fan in Beweger. Dêr't de Beweger, cru sein, ien kant útsjocht, oan ien wierheid fêsthâldt, net twivelet en relativearret is de literêre skriuwer immen dy't de minsklike saken, it minsklik bedriuw as relatyf, dûbelsinnich en twivelachtich beskôget.
Men kin sizze dat jo mei jo stellingnimmen en mei jo romans in wichtich paadsljochter west ha foar in Fryske literatuer dy't sa'n bytsje oansluting fûn hat by wat der wat technyske oanpak, styl, tematyk, ûnderwerp, ensfh, yn it ryk fan 'e echte literatuer allegear te keap is. No keart elk stribjen him tsjin himsels as it gjin nivo hat en dus stelden jo en jo maten yn it literêre dat tawurke wurde moast nei in heger literêr nivo, te witten in Europeesk nivo. Jo ha in setsje lyn yn in fraachpetear fêststeld dat dat nivo no noch net berikt is. Mar wat wol sein wurde kin is dat jo romans yn alle gefallen in bêste opstap binne dêrhinne.
De Tsjechyske skriuwer Milan Kundera sjocht de wiere romansier as in ûntdekkingsreiziger yn it bestean. Yn syn definysje is de roman de grutte proazafoarm wêryn't de auteur troch de wei fan eksperimintele ego's (personaazjes) inkele grutte eksistinsjetema's oant op 'e boaiem ûndersiket en hy seit dat de geast fan 'e roman de geast is fan 'e kompleksiteit: elke roman seit tsjin syn lêzer: de saken lizze yngewikkelder as datst tinkst. It is jo fertsjinste dat jo dêr yn jo romans it nedige fan wiermakke ha.
It mei dan wêze dat jo foar it moaie wat tefolle woartele binne yn 'e psychologysk-realistyske tradysje en jo miskien net genôch losmakke ha fan in manier fan skriuwen, in útwurkjen, in staljaan fan jo tema dy't bepaald wurdt troch in nochal, soms sels slim ferstanlike ynslach. Men mei jo faaks oanwriuwe dat jo by it omdollen yn it boargerlik miljeu wolris mear kronikeur as romansier binne, ensfh., ensfh.
Lit dat allegear sa wêze, mar dêr't it by einsluten om giet is dat dêr't in skriuwer yn útblinkt, dat wat de kracht fan syn boeken, syn oeuvre útmakket.
Jo binne ynvintyf op it mêd fan 'e yntrige en de foarm, kundich yn it oproppen en fêsthâlden fan 'e spanning, in sterke kant fan jo skriuwerskip is jo styl, dy't moai pittich en iroanysk is.
Jo binne ôfdaald yn it bestean fan 'e labbekak, fan 'e yntellektueel mei in minderweardichheidsgefoel, fan 'e skuldige minske, jo ha de boereroman parodiearre, jo ha jo mei jo ûntleedmes bûgd oer it boargerlik bestean en dat bestean mei in kritysk each hifke. Jo ha foar de