Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 280]
| |
[pagina 281]
| |
Pyrrhus nei Pyrrhusfoarby al it wetter
fan de oséanen reizgje:
efter alle nullen
yn 'e heabergen wenje:
en dan alle ferlerne slaggen
fermannichfâldigje mei ien oerwinning:
in moarn nei in swiete nacht
doe't men in sok kwyt wie
| |
[pagina 282]
| |
Sûnder kaartfoar b. tusken dyn teannen
dyn opstutsen hier
socht ik de kerl
fan 't witten
(ek)
yn dyn earen
eagen
noas
mûle
nâle
(ek)
doalhôven
wiisden as paadwizers
oer de lânkaart fan dyn liif
doe spjalte it tredde each
de iris fan 't bestean
yn de wintertún dy't fonkjend
teraande yn ljisk en obelisk
|
|