moat en as yntellektueel de plicht fielt om op te kommen tsjin wat er beskriuwt as ‘rintnierspoëzij’ en ‘winkelmansproaza’ (De Tsjerne, 1946, s. 64). Tsjin wil en tank ‘fan 't folts in bern, [wêze] / Gjin lid dat ek betankje kin’, sa't Obe Postma dat sei (Samle fersen, s. 217).
Al yn it earst publisearre letterkundige produkt fan Wadman komt de ûnûntwynbere plicht dy't it Friezendom him stelt ta utering. Dêr giet it noch om sokssawat ienfâldichs as it iten fan sûpenbrij en wurdt de oerwinning fierd mei de wurden: ‘It wier in toer, dat siz ik jimm' / Mar... 't is nei binnen gien’ (It Forbân, 1935, s. 54).
Suver wat grutsk hat Marten Scholten, de earste konservator fan it FLMD, op in kladsje oantekene dat Anne Wadman dat sûpenbrij-iten yn it Skylger Forbânskamp leard hat, krekt as wie sa oan de eask foldien om derby te hearren.
Yn it gefal fan Wadman hat dat derby-hearren, sa't it liket, wat fan in haat-leafde ferhâlding, in ferhâlding dy't literêr sjoen hiel fruchtber west hat. Oan 'e iene kant wol er folle leaver de bûtensteander wêze, mar oan 'e oare kant kin er it as Fries net litte om de Friezen it mannewaar op te sizzen.
As in didaktikus hast, hat Wadman syn kollega-Friezen sjen litten dat der boereromans binne en boereromans en dat der neist dat soarte ek noch oare romans binne. Hy liket him as ien fan de earsten yn it neioarlochske Fryske skriuwerswrâldsje te realisearjen dat de feroare wrâld om in oare literatuer freget. Wadman wit wat der yn de wrâld, en benammen ek de literêre wrâld, omhear giet en lit dat ek skine.
Hy die dat op sa'n manier dat ek minsken bûten de provinsjegrinzen omtinken joegen oan Frysktalige literatuer. Underwerpen út de taboesfear gyng er dêr net by út 'e wei. Romans as De smearlappen (1963) en As in lyts baeske (1973) binne dêr bekende foarbylden fan.
Ek wat de foarm oangiet, hat Wadman sjen litten dat er wat oandoart. Sa hat er bygelyks yn Tinke oan âlde tiden (1985) in toanielstik ynboud. In fariaasje dy't dy roman in tige libben karakter jout.
It perspektyf dêr't Wadman syn romans út wei skreaun binne, is hast nea auktoriaal. Yn in artikel yn Trotwaer (1986, s. 98-117) komt er sels ta de konklúzje dat de ik-foarm en it personale perspektyf him it bêste lizze: