| |
| |
| |
Steven de Jong
Te min aventoer
Oer: Anne Wadman: De frou yn 'e flesse,
A.J. Osinga Uitgeverij, Drachten/Ljouwert 1988.
Anne Wadman kin men sa stadichoan de heit, nee better noch, de pake fan 'e moderne Fryske literatuer neame. Iksels ha him, sûnder sentiminteel te wurden, altyd as in literêre heit sjoen, no heit, better sein idoal. Hy wie de man dy't it mar oandoarst, taboes trochbrekke en sa. Hy skreau skerpe kritiken, mar hy ferdigene ek tsjin it hiele establishment yn de literêre wearden fan quatrebras. Hy naam it op tsjin 'e oerhearskjende leechlizzers fan ús eksperimintele poëzij.
Tiden hawwe tiden en mei it ferstriken fan 'e literêre puberteit (men wurdt sels heit en krijt de pakeleeftyd) wurde ek idoalen relativearre. Dochs bliuwt de wurdearring. Ik ha my o sa ferdjippe yn ien fan syn bêste boeken, De feestgongers (sj. Trotwaer jiergong 1, nr. 1). Fansels hie ik der wat op te lekskoaien, mar it bleau foar my ien fan 'e hichtepunten fan Wadman.
Jierren wie it stil om Wadman. Wêrom yn 'e frede? Ja, in learaar Nederlânsk hat gjin tiid, wurdt útknypt as in sitroen. Ik wyt it út ûnderfining. Mar ynienen belibbe Fryslân de werberte fan Wadman. It iene boek nei it oare ferskynde. Yn Frysk en frij rûgele it iene besprek nei it oare út syn pinne. Wy meie bliid wêze. Bin ik ek, mar dochs...
Yn Adams harnas. Giet it no oer in loftse of in rjochtse kûp? Nee, oer de striid tusken passy en moraal, lykas yn al Wadman syn boeken. Mar wêrom dan nei Orwell noch sa'n boek? By Tinke oan âlde tiden hie dy heit gjin ynsest hoege te plegen om in fassist te wêzen. De wize dêr't Wadman de kollaborateurs op beskriuwt as lytse, âldfrinzige of steurde figueren hat my ynspirearre ta myn boek De Wuttelhaven del, krekt as De bijekening fan Sjoerd van der Schaaf. Unnoazele of geastlik steurde mantsjes binne net gefaarlik, rju achte yntelliginte idealisten wol. Dat sadwaande.
De frou yn 'e flesse, in heal Fryske, heal Hollânske(?) roman giet as suver al Wadman syn boeken oer passy, de seksuele hertstocht, dy't der ach- | |
| |
ter ús boargerlik jaske sit. Ik sis mei opsetsin ‘ús’, omdat de figueren dy't it point of view (it gesichtspunt fan 'e lêzer) behearskje mei hûd en hier (ek letterlik) by de passy belutsen binne. It ferhaal giet, nettsjinsteande de achterflap, net oer it ûnderwiis. Der wurdt amper foar de klasse stien, der wurdt amper in les taret en in hiel inkelde kear in repetysje neisjoen. It giet oer inkelde persoanielsleden fan it Victor Laurentius-lyceum yn in lyts provinsjestedsje (lit ús mar tinke Snits). It binne net de earste de bêste learkrêften, ofwol de bêste. Dêr is de rektor Dr. C.A. Thomson, dy't in wichtige byrol spilet, dêr is de konrektor, Bram de Boer, dy't ek fan belang is. In grut pronkstik is de biolooch (twa professoraten ôfslein), Dr. Fredericus Karstens. Dan spilet in hiele minne rol doktorandus Bangma, learaar Frysk en Frysk nasjonalist. Dat binne de wichichste byfigueren oan dy skoalle, dy't o sa goed bekend stiet. Wat al dy geleardheid fan dy doktoaren moat, wurdt net hielendal dúdlik.
De haadfiguer is Dr. Janneke Brouwer, learares Nederlânsk. De geleardheid fan Dr. Thomson bestiet derút dat er nei 40 jier houlik syn wiif fuortstjoert en bekent dat er altyd fereale west hat op (fansels de net troude, mûtele, sis seksy) Janneke Brouwer. Dr. Fred Karstens piipsmookt en is o sa humaan foar Janneke oer.
