske literatuer gjin kritikus, ik bin der wis fan, dy't it sa tinken is mei de boeken dy't er besprekt’, en fan Jo Smit, dy't yn syn oersjoch ‘De Fryske literatuer 1945-1967’ (yn De Tsjerne 1968, s. 121-203) skriuwt: ‘Hy [Wadman] hat de toan set foar gâns krityk, hy hat de thema's oanjown, dy't yn dy jierren binammen yn 'e krityk meidogge, en hy hat dat dien yn in tael en in styl dy't nij wie foar Fryslân. As essayist is Wadman libben en boartlik, om't it abstrakte tinken hieltyd wer stipe wurdt fan it konkrete byld. In mannich fan de essays út de earste fiif jier binne bondele yn Kritysk konfoai (1951), in boek dat ek nou noch it bêste is dat wy op dit mêd hawwe.’ Dy essays út Kritysk konfoai, en dan benammen de proazakritiken dêrút, haw ik ta ûnderwerp fan dizze stúdzje makke. Ik bin op dat idee brocht troch Reitze Jonkman, dy't oan 'e ein fan syn doktoraalskripsje De bining forfongen. In resepsje-estetysk ûndersyk nei Fedde Schurer syn fyzje op de Fryske literatuer yn De Tsjerne, de suggestje docht it kritysk wurk fan Schurer syn kollegaresinsinten by De Tsjerne, bygelyks Wadman, te ûndersykjen. As oanpak kies ik it model dat H.T. Boonstra yn De Gids 1979, s. 243-253) ûntwikkele hat foar it analisearjen fan proazaskôgings, om't dat model folsleinens en objektivens pretindearret. Boonstra pleatst har artikel binnen in nijere rjochting yn 'e literatuerwittenskip: de resepsje-estetika. Wylst de tradisjonele literatuerskiedskriuwing troch út te gean fan it eigentiidsk tinken oer literatuer en de | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 301]
| |||||||||||||||||||||||||
persoanlike opfettings fan de ûndersiker, altyd in subjektyf resultaat opsmyt, wol de resepsje-estetika, neffens Boonstra, in literatuerskiednis ha dy't beskriuwt hoe't de minsken de ieuwen troch mei literatuer omgien binne, sûnder basearre te wêzen op foaroardielen. As grûnlizzer fan de resepsje-estetika wurdt Felix Vodicka beskôge, dy't yn syn artikel ‘Die Rezeptionsgeschichte literarischer Werke’ (publisearre yn Rezeptionsästhetik. Theorie und Praxis, hrsg. R. Warning, 1975) in útstel docht foar in skiedskriuwing dy't him dwaande hâldt mei:
Boonstra beheint har ta it earstneamde punt, en dan benammen ta de literêre noarmen. Dy noarmen binne neffens Vodicka ôf te lieden út:
Boonstra fynt mei Vodicka dat lêste, de literêre krityk, de meast foar de hân lizzende yngong om ta in rekonstruksje fan literêre noarmen te kommen. Yn boppesteand perspektyf moat dizze stúdzje fan Wadman syn proazakritiken sjoen wurde. | |||||||||||||||||||||||||
Opset fan dit ûndersykDit ûndersyk nei Wadman syn literatuerfisy wol him rjochtsje op syn skôgings oer proazawurken út 'e earste fiif jiergongen fan De Tsjerne, sa't er dy sels samle hat yn it foarste part, ‘Kronyk fan it proaza’, fan Kritysk konfoai. De beheining ta Kritysk konfoai hat in praktyske reden: it ûndersyk soe oars te wiidweidich wurde. Boppedat foarmje de kritiken yn dat boek in moai ôfsletten gehiel. Dat ik it twadde part fan dy bondel, ‘Dichterlik duel’, der net yn behelje, is omdat Boonstra har model ornearre is foar proazaskôgings. It tredde part, ‘Ofslútdyk’, lit ik bûten beskôging om't ik dit ûndersyk dien haw yn it ramt fan de stúdzje Frysk. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 302]
| |||||||||||||||||||||||||
Doelstellings en hypotezeYn it foarste plak wol ik besykje om út te finen hokfoar arguminten oft Wadman yn Kritysk konfoai brûkt. Yn it twadde plak wol ik ek besjen hokker ynhâld oft Wadman oan dy arguminten jout. Ik ferwachtsje dat de arguminten dy't te krijen ha mei de relaasje tusken it literêre wurk en de werklikheid - benammen engaazjemints- en morele arguminten - in wichtiger plak ynnimme as de arguminten dy't te krijen ha mei it literêre wurk as autonoom gehiel. Ik basearje dy hypoteze op Lolle Nauta, dy't it yn De Tsjerne hat oer Wadman syn ‘antiaesthetisisme’, ‘de man dy't protestearret’, ‘moaralist’. Dat idee waard noch fuortsterke troch it lêzen fan it ynterview mei Wadman dat Jelma Knol yn Hjir 1988, nû. 6 (s. 5-20) werjout, dêr't Wadman sels praat fan fan ‘ferset tsjin de boargerlikheid’ en ‘ferset tsjin de esteten’. | |||||||||||||||||||||||||
