[Nummer 6]
Fan 'e redaksje
It takennen en útrikken fan de Gysbert-Japicxpriis 1989 wie foar ús as redaksje de oanlieding om dit nûmer te wijen oan de man dy't grif ien fan de bêste en meast alsidige Fryske skriuwers neamd wurde mei: Anne Wadman. De stikken yn dit nûmer binne bydragen dy't op tige koarte termyn levere wurde koene. It sil dúdlik wêze dat Wadman as romanskriuwer en essayist mear omtinken fertsjinnet as yn ien Trotwaer-nûmer oan him jûn wurde kin. Dochs hoopje wy mei dit nûmer wat fan ús wurdearring foar it wurk fan de priiswinder skine te litten.