Dr. Janneke Brouwer is ek Frysk skriuwster, se hat in pear ferhalebondels publisearre. Neffens my sil se it op dat mêd net fier skoppe. De earste twa sinnen fan har bondel binne: ‘Soms tink ik: hy hat my wol sketten, de âld nút. At er my sa oansjocht mei ûnder syn boarstelige wynbrauwen dy lytse gleone eachjes, dêr't betiden ûndogense fûnkjes útspatte’. Klisjee, tink ik dan, boppedat rint dy twadde sin net. Dan kin Wadman it better. Mar ja Wadman skriuwt dit boek en dêrom moat ik wol fierder. Goed, earst de plot mar.
| |
De plot
Janneke Brouwer hat in tsjuster ferline mei in probleem. Sy is op sechtjinjierrige leeftyd ferkrêfte (no ja mei eigen goedfinen, mar dochs) troch har idoal en fioelelearaar, de letter wrâldferneamde Terry (= Teade) Koster. It portret fan 'e ferloofde fan Terry, Thea, de notarisdochter, op it nachtkaske nêst it bêd fernimt Janneke pas as de ferblinende koïtus west hat. Terry lit har fansels fuort barste en trout mei de frou mei sinten. Janneke is geastlik sa swier ferwûne dat se de rest fan har libben de fioele mei de stikkene snaren oan 'e muorre yn har
| |
| |
keamer hingje lit. Se trout nea. Pas sechtjin jier letter ferkrêftet (no ja) se út wraak de soan Joop (= Jip) fan Thea en Teade. Se hat ûnderwilens noch in ferhâlding mei de lesbyske Justine Blauw (learares, dy't gjin oarder hâlde kin, mei wrokkige NSB-heit etc.), dy't dramatysk (selsmoard fan Justine) ôfrint. Op it lêst krijt se in minsklike prachtferhâlding mei de sechtjin jier jongere Jip, dy't neffens de boargerlike moraal fan it stedsje fansels net troch de mesken kin. En dat is dan it morele konflikt yn it boek. Sa krije wy dus Jip en Janneke.
Wadman moat sels wol field ha, dat dit dochs in trochsichtich pseudo-freudiaansk nepferhaaltsje wurde soe mei de grutte Oidipous op 'e achtergrûn as mytysk ferlechje.
Jip dan is de twadde haadfiguer. Hy skriuwt in einleaze brief oan syn mem (boppeneamde Thea), dy't er noait sjocht, dêr't er dochs blykber yn leaut (se hat in better ik, side 187), mar dy't har fierder om har ferantwurdlikheden net bekroadet, fûgeltsjes skilderet, en mannen ferliedt (û.o. Dr. Thomson).
Wat moat men no mei dit ferhaal. Is it wol sa serieus, dat men der in wiidweidich besprek oan wije kin? Koartom, hat it wol literêre pretinsjes? Wy sjogge earst mar ris nei de struktuer.
| |
De struktuer
Dy struktuer stiet as in hûs, mar hat hjir en dêr wol grutte ûnwierskynlikheden. Sa freget men jin ôf wat de ik-figuer fan 'e Fryske stikken (= Janneke) no eigentlik skriuwt, in deiboek of ien fan har ferhalen. Foar in deiboek steane der gjin data etc. by en foar in ferhaal is it te deiboekachtich. Wadman makket it point of view wol sa direkt mooglik, mar bekroadet him net om de logika derfan. Sa praat de skriuwer fuort al troch de wurden fan Janneke hinne, want wat froumins seit no fan harsels: ‘Fiif en tritich jier jong, dokter yn 'e letteren, fiks en kant fan lea, lit it wêze justjes oan 'e mûtele kant’ etc. (5). Dit is fansels de eksposysje fan 'e persoan oan 'e lêzer, mar it komt tige ûnnatuerlik oer.