It model fan Boonstra.Om de noarmen fan ferskate kritisy meiinoar ferlykje te kinnen, moat in oarderingsmodel ûndûbelsinnich wêzé en sa folslein mooglik. Boonstra pretindearret dat se sa'n model fûn hat. Foar in part yn neifolging fan J.J.A. Mooij (‘Problemen rondom literaire waardeoordelen’, yn De Gids 1973, s. 461-473) en M.H. Abrams (The Mirror and the Lamp, 1953) komt se ta de folgjende haadyndieling fan arguminten dy't kritisy brûke yn har beoardieling fan literêr proaza:
Op basis fan de literêr-krityske praktyk ûnderskiedt Boonstra dan de folgjende subkategoryen fan faak foarkommende arguminten foar weardeoardielen (de letters foar de subkategoryen binne fan my: dy hâld ik fierder yn dit hiele artikel oan): | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 303]
| |||||||||||||||||||||||||
1a It ôfspegelingsargumintIn boek is goed as it de realiteit goed werjout. It boek wurdt wurdearre om't it oannimlik is, wierskynlik, oertsjûgjend, libbensecht of histoarysk ferantwurde. Ek útspraken as ‘men sjocht it foar jin’, ‘it libbet’ falle ûnder dit skift. | |||||||||||||||||||||||||
1b It abstrahearringsargumintIn boek is goed as it de realiteit abstrahearre werjout. Fan de skriuwer wurdt easke dat er ôfstân fan 'e werklikheid nimt, dat er syn stof ferwurke hat en der boppe stiet. It ynsidintele en persoanlike moat in algemiene of symboalyske wearde krije. | |||||||||||||||||||||||||
1c It engaazjemintsargumintIn boek is goed as der belutsenens mei de sosjale of politike aktualiteit út sprekt. De lêzer wurdearret in boek om't er dêr de problemen fan in tiid yn weromfynt. Of hy wiist in boek ôf om't de skriuwer him frijbliuwend opstelt. | |||||||||||||||||||||||||
1d It morele argumintIn boek is goed as de kritikus it mei de morele strekking derfan iens is. Hy wurdearret it boek om't er de politike, godstsjinstige, sosjale of seedlike fisy fan de auteur dielt. | |||||||||||||||||||||||||
2a It ekspressive argumintIn boek is goed as de persoanlikheid fan de auteur der yn ta útdrukking komt. Of: in boek is goed as de auteur in echte persoanlikheid is. | |||||||||||||||||||||||||
2b It yntinsjonele argumintIn boek is goed as it de auteur slagge is om syn bedoelings te realisearjen. Faaks binne dy bedoelings net eksplisyt, mar troch de kritikus betocht. | |||||||||||||||||||||||||
2c It argumint fan de auteurspoëtikaIn boek is goed as it foldocht oan de literêre noarmen fan de auteur. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 304]
| |||||||||||||||||||||||||
3a It kompositoaryske argumintIn boek is goed as it in goede struktuer hat. De kritikus fynt dat in literêr wurk op in beskate wize opboud wêze moat. De opfettings oer de aard fan dy struktuer kinne útienrinne, bygelyks: in literêr keunstwurk moat al of net in gearhingjend gehiel foarmje, of: struktuer en ûnderwerp moatte op elkoar ôfstimd wêze. | |||||||||||||||||||||||||
3b It stilistyske argumintIn boek is goed as it yn in goede styl skreaun is. By dit argumint giet it om begripen as styl, taalgebrûk, wurdgebrûk, ensfh. Ek hjir kinne de easken fan de kritisy tige útienrinne. | |||||||||||||||||||||||||
4a It emosjonele argumintIn boek is goed as it in emosjoneel effekt by de lêzer teweechbringt. Dat predikaat is allinne fan tapassing op arguminten basearre op by it lêzen yn de kritikus losmakke emoasjes. Dêrby giet it faak om it ynlibjen yn of meilibjen mei de wederwarichheden fan in personaazje. Hy drukt him út yn termen as: ‘it beneare my’, ‘ik fergeat alles om my hinne’ ensfh. As er de oarsaak fan dy emoasjes útleit, heart it argumint net mear yn dizze subkategory thús. | |||||||||||||||||||||||||
4b It idintifikaasje-argumintIn boek is goed as ik mysels der yn werken. Hjir stiet de eask sintraal dat de lêzer him sa bot ynlibbet, dat hy wat de haadpersoan oerkomt, op himsels belûkt, of sels it gefoel hat himsels tsjin te kommen. | |||||||||||||||||||||||||
4c It didaktyske argumintIn boek is goed as it de lêzer op it gebiet fan kennis of ûnderfining riker makket. Bygelyks: der kin wat út leard wurde, of: it set jin oan it tinken. | |||||||||||||||||||||||||
5a It orizjinaliteitsargumintIn boek is goed as it himsels troch orizjinaliteit ûnderskiedt fan oare boeken. As it giet om de orizjinaliteit fan it ûnderwerp of de fisy, heart it argumint dúdlik yn dizze subkategory thús. As it by de orizjinaliteit | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 305]
| |||||||||||||||||||||||||
giet om bygelyks de styl, de komposysje of it werjaan fan de werklikheid, dan moat besjoen wurde wêr't de kritikus de measte klam op leit. | |||||||||||||||||||||||||
5b It tradysje-argumintIn boek is goed as it in beskate tradysje fuortset. | |||||||||||||||||||||||||
5c It relativiteitsargumintIn boek is goed as it binnen in beskate rige fan boeken weardefol is. It giet hjirby om de relative wearde fan in boek dat de kritikus absolút sjoen dochs net sa weardefol fynt, bygelyks in debút of in nij sjenre. | |||||||||||||||||||||||||
De arguminten by WadmanYm myn MU-B-skripsje bin ik de 15 proazaskôgings út Kritysk konfoai hielendal bylâns gien en haw ik de brûkte arguminten yndield neffens it boppesteande model fan Boonstra. Hjirûnder folgje de konklúzjes dy't ik út dat ûndersyk lutsen haw, mei by wize fan foarbyld in beheind tal sitaten dêr't it oanbelangjende argumint út sprekt. Dêr moat by sein wurde, dat de term ‘argumint’ rom opfette wurde moat: Wadman is ntl. net altyd like eksplisyt yn syn argumintaasje. | |||||||||||||||||||||||||
1a It ôfspegelingsargumintBy it werjaan fan de werklikheid kinne wy in ûnderskied meitsje tusken it materiële en it psychologyske aspekt dêrfan. Wat it materiële oanbelanget, dat wurdt troch Wadman faak even oanstipt, mar net fierder útwurke. Wol is it dúdlik, dat er skriuwers priizget as se de materiële werklikheid korrekt werjouwe: ‘in suggestive natuerbiskriuwing’ (s. 16) rekkenet hy ta de ‘positive dingen’ (s. 16): ek docht dat bliken út tal fan oare positive kwalifikaasjes, lykas: ‘in trekflik tiidsbyld en in ûnneifolgbere milieu- en sfearbiskriuwing’ (s. 27). ‘It wol my oan, dat sels in part fan it illegale libben wol min of mear mei ‘Einfühlung, biskreaun is.’ (s. 40), ‘direktens (de lêzer sjocht de “ik” foar syn eagen dit dwaen en dat dwaen)’ (s. 46), ‘de libbenens en rakens fan de petearen’ (s. 80), ‘goed dokumintearre’ (s. 113). Ek ferwyt er skriuwers gauris dat se de materiële werklikheid net goed werjouwe: ‘der is neat dat de midsieuske minske tekenet yn syn spesialiteit fan ridderboer of keardel’ (s. 30). | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 306]
| |||||||||||||||||||||||||
Ienris wegeret er om him út te sprekken oer de realiteitswearde fan it beskreaune, om't dat neffens him net oan 'e oarder is yn in literêre skôging: ‘Oan 'e illegale kant fan it boek weagje ik my leaver net. (...) Men rekket hjir by einsluten faktoaren dy't net fuortdaliks litterair binne, en dy't dus earne oars bisjoen wurde moatte as yn in litteraire skôging’ (s. 42-43). Dat is wat in eigenaardich argumint, om't Wadman yn oare gefallen de oannimlikens fan in ferhaal wol as kritearium brûkt. In oare kear neamt er it ôfspegelingsargumint as kritearium foar it grutte publyk: ‘P. Akkerman biheart ta dat slach fan skriuwers dêr't men al lêzendewei fan preuvelet: “Hwat seit er dat wer krekt sa't it is. It is út it libben grypt, men sjocht it foar jin”. En dat is in kriterium, dat foar it meastepart fan de Fryke lêzers oer de wearde fan in kunstner liket te biskieden: De fraach yn hoefier men it lêzene foar jin krije kin en it biskreaune út it libben grypt is’ (s. 33). Hoe't Wadman dêr sels oer tinkt, sille wy fierderop by it abstraksje-argumint (par. lb) sjen.
It psychologysk aspekt is wichtiger foar Wadman as it materiële. Sjoen in útspraak as: ‘(...) in modern skriuwer, hwa't it net to rêdden is om in boeijend forhaeltsje en in spannende, fantastyske tekening fan it forline, mar om de psychologyske eftergrûn fan in barren, om in sielskonflikt’ (s. 60). As Wadman in psychologyske beskriuwing wurdearret, jout er ornaris net folle argumintaasje: ‘in goed troffen karakter’ (s. 16), ‘psychologysk tige krekt soms’. As er in roman kritisearret wat it psychologysk aspekt oanbelanget, is er meast wat spesifiker: ‘In greate, skerp tekene eftergroun fan it konflikt ûntdekke wy net. En dat is de swakke side fan it forhael’, (s. 28, oer Stoarm oer Fryslân). Konklúzje: it ôfspegelingsargumint is tige wichtich by Wadman, wêrby't it psychologyske aspekt in foarnamer plak ynnimt as it materiële. By him is in roman goed, as it sielelibben goed beskreaun wurdt. | |||||||||||||||||||||||||
1b It abstrahearringsargumintIt dúdlikst omskriuwt Wadman syn idee oer de wearde fan de abstrahearring yn it folgjende sitaat: ‘Men sjocht net alderearst de wide visy, it greate eachweid, dy't de dingen en minsken yn in rekber forbân spanne tusken ierde en God (U. van Houten yn syn Sûnde fan Haitze Holwerda), ek net earst it ironysk beglimkjen fan syn objekten, hoe't | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 307]
| |||||||||||||||||||||||||
se troch it each fan de skriuwer dy frjemde glâns krije, dy't it geheim is fan it skriuwerskip dat him net op 'e realiteit blynstoarret (lykas by R. Brolsma), likemin it flymskerp en filmsgewiis forspringen fan byld ta byld yn opwâljende jeugdoantinkens dy't earst troch langstme en ûnwennichheit de waermte krije dy't harren oars ûntbrekt (N. Haisma), m.o.w. men sjocht net wat sokke skriuwers mei de realiteit dogge en weagje, mar allinnich dy realiteit sels (...)’ (s. 33). En wol faker hat Wadman krityk op skriuwers om't se net los fan 'e realiteit komme: ‘Mar it fizioen bleau wei. Net in kunstner, of it moast Harmen Sytstra west ha’ hied er langer libbe, hat de skiednis as fizioen de kleur, de gloede en de biklamming jown dy't hja krije kin út 'e hannen fan 'e folbloed romanticus' (s. 26); ‘foar it meastepart glydt hy [Sj. van der Schaaf] by de tragyk fan it bistean lâns en bliuwt er hingjen yn it minne of moaie waer’ (s. 69). Oan dit lêste sitaat sjogge wy daliks ek, dat foar Wadman it abstrahearringsargumint net de tsjinhinger is fan it ôfspegelingsargumint, mar dat beide arguminten yn elkoars ferlingde lizze: de werklikheid moat wol korrekt beskreaun wurde, mar de skriuwer moat der net yn hingjen bliuwe, hy moat der wat fan meitsje. En beskate eleminten út 'e werklikheid binne te triviaal om se te beskriuwen. In pear kear kin Wadman in boek priizgje om't de nedige abstrahearring berikt wurdt: ‘Dit dualisme is mei-iens it nijsgjirrichste aspekt fan it boek: it jowt der de dûbelde boaijem oan, dy't de measte Fryske romans, produkten fan in op eigen waernimming, eigen ûnderfining berêstende platte fortelkunst, misse’ (s. 61). Oare kearen lykwols, feroardielet Wadman de skriuwer krekt om't er besiket om boppe de deistige werklikheid út te kommen: ‘it distantiearjen en it bisykjen boppe de stoffe to stean en der wiis om to glimkjen biwiist, dat de skriuwer der dochs noch net alhiel mei yn 't lyk is’ (s. 68) ‘it iderkear wer útgliden nei it algemiene, nei moralisearjende útspraken,’ (s. 78); ‘Hieltyd wer glydt Brolsma hjir út nei it mythyske, it algemiene, it kronykmjittige’ (s. 78). It giet hjir om gefallen dat de skriuwer de saak net yn 'e macht hat. Konklúzje: oer it algemien wurdearret Wadman de abstrahearring tige, salang't de skriuwer der alteast mei omgean kin. Hy easket djipgong: it beskreaune oerflak moat hinnewize nei in djippere laach. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 308]
| |||||||||||||||||||||||||
1c It engaazjemintsargumintIn pear kear ferwyt Wadman in skriuwer in tekoart oan engaazjemint: ‘...it bliuwt earne op healwei stykjen, omt van der Schaaf himsels tofolle bûten skot hâldt...’ (s. 68). Ien kear jout er in positive wurdearring foar de belutsenens fan in skriuwer. ‘De hear Brouwer is sels spiler mei yn it proces dat him ôfspilet tusken syn lêzer en syn lektuer. Hy is partij mei en hy ferget ús op in stânpunt’ (s. 45). In oare kear ferdigenet er in skriuwer tsjin in mooglik ferwyt fan in tekoart oan belutsenens: ‘As Brolsma ûntwykt yn 'e irony en distânsje nimt, mei men dat net op rekken skriuwe fan in to min oan leafde en tagedienens, fan in to min oan ynwindige dielnimming, mar fan stadich oanwinnende reserve foar de yllusy oer’ (s. 76). Konklúzje: de pear kear dat Wadman it engaazjemint neamt, wurdearret er it as in positive eigenskip, en hy ferwyt in skriuwer (Van der Schaal) in tekoart oan engaazjemint. | |||||||||||||||||||||||||
1d It morele argumintIt morele argimint brûkt Wadman allinne yn negative sin, ntl. as er it mei de morele strekking fan in boek net iens is. Dat bart tige dúdlik yn it moai iroanyske besprek fan Biritsen fjûr, dat er op grûn fan de rassistyske strekking (en de ûnwierskynlikens) ôfwiist. Dat der yn in roman morele saken oan 'e oarder steld wurde, wurdearret Wadman posityf: ‘Dat der fragen fan religy en morael oproppen wurde, kin dit boek allinne mar weardefoller meitsje’ (s. 126). Mar tsjin in bepaald soarte fan boargerlike moraal uteret er tige faak syn beswieren: ‘Gebot 7 mei syn aktualiteit net forlern hawwe, gebot 6 bliuwt fan in tûzenris skrikliker aktualiteit. En yn 't bisûnder docht it my sear, dat in Frysk skriuwer mei ûnboargerlike aspiraesjes him tolk makket fan dizze Hollânsk-boargerlike stjerre- en knope-, Van Speyck-Van Heutz-romantyk, dy't yn wêzen mei de romantyk fan de sé neat mear fan dwaen hat’ (s. 117). Konklúzje: de morele strekking fan in boek lit Wadman net kâld; hy wiist in rassistyske, in militaristyske of in boargerlike moraal dúdlik ôf. | |||||||||||||||||||||||||
2a It ekspressive argumintBy it wurdearjen fan de persoanlikheid fan de skriuwer, giet it by | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 309]
| |||||||||||||||||||||||||
Wadman meast om eigenskippen dy't rjochtstreeks mei it skriuwen te krijen hawwe, lykas yntelliginsje, fakmanskip, talint ensfh.: ‘Oan 'e iene kant wurdt frege: feitekennisse, histoaryske yntelliginsje en erudysje, oan 'e oare kant: fantasij, ferteltalint en dramatysk oanfielen’ (s. 25); ‘(...) de foar Fryslân seldsume yntelliginsje dêr't it mei skreaun is (...) (s. 27, oer It Jubeljier fan S. Kloosterman. Krityk hat Wadman op skriuwers, as hja har yn har boeken oars foardogge as dat se binne, lykas Abe Brouwer yn Tusken dea en libben. Ienris feroardielet Wadman de persoanlikheid fan de skriuwer as sadanich: ‘It biwiist fierders in soarte fan krampeftige ûnmacht dat Wiersma syn tinzen oer wrâlds berin, oer de gong fan de maetskippij, oer it wjerfarren fan syn sielen, net oars yn wurden staljaan kin as troch de wei fan allegoryen, abstraksjes [sic], persoanifikaesjes, klisjémetafoaren. It biwiist in ûnmacht oer it libben, as men net de dingen sels forantwurdlik stelle kin, mar foar de oarsaek jimmeroan de ien of oare litteraire omwei siket, dy't bytiden de wet fan de causaliteit op punten slacht’ (s. 93). Konklúzje: It feit dat de persoanlikheid fan de skriuwer yn it boek ta útdrukking komt, is wichtich foar Wadman. Hy wurdearret saken as yntelliginsje, fakmanskip. Einfühlung ensfh.. wêrby't it net altyd dúdlik is wat de ynhâld fan dy begripen is. In skriuwer moat him neffens Wadman net oars foardwaan as dat er is. | |||||||||||||||||||||||||
2b It yntinsjonele argumintOan de (al of net goede) bedoelingen fan in skriuwer wijt Wadman in grut part fan syn earste essay, ‘Apology fan de kritikus’, dêr't er him yn ôfset tsjin de yn Fryslân faak utere opfetting dat in kritikus rekken hâlde moatte soe mei de goede bedoelingen fan in skriuwer, ek al smite dy in min boek op: ‘Der bestiet (...) in (...) misforstân (...) En wol ditte: dat immen as kritikus mear earbied hawwe moatte soe foar de goede en earbere en minske-leavjende bedoelingen fan in skriuwer dy't in min biteard boek leverei’ (s. 9). Ek yn de oare besprekken tsjut er in pear kear oan dat it mei goede bedoelingen net ta kin, û.o.. yn dy fan Tusken dea en libben en Abbingawâld. Konklúzje: Wadman jout tige dúdlik oan, dat de bedoelingen fan de skriuwer foar him net relevant binne, by it beoardieljen fan in boek. Dêrmei is it yntinsjonele argumint foar him dus net fan belang. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 310]
| |||||||||||||||||||||||||
2c It argumint fan de auteurspoëtikaDat argumint komt yn de troch my ûndersochte kritiken fan Wadman net foar. | |||||||||||||||||||||||||
3a It kompositoaryske argumint.Dat Wadman wol ideeën hat oer de komposysje, docht bliken út it folgjende sitaat: ‘It wêzen fan de epyk is de macht om it forhael wikseljend op to driuwen of to forstadigjen. Ljochtbanen to smiten op guon details en oare yn it twilljocht to litten, aksinten to lizzen en oare plakken ôf to dimjen’ (s. 84). Mar in pear kear jout Wadman in positive wurdearring op kompositoarysk gebiet: ‘Sjedêr it ienfâldich gegeven dêr't Liuwe Brolsma in (...) knap folhâlden, lykwichtich (...) forhael fan makke hat’ (s. 30). Ut dy oantsjuttings binne gjin dúdlik kritearia op te meitsjen, mar dy binne wol ôf te lieden út de faker foarkommende negative wurdearringen: ‘(...) dat it It Jubeljier einliken torso bleaun is, in great, machtich, mar ûnfoltôge brok lyryk (...)’ (s. 27), ‘(...) en vn de kar fan syn technysk procédé leit mei-iens de greate fout fan syn boek. Hy docht it neffens it procédé fan de kombinaasje ik-persoan/noutiid’ (s. 45, oer Tusken dea en libben), ‘(...) mar dochs in los gehiel, sûnder goed forbân, sûnder ôfrouning, (...)’ (s. 69, oer Abbingawâld). Konklúzje: it kompositoaryske argumint is wichtich foar Wadman; dêrby leit foar him de klam op 'e ûnderlinge gearhing yn in ferhaal. | |||||||||||||||||||||||||