Itselde jildt foar Jip, dy't yn syn opblaasd pubernederlânsk de skriuwer syn (muzikale) erudysje relativearret: ‘Die David Borovsky vooral, de cellist. Propvol muzikantemopjes in z'n krom half-Russich taaltje, met Engels aangelengd. Noe als te blyksem ien de bus na Golgotha, said te hoboïst toen ze hun zoveelste Weihnachtsoratorium d'r
| |
| |
hadden doorgejaagd in Klazienaveen of Goirle Nassau’ (16). Oer Mahler: ‘te pathetisch, een beetje ziekelijk-nerveus, exhibitionistisch, die ouwe Weense Gustav. Te gekompliceerd van psychische struktuur, in de dekadentie van de negentiende-eeuwse Habsburgerij blijven steken. Enzovoort...’ (153). Boppedat sit dat taaltsje fan Jip my foar sels in puber fierstente fol mei klote, shit, kelere en oare fersliten krachtklisjees.
Wadman wol sa graach de lêzer mei de noas (no ja de eagen) op 'e siel fan de haadfigueren drukke, dat er de logika farre lit. Om my hie dat hjir net hoegd. Lit de skriuwer gewoan fertelle wat er fertelle wol en lit de haadfigueren har eigen gedachten en wurden brûke. Dêr wurdt alles folle natuerliker fan. Ik leau net yn 'e point of viewdogmatyk fan Wadman. In boek is in boek en dêr kin in skriuwer yn fertelle. Mar wol de skriuwer al yn de hûd fan 'e haadfigueren krûpe, dan sil er him oanpasse moatte en net syn figueren nei himsels ferfoarmje, lykas er dat mei Jip docht en yn mindere mate mei Janneke, mar dy is dan ek doktor yn 'e letteren en skriuwt Frysk. (Tusken skraskes: ik bin fan betinken, dat Wadman yn it Nederlânsk justjes te forsearre oerkomt, jou my de Fryske skriuwer mar.) Wat natuerliker wurdt it as de skriuwer ûnderskate figueren noch wat brieven skriuwe lit.
De Rick-figuer, Jip (sj. De ziener fan Vestdijk), wol Frysk leare by Janneke. Dat wyt Wadman foar my op gjin inkele wize oannimlik te meitsjen. Mar ja, dat sil wol as grap bedoeld wêze, want de skriuwer hâldt fan grapkes stiet der op 'e achterflap. Dat hiele ferhaal fan Jip is ien lange brief oan syn mem, dy't er noait sjocht en dy't har ek net om him bekroadet. It is fansels mooglik, mar my oertsjûget dizze keunstgreep net.
| |
De psychology
De psychology is de motor dy't de hiele yntrige ferklearret. Dy rint as in trein, der is gjin spjelde tusken te krijen. Allinne it ferhaal wurdt der sa trochsichtich en (slimmer) foarspelber fan.
Janneke wurdt ferkrêfte (no ja) troch har idoal Teade. Sechtjin jier letter nimt se wraak troch Teade syn soan (Jip) te ferkrêftsjen. Janneke is troch har grutte geheim seksueel út it lykwicht slein en dat ferklearret har net trouwen, har lesbyske ferhâlding mei Justine Blauw en letter har ferhâlding mei Jip, har soan en frijer tagelyk (Oidipous). Har ferhâlding mei Thomson (se hiene in protte grapkes, mar gongen noait
| |
| |
te fier) is ek oannimlik. Dat Thomson dan stikem sljocht op har is, falt fan in heterofyl wol te ferwachtsjen. Dat sy in 30 jier âldere man ôfwiist, is wol wat húchelachtich yn dit gefal mar skoan te begripen, no't se Jip achter de hân hat. Dat Janneke har âlde skoech Thomson nei har wêzentlike rivale Thea tastjoert, is dan fanselssprekkend, likegoed as dat se yn wêzen lilk is as Thomson dêrop yngiet.
De iennichste ferrassing oan it slot is de metamorfoaze fan Thomson yn in lytsboargerlike bangeskiter (169) en fan Bram de Boer fan in streberke yn in romtinkende konrektor, dy't boppe himsels útgroeit (175). Mar dizze metamorfoazen dogge my krekt even te keunstmjittich oan. Krekt as it beslút fan B. en W. om Janneke mei sykteferlof te stjoeren. Yn 'e 50-er en 60-er jierren soe dat noch kinne, mar ein 70-er begjin 80-er jierren (wannear spilet dit boek winliken?) nee. Sels it CDA soe hjir net optrede, dat is allang bliid as it persoaniel fan in iepenbiere skoalle seksueel op in minne namme leit. Mar krekt dit beslút fan B. en W. en it falle litten fan Janneke troch Thomson bringt it meast dramatyske konflikt tusken it minsklike en it moralistyske (om it samar te neamen), mar ek sa'n konflikt is yn wêzen klisjee.
| |
De moraal
It is fansels sa, dat it ferkrêftsjen troch in learares fan 32 fan in learling fan 16 (minderjierrich) der juridysk net op troch kin, mar ja, it bleau geheim en der wie winliken neat bard as in siedútstoarting yn 'e ûnderbroek (19). Doe't Jip en Janneke echt mei inoar op bêd gongen, wie Jip al 19 en dus folwoeksen.
Dochs is der it Grutte Noarmenboek. Dat sille dan de noarmen fan 'e lytsboargerlike mienskip yn it stedsje wêze. It is in âldfrinzich noarmenboek, (alteast literêr) en de taboes wat dat oanbelanget binne al tiden lyn trochbrutsen (yn Fryslân û.o. troch De smearlappen). Wadman hat it oer ‘de sedige, achtenearre, bejeftige learares’ (7). Dan wyt de lêzer fuort hoe let at it is. ‘Zo nu en dan waren we gevaarlijk op het randje.’ ‘Hoe lang noch freegje ik my net sûnder soarch ôf. Want sels in frou is mar in frou’ (111). No dat duorret dan oan side 152 ta. En dan? ‘Ze leven nog lang en gelukkig’ mei of sûnder mekoar (stiet der net, mar dêr komt it op del). Myn segen ha se, mar dit boek sit dochs wol sa fol mei typyske Wadman stereotypen dat men jin soms ôffreget oft Wadman in parody op himsels skriuwe wolle hat.
| |
| |
Och it boek is flot skreaun en it lêst ‘lekker weg’ en men priuwt de master op 'e achtergrûn, mar it bliuwt in lyts dinkje der tuskentroch, yn 'e trein of foar 't sliepen gean en dan set men it by de sammele wurken fan Wadman. Want dat bliuwt wichtich: fan in skriuwer as Wadman mei gjin tittel of jota ferlern gean. As ik nochris yn 'e FUT gean, hoopje ik in djipgeande stúdzje oer Wadman te skriuwen. Dit boek sil dan koart behannele wurde, want ik kom hjir te gau mei de kop tsjin 'e boaiem
| |
Plak yn 'e literatuer
Wadman soe men neffens dit boek by de naturalisten rekkenje kinne, d.w.s. hy giet út fan in teory oer it hâlden en dragen fan in minske. Dy teory wurdt beskaat troch (echte of sabeare) wittenskiplike wetten. By de naturalisten wiene dat wetten fan miljeu en erflikheid, by Wadman binne dat djiptepsychologyske Freudiaanske wetten. In minske hat gjin frije wil en is dêrom net te feroardieljen. No ja, dit sil ik wol oerdriuwe, mar dit boek is my te foarspelber. De haadfigueren steane te bot boppe de problemen of dogge sabeare. Alle kulturele, Fryske of muzikale ferskynsels wurde sa krampachtich relativearre, dat men suver oan soere druven tinke moat, alteast oan in trúk, dy't om my net hoecht. (Skriuw dan in essay.)
Sels skriuw ik it leafst oer problemen dêr't ik net útkom, want dan kin it boek foar de skriuwer in ferrassing wêze en miskien foar de lêzer ek. Men kin dan de mist yngean fansels, mar sa is it aventoer. Yn dit boek fan Wadman sit gjin aventoer. Wadman soe ris wat romantysker wêze moatte, wat poëtysker miskien en mearkes of symboalyske ferhalen skriuwe, om myn part as parody.
|
|