3b It stilistyske argumintYn it foarste plak hat Wadman nochal ris wat te sizzen oer de kwaliteit fan it Frysk dat de skriuwers brûke. Oan 'e iene kant kritisearret er stiif, nei it Hollânsk útskaaiend taalgebrûk, û.o. yn Swart, mar leaflik, wylst oan 'e oare kant it al te rij brûken fan Frysk idioom, byg. yn Aldfaers groun him ek net noasket. Wat de styl yn eigentlike sin oanbelanget, binne der frijwat opmerkings te finen dêr't troch har algemienens gjin dúdlike kritearia út te heljen binne: ‘(...) “positive” dingen (...), punten fan skientme (...)’ (s. 16), ‘It Jubeljier hie ek in great boek wurde kind, - en is dat as milieutekening en yn syn lyryske elementen ek sûnder mis wurden (...)’ (s. 27), ‘(...) de bitsjoenende biskriuwingen en de prachtich byldzjende tael (...)’ (s. 27), ‘(...) lyryske kwaliteiten (...)’ (s. 28); ‘Wis, folle sfear, | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 311]
| |||||||||||||||||||||||||
gloede en waermte sit der net yn it forhael fan Brolsma Jr.’ (s. 30). As Wadman wat spesifiker op it stylgebrûk yngiet, falt it jin op dat er in grut tal negative wurdearrings brûkt, byg. oer Biritsen fjûr, Elbrich, Abbingawâld, It Aldlân, Aldfaers groun, Swart, mar leaflik en Ta him dyn bigearte. Mar in pear kear is der in positive opmerking oer de styl te finen: ‘Dat dizze skriuwer R. van der Zee talint hat, stiet bûten kiif. Hy skriuwt better, mar op 'e man ôf as ien fan de oare nijere skriuwers yn dit genre’ (s. 56), ‘Dêrút ûntstiet in nochter, mar net droech, minsklik relaes, sûnder pathetyk, in forhael dat mei alle soberheid fan de chroniqueur, dy't ek it hert wit to peilen, mar dêr gjin dogma fan makket, rjocht op syn doel ôfgiet’ (s. 61, oer Elbrich), ‘Tuinstra forstiet de kunst fan “the rest is silence” op foarbyldige wize. (...) Tragyk is oan gjin ien fan dizze forhalen frjemd, mar men fornimt it amper, omt it pathos biwust fan de wurdkar fortard is’ (s. 102), ‘(...) dat mannich skriuwer-mei-de-oarloch-yn-'e-lea der hwat fan leare kin ntl. fan Tuinstra syn Earste keur hwat (...) forantwurde taelgebrûk oanbilanget. Hwant men mei it mei de foarm op in sêft sin sette en tidigje op 'e maklike tofredenheit fan in publyk mei groubonkige bihoeften - it eale skriuwersambacht, groundearre op libben taalbisef, net yn de foarm fan idioomkropjen, mar yn dy fan in forfine technyk, is altyd yn hâldershân’ (s. 104), ‘Faesje en hertstocht bihearskje it boek d.i. Ta him dyn bigearte yn syn bêste einen, en dat is hast oeral dêr't de skriuwster har net driuwe lit op 'e wjukken fan har rhetoryk’ (s. 118). Konklúzje: it stilistysk argumint is tige wichtich foar Wadman; hy makket dêrby benammen dúdlik wêr't er nèt fan hâldt: fan retoryk, patos, tefolle idioom, klisjees, in stjittende styl, ûnhandige beskriuwingen, in studintikoaze toan. | |||||||||||||||||||||||||
4a It emosjonele argumintDat Wadman it emosjonele effekt fan in boek op de lêzer, i.c. de kritikus, relevant achtet foar de beoardieling, docht bliken út 'e folgjende sitaten út syn ‘Apology’: ‘Yn elke krityk (...) skûlet it grammoedich wêzen om de toloarstelling dy't by elts boek, dêr't men fan bûten of op de earste side al oan sjen kin hoe't it is, dochs noch tsjin de klippen oan bistriden wurdt fan forwachtingen. Hy sil bliid wêze mei in goede fynst, en nytlich wurde om skriuwers mislearre kânsen, bliid wêze dat er de ein hast hat. lilk om't er syn tiid fergoaid hat’ (s. 11), ‘In to skôgjen boek rekket de kritikus persoanlik’ (s. 13). Dêrby sil dat effekt fa- | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 312]
| |||||||||||||||||||||||||
ker negatyf wêze as posityf: ‘En nou is it oer 't generael ienris sa, dat in kritius mear rekke is fan in min boek as fan in “ridlik goed” boek’ (s. 13). Oer dat negative effekt seit er yn algemiene sin noch: ‘As er [de kritikus] striidt tsjin it minne boek, dan docht er dat omt er him biledige fielt as lêzer en oantaest, oanfallen yn syn goede forwachtingen fan it libben’ (s. 14). By de emosjonele effekten dy't Wadman ôfkart, heart de kompinsaasjewurking fan in boek: ‘En it boek [Biritsen fjûr] lit him dan ek tige lêze, fral fan âldfammen, “bakfisken” en lju mei in minderweardichheitskomplex yn 't seksuële of yn it heroysk-Germaenske. It is ek spesjael foar sokken skreaun: as treast foar har tokoartkommingen en misse reizen èn om wer moed to krijen’ (s. 24: mei in iroanyske ûndertoan fansels). En fierders hat er it mier oan goedkeap sentimint: ‘hja (...) kinne nei bileaven de siken ynhâlde, suchtsje, laitsje, trieneagje (...)’ (s. 39). Mar inkelde kearen liedt it effekt op 'e lêzer ta in positive wurdearring: ‘Sjedêr it ienfâldich gegeven dêr't Liuwe Brolsma in meinimmend (...) en sympathyk forhael fan makke hat’ (s. 30). ‘It forhael [Stoarm oer Fryslân] hâldt jin fêst...’ (s. 32), ‘En foar my roppe Tuinstra syn sketsen, binammen dy iene, dy't ik fan allegear de bêste achtsje, “Janny en de Maitiid”, iderkear wer in ljochtskyn fan dat paradys op. In sfear, in blink, in glâns, en dochs genôch foar it weromkennen en de wémoed fan it forlern hawwen’ (s. 102). Dat lêste sitaat jout dúdlik oan hoe't Wadman yn dat gefal syn persoanlike emoasjes beskiedend wêze lit foar de wurdearring fan in ferhaal. Konklúzje: It emosjonele effekt fan in boek is in wichtich kritearium foar Wadman Hy giet benammen yn op neffens him ferkearde emosjonele effekten, wêrby't goedkeap sentimint syn grutste antipaty hat. | |||||||||||||||||||||||||
4b It idintifikaasje-argumintDat argumint komt yn it ûndersochte materiaal net foar. | |||||||||||||||||||||||||
4c It didaktyske argumintIn didaktysk argumint soe men sjen kinne yn it folgjende sitaat: ‘En as it [d.i. it protest tsjin de goede bedoelingen] boppedat ek jitte de fordigening blykt te wêzen fan inkelde elemintaire easken fan goede smaek, in fordigening fan de kultuer, dêr't de wrâld har foardiel mei dwaen kin en dy't de geastlike folkssounens to goede komt, dan is dat | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 313]
| |||||||||||||||||||||||||
grif in winst’ (s. 15). Ek al slacht dit op de literêre krityk, ymplisyt jildt dit dochs ek foar de literatuer sels. Wadman sels swakket syn leauwen yn 'e didaktyske wurking fan 'e literatuer daliks al ôf, mei te sizzen: ‘Men moat nammers de winst oan geastlike folkssounens troch litteraire krityk net to heech oanslaen. Meast sil it allinnich in geastlike “elite” wêze dy't fan dy krityk “better” wurdt, en faeks is it dan ek noch mar allinnich in forhastingsproces by in stikmannich lju, dy't mei de kritikus, of tsjin him yn byneed, al lêzende en oardieljende, al sykjendewei eigen wegen gean wolle’ (s. 15). Ienris tsjut er in posityf didaktysk effekt oan: ‘(...) is dit boek fan Poortinga in forromming, omt it in birop docht op intelliginsje en ek sels út in intelliginsje luortkomd is’ (s. 65), en yn twa gefallen hat er in negatyf oardiel: ‘It is in pré te witten hoe't alle Sipke Skeltema's en alle Abe Brouwers en alle Klaes Lêzers har leafdegefoelens op 'e selde banale wize útstammerje?’ (s. 42). ‘Gefaerlik is it [d.w.s. Syn greate kammeraet] dêrom bi nam men foar bern, en dêr is dit boek nettsjinsteande alles dochs ek noch foar ornearre, as men ûnder bern forstean wol de opgroeijende jongerein fan 15 oant 20’ (s. 115). Konklúzje: it didaktyske argumint spilet in lytse rol by Wadman. | |||||||||||||||||||||||||
5a It orizjinaliteitsargumintOan 'e ein fan syn besprek fan It Freark Jabiks folk fersuchtet Wadman: ‘Hawar, in “moderne wyn” troch it hôf fan de Fryske proaza-kunst sil wol (...) in fromme winsk bliuwe (...)’ (s. 38), en yndied, der binne nochal wat boeken dy't er ôfwize moat (ûnder oare) op grûn fan har gebrek oan oarspronklikens, byg. Biritsen fjûr, Stoarm oer Fryslán, Lutske en Hessel Ypma. Ta him dyn bigearte wurdearret er om't de skriuwster in orizjinele oanpak sjen lit: ‘De romantyske driuw liedt har bûten de wenstige paedtsjes dy't de Fryske skriuwer (...) folget (...)’ (s. 118). Hoe wichtich Wadman de orizjinaliteit achtet, docht ek bliken út de folgjende opmerking nei oanlieding fan Lutske: ‘Bitsjut it dat de hear v.d. Zee syn talinten noch altyd biskieden genôch achtet foar dit genre, dan stiet dat to priizgjen, mar dan moat er likegoed fan dy dream ôfholpen wurden en oantrune om byneed in swakker, mar origineler boek to jaen’ (s. 56). Konklúzje: it orizjinaliteitsargumint is wichtich by Wadman: in protte Fryske boeken wiist er ôf op grûn fan it feit dat se ‘it âlde liet | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 314]
| |||||||||||||||||||||||||
op 'e âlde wize’ bringe: hy wurdearret in romanskriuwster dy't orizjineel is yn har psychologyske oanpak. | |||||||||||||||||||||||||
5b It tradysje-argumintDat argumint komt yn de ûndersochte besprekken net foar. | |||||||||||||||||||||||||
5c It relativiteitsargumintWadman brûkt in relativiteitsargumint yn syn beoardieling fan It Jubeljier: ‘De earste - en to'n earsten ek de lêste - concepsje fan in histoaryske roman fine wy yn Simke Kloosterman har “Jubeljier”’ (s. 27). Dat boek is neffens him net wurden wat it wurde kind hie, mar it hat as earste grutte histoaryske roman syn wearde yn 'e Fryske skriftekennisse. Fan Tusken dea en libben kin er, njonken al syn krityk, dochs noch in posityf punt neame yn ferliking mei oare Fryske romans: ‘Der sit faesje yn, dat (...) lykwols foar in Fryske skriuwer in fortsjinste is’ (s. 40). Lutske fan R. van der Zee, in boek dat er ôfwiist om't it sa stereotyp is, wol er noch wol ynskikke as bliken dwaan sil dat it in foaroefening is foar wat orizjinelers: ‘En as it skriuwern fan dit boek op dit thema de utering is fan in foarlopige biskiedenheit, de oefening fan immen dy't him oan in greater, mear bûten de tradysje lizzend ûnderwerp noch net weagje doarst, - wol ik it fan herten akseptearje en wolkom hjitte’ (s. 56). Foar Elbrich fan Ype Poortinga wit er net rjocht op hokker nivo as er it beskôgje moat: op Europeesk nivo kin it net meidwaan, mar it stiicht boppe it Fryske nivo út, en dêrom is er der bliid mei: ‘Mar ek de hiele “Elbrich I” mei al syn tokoarten bliuwt foar my yn de Fryske litteratuer fan nei de oarloch sahwat it earste boek dêr't ik my net lilk om meitsje, dat it der is’ (s. 65). Reinder Brolsma priizget er net om syn skriuwerskwaliteiten mar om't er de earste wie dy't Fryske boereromans skreau. Konklúzje: it relativiteitsargumint spilet yn in beheind tal gefallen in dúdlike rol. As Wadman in Fryske roman goed fynt, is dat meast in betreklik komplimint: sa'n boek is dan goed yn ferhâlding ta de rest fan de Fryske literatuer. | |||||||||||||||||||||||||
EinkonklúzjeUtgeande fan de konklúzjes by de ôfsûnderlike arguminten, kinne wy | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 315]
| |||||||||||||||||||||||||
ta de folgjende rekonstruksje komme fan Wadman syn noarmen yn 'e literêre krityk: in roman (c.q. ferhaal) is goed as er:
It falt noch net ta om hjir in hiërargyske oardering yn oan te bringen. Dúdlik is wol, dat de arguminten dy't te krijen ha mei de auteur (2), de lêzer (4) en oare literêre wurken (5) in minder wichtich plak ynnimme as de oare beide haadskiften. De striid om it foarste plak giet tusken de arguminten dy't te krijen ha mei de werklikheid (1), en dyselden dy't te krijen ha mei it literêre wurk as autonoom gehiel (3). By kwantitative beskôging, d.w.s. as wy sjogge nei it tal sitaten, steane de arguminten dy't te krijen ha mei de werklikheid op it foarste plak, en dêrbinnen de ôfspegelingsarguminten. Kwalitatyf, d.w.s. as wy sjogge nei hoe't Wadman in boek besprekt, falt it selde skift yn 'e prizen. Sawol as Wadman in boek ôfwiist as wannear't er in boek priizget, docht er dat it fûlst as it giet op grûn fan ôfspegelingsarguminten (sjoch foar it iene de konsekwint folhâlden irony fan it besprek fan Biritsen fjûr, en foar it oare it priizgjen fan de psychologyske oanpak yn Elbrich en yn Ta him dyn bigearte). Konklúzje: arguminten dy't te krijen ha mei de werklikheid, en dan benammen ôfspegelingsarguminten, nimme it foarnaamste plak yn by Wadman. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 316]
| |||||||||||||||||||||||||
Hifkjen fan hypoteze en doelstellingsMyn hypoteze wie: ‘Ik ferwachtsje dat de arguminten dy't te krijen ha mei de reiaasje tusken it literêre wurk en de werklikheid - benammen engaazjemints- en morele arguminten - in wichtiger plak ynnimme as de arguminten dy't te krijen ha mei it literêre wurk as autonoom gehiel.’ Lykas wy hjirboppe sjoen ha, is dy hypoteze mar foar in part útkommen. Arguminten dy't te krijen ha mei de relaasje mei de werklikheid nimme yndied it wichtichste plak yn, mar binnen dat skift leit de klam op de ôfspegelingsarguminten. Tagelyk nimme de arguminten dy't te krijen ha mei it literêre wurk as autonoom gehiel in minder ûnbelangryk plak yn as dat ik ferwachte hie, benammen jildt dat fan it stilistyske argumint.
Wat de doelstellings oanbelanget, de earste doelstelling, ntl. om út te finen hokfoar arguminten at Wadman brûkt yn Kritysk konfoai, is berikt. Wat de twadde doelstelling, it besjen fan de ynhâld fan dy arguminten, oanbelanget, diene har twa problemen foar, ntl.
Lykwols haw ik besocht om sa goed mooglik oan te jaan wat neffens my de ynhâld fan de arguminten is. |